Regeling vervallen per 01-12-2017

Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan 'e gemeente Ferwerderadiel

Geldend van 01-10-2001 t/m 30-11-2017

Intitulé

Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan 'e gemeente Ferwerderadiel

De ried fan de gemeente Ferwerderadiel;

lêzen it útstel fan boargemaster en wethâlders dd. 28 augustus 2001, nûmer 13/85.01;

yn omtinken nimmende dat it brûken fan de Fryske taal yn it offisjele fer-kear stipe wurdt troch de gemeente Ferwerderadiel;

omtinken jaande oan kêst 147 lid 1 fan de Gemeentewet;

omtinken jaande oan kêst 2:9 lid 1 fan de ‘Algemene wet bestuursrecht’;

Kêst 1 Definysjes

Yn dizze oardering wurdt ferstien ûnder:

twataligens

:

kar foar de Nederlânske of de Fryske taal.

bestjoersorganen

:

de gemeenterie, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de boargemaster.

Kêst 2 Berik fan de oardering

Dizze oardering regelt it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken fan de gemeente Ferwerderadiel.

Kêst 3 Rjocht fan de taalkar

De bestjoersorganen hawwe it rjocht om te kiezen foar it brûken fan de Fryske taal, foar safier’t dat rjocht net beheind wurdt troch wetlike bepalings.

Kêst 4 Taalkar

De bestjoersorganen kieze foar it begjinsel fan twataligens.

Kêst 5 Kritearia taalkar

By de taalkar wurdt yn alle gefallen rekken hâlden mei:

  • a.

    De taalkarkritearia sa ’t dy dellein binne yn kêst 2:10 fan de ‘Algemene wet bestuurs-recht’.

  • b.

    It belang om deselde taal te brûken as dêr ’t it bestjoersorgaan yn oanskreaun is (folgjend taalbelied).

  • c.

    De kontinuïteit fan de taalkar.

  • d.

    De bestimming fan de dokuminten.

  • e.

    De konsiderâns fan ôfdieling 2.2 fan de Algemene wet bestuursrecht: ‘groter gewicht toe te kennen aan de beginselen van gelijke behandeling en gelijkwaardigheid van de Friese taal in de provincie Fryslân’.

Kêst 6 Oersettingsregeling

  • 1.

    Is in dokumint yn de Fryske taal steld, dan jout it bestjoersorgaan op fersyk in Nederlânsktalige oersetting.

  • 2.

    By in wiermerke Nederlânske oersetting fan stikken dy 't allinnich yn de Fryske taal steld binne, jout de oarspronklike Fryske tekst, yn gefal fan ynterpretaasjeferskillen, de trochslach.

Kêst 7 Unbarmhertichheidsklausule

Yn bysûndere omstannichheden wêrby 't de tapassing fan dizze oardering nei de miening fan in bestjoersorgaan ta ûnridlikens laat, kin it bestjoersorgaan motivearre ôfwike fan it bepaalde yn 'e oardering.

Kêst 8 Slotbepalings

  • 1.

    Dizze oardering giet yn op 1 oktober 2001

  • 2.

    Dizze oardering kin oanhelle wurde as ‘Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan 'e gemeente Ferwerderadiel'.

Ondertekening

SA
fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Ferwerderadiel fan 20 septimber 2001.
,foarsitter.
,siktaris.