Taalferoardering Frysk De Fryske Marren

Geldend van 19-01-2017 t/m heden

Intitulé

Taalferoardering Frysk De Fryske Marren

De ried fan de gemeente De Fryske Marren

lêzende it útstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan dd.25 oktober 2016,nûmer 2016/083

mei it each op artikel 5, earste lid, fan de Wet gebrûk Fryske taal;

beslút om fêst te stellen de Taalferoardering Frysk De Fryske Marren

Artikel 1: Begrypsbepalingen

  • 1. Yn dizze feroardering wurdt ferstien ûnder meartaligens: kar foar de iene of de oare taal; de Nederlânske óf de Fryske taal;

  • 2. Yn dizze feroardering wurdt ûnder gemeenteorganen ferstien: de ried, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, de boargemaster, de heffingsambtner en de ynfoarderingsambtner en ek de persoanen dy't ûnder harren ferantwurdlikheid wurkje.

Artikel 2: Taalkar

  • 1. Elkenien kin de Fryske of de Nederlânske taal brûke yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei bestjoersorganen.

  • 2. De bestjoersorganen kieze yn begjinsel foar meartaligens. Fan dat útgongspunt wurdt ôfwykt as:

    • a.

      it bestjoersorgaan dêr yn in konkreet gefal foar kiest;

    • b.

      by skriftlike kommunikaasje mei nije ynwenners (yn it Nederlânsk);

    • c.

      by publikaasje fan parseberjochten (yn it Nederlânsk);

  • 3. By de taalkar yn in spesifike sitewaasje hâlde de bestjoersorganen rekken mei it stribjen om de posysje fan de Fryske taal yn harren wurkgebiet te fersterkjen.

Artikel 3: Skriftlik ferkear

  • 1. Of it moat wêze dat it gebrûk fan de Nederlânske of Fryske taal foarskreaun is, oars binne bestjoersorganen frij yn de kar oft hja in skriftlik stik opstelle yn de Fryske taal, de Nederlânske taal, of yn beide talen.

  • 2. De taalkar yn in troch bestjoersorganen ûntfongen stik is bepalend foar de taalkar fan, troch of út namme fan harren op te stellen korrespondinsje.

  • 3. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders stimulearret dat de troch har of ûnder har ferantwurdlikens opstelde stikken en stikken rjochte oan de gemeenteried yn de Fryske taal steld wurde.

  • 4. Oars as yn artikel 3, lid 1 brûke bestjoersorganen de Fryske taal by it opstellen fan korrespondinsje mei oerheden dêr't de gemeente in yntinsjeferklearring oangeande it gebrûk fan it Frysk yn it skriftlike ferkear mei sletten hat.

Artikel 4: Oersetregeling

  • 1. Yn it gefal in skriftlik stik yn de Fryske taal opsteld is, stelt it bestjoersorgaan tagelyk in oersetting yn de Nederlânske taal beskikber .

  • 2. De oersettingen wurde op fersyk fergees levere.

  • 3. Yn it gefal fan ynterpretaasjeferskillen is de tekst yn it oarspronklike stik beskiedend.

Artikel 5: Mûnling ferkear

  • 1. By klantkontakten is de taalkar fan de klant liedend. Dit jildt yn it bysûnder foar klantkontakten yn de earste line.

Artikel 6: Beleidsplan

  • 1. De gemeente De Fryske Marren hat in beleidsplan oangeande de Fryske taal en Kultuur. Hjiryn binne de kaders fan it belied fêstlein.

Artikel 7: Slotbepalingen

  • 1. Dizze feroardering giet yn op de dei nei't er bekend makke is.

  • 2. Dizze feroardering kin oanhelle wurde as 'Taalferoardering Frysk De Fryske Marren'.

Ondertekening

Sa fêststeld yn de iepenbiere gemeenteriedsgearkomste fan 23 novimber 2016.
F.Veenstra, foarsitter H. van Dijk-Beekman, griffier.

Taljochting

Algemiene taljochting

Mei de ynfiering fan de Wet gebrûk Fryske taal binne de mooglikheden foar it brûken fan it Frysk yn it (formele) rjochtsferkear en it (formele) bestjoerlike ferkear fersterke. De wet seit yn artikel 2 dat it Frysk en it Nederlânsk oanmurken wurde as twa offisjele talen yn de provinsje Fryslân.

Frysk as minderheidstaal yn Europeesk perspektyf

Yn ferskate ynternasjonale ferdragen is de posysje fan de Friezen en it Frysk as offisjele taal erkend. Nederlân hat yn it earste plak it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (Trb. 1993, 1 en 199; 1998, 20) oanfurdige. Mei dit Hânfêst hat it Nederlânske regear himsels ferplichte it Frysk as twadde offisjele taal yn de provinsje Fryslân te befoarderjen en yn stân te hâlden. It Hânfêst is foar Nederlân op 1 maart 1998 yn wurking treden. Boppedat hat Nederlân op 16 febrewaris 2005 it Kaderferdrach ynsake de beskerming fan nasjonale minderheden (Trb. 1995, 73 en 197) ratifisearre, wernei’t it op 1 juny foar ús lân yn wurking treden is. By goedkar fan it wetsfoarstel ta ratifikaasje fan it ferdrach hawwe regear en parlemint oerienstimming berikt dat it Ramtferdrach allinnich fan tapassing wêze sil op de Friezen yn Nederlân. De Wet gebrûk Fryske taal beheint him (derom) ta it Frysk en it Nederlânsk. Ek de feroardering beheint har ta dizze twa offisjele talen.

Feroardering en beleidsplan.

De Wet gebrûk Fryske taal skriuwt foar dat de yn de provinsje Fryslân festige bestjoersorganen dy’t net ta de sintrale oerheid hearre[1], regels opstelle foar it gebrûk fan de Fryske taal yn skriftlike stikken en yn it mûnlinge ferkear (tegearre: it bestjoerlik ferkear). De regels moatte yn elts gefal in omskriuwing befetsje rjochte op it fersterkjen fan de posysje fan de Fryske taal yn it wurkgebiet fan it bestjoersorgaan dat it oangiet (artikel 5, lid 2 fan de wet). Foar de bestjoersorganen fan gemeenten wurde dizze regels by feroardering fêststeld. Derneist moatte de bestjoersorganen in beleidsplan oer it gebrûk fan de Fryske taal opstelle (artikel 5, lid 2 fan de wet).

[1] Utsein de gemeenten Flylân, it Amelân, Skylge, Skiermûntseach en Weststellingwerf (artikel 5, lid 3 fan de wet)