Feroardering oangeande it brûken fan de Fryske en de Nederlânske taal mei en troch de bestoersorganen fan de provinsje Fryslân

Geldend van 20-11-2014 t/m heden

Intitulé

Feroardering oangeande it brûken fan de Fryske en de Nederlânske taal mei en troch de bestoersorganen fan de provinsje Fryslân

Feroardering fan 17 desimber 2014 fan Provinsjale Steaten fan Fryslân, hâldende regels oangeande it gebrûk fan de Fryske en de Nederlânske taal yn it bestjoerlike ferkear mei en troch bestjoersorganen fan de provinsje Fryslân

PROVINSJALE STEATEN FAN FRYSLAN Sjoen hawwend it útstel fan Deputearre Steaten d.d. 23 septimber 2014

Mei it each op kêst 145 fan de Provinsjewet en kêst 5 fan de Wet gebrûk Fryske taal;

yn acht nommen hawwend dat de offisjele talen yn de provinsje Fryslân it Frysk en it Nederlânsk binne en it winsklik is om de posysje fan de Fryske taal yn it ferkear mei bestjoersorganen fan de provinsje Fryslân te boargjen;

beslute

fêst te stellen de Feroardering oangeande it brûken fan de Fryske en de Nederlânske taal mei en troch de bestjoersorganen fan de provinsje Fryslân.

Kêst 1 – Begripsbepalings

Yn dizze feroardering wurdt ferstien ûnder:

  • a.

    Bestjoersorganen: Provinsjale Steaten, Deputearre Steaten en de Kommissaris fan de Kening fan de provinsje Fryslân, en ek de ûnder harren ferantwurdlikens wurksume persoanen.

  • b.

    Wet: de Wet gebrûk Fryske taal.

Kêst 2 – Taalkar

  • 1 Elkenien kin de Fryske of de Nederlânske taal brûke yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei bestjoersorganen.

  • 2 De taalkar yn in troch bestjoersorganen ûntfongen stik is bepalend foar de taalkar fan, troch of út namme fan harren op te stellen korrespondinsje;

  • 3 Oars as lid twa brûke bestjoersorganen de Fryske taal by it opstellen fan korrespondinsje mei gemeenten, dêr’t de provinsje Fryslân in yntinsjeferklearring oangeande it gebrûk fan it Frysk yn it skriftlik ferkear mei sletten hat.

  • 4 Wat dy gemeenten oanbelanget dy’t net ûnder lid trije falle, stribje bestjoersorganen dernei om teminsten 25% fan de troch, of út namme fan harren op te stellen korrespondinsje yn de Fryske taal te stellen.

  • 5 It foargeande lid is net fan tapassing as it de bestjoersorganen fan de gemeenten it Amelân, Skiermûntseach, Skylge, Flylân en Weststellingwerf oanbelanget.

Kêst 3 – Gebrûk fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear mei Provinsjale Steaten

  • 1 Deputearre Steaten soargje derfoar dat teminsten 25% fan de troch har of ûnder har ferantwurdlikens opstelde stikken en stikken rjochte oan Provinsjale Steaten yn de Fryske taal steld is.

  • 2 Alle jierren rapportearje Deputearre Steaten oan Provinsjale Steaten oer it resultaat fan de yn it earste lid neamde ferplichting.

Kêst 4 – Taalkar yn skriftlike stikken

  • 1 Of it moat wêze dat it gebrûk fan de Nederlânske of Fryske taal foarskreaun is, oars binne bestjoersorganen frij yn de kar oft hja in skriftlik stik opstelle yn de Fryske taal, de Nederlânske taal of yn beide talen.

  • 2 Deputearre Steaten soargje derfoar dat yn alle gefallen de neifolgjende stikken yn de Fryske taal opsteld wurde:

    • a.

      De provinsjale begrutting;

    • b.

      De provinsjale jierstikken, en

    • c.

      Beliedsnota’s.

  • 3 In stik yn de Fryske taal wurdt tagelyk yn de Nederlânske taal opsteld as it:

    • a.

      Ornearre of mei ornearre is foar bûten de provinsje Fryslân fêstige bestjoersorganen of bestjoersorganen fan de sintrale oerheid; of

    • b.

      Algemien ferbinende foarskriften of beliedsregels ynhâldt.

  • 4 It bekendmeitsjen, meidielen of op ynsjen lizzen fan in stik lykas bedoeld yn it tredde lid bart yn alle gefallen ek yn de Nederlânske taal, of it moat wêze dat ridlikerwize oannommen wurde kin dat dêr gjin ferlet fan is.

Kêst 5 – Oersettings nei it Nederlânsk en it Frysk

  • 1 Mei behâld fan iennich wetlik foarskrift dat dêr in beheining oan jout, jouwe bestjoersorganen op fersyk in oersetting yn de Nederlânske of Fryske taal.

  • 2 De bestjoersorganen kinne foar it oersetten in fergoeding fan op syn meast de kosten freegje.

  • 3 Foar it oersetten nei it Nederlânsk kin gjin fergoeding frege wurde, as it skriftlik stik:

    • a.

      De notulen fan de gearkomste fan in fertsjintwurdigjend orgaan is en:

      • it belang fan de fersiker streekrjocht by it notulearre belutsen is, of

      • de fêststelling fan algemien ferbinende foarskriften of beliedsregels oanbelanget; of

    • b.

      Giet oer in beslút of oare hanneling wêrby’t de fersiker belanghawwende is;

    • c.

      In stik lykas neamd yn kêst 4, twadde lid, oanbelanget.

  • 4 Yn it gefal fan ynterpretaasjeferskillen is de tekst yn it oarspronklike stik beskiedend.

Kêst 6 – Beliedsplan

Provinsjale Steaten stelle op foardracht fan Deputearre Steaten en yn oanfolling op it bepaalde yn dizze feroardering in beliedsplan fêst oangeande it gebrûk fan de Fryske en de Nederlânske taal, lykas bedoeld yn de Wet.

Kêst 7 – Ynlûken feroardering

De Oardering oangeande it skriftlik brûken fan de Fryske en de Nederlânske taal (Provinciaal Blad 2000, no. 75) wurdt ynlutsen.

Kêst 8 – Siteartitel

Dizze feroardering wurdt oanhelle as ‘Feroardering oangeande it brûken fan de Fryske en de Nederlânske taal mei en troch de bestjoersorganen fan de provinsje Fryslân’.

Kêst 9 – It yngean

Dizze feroardering giet yn op de tredde dei nei publikaasje yn it Provinsjaal Blêd.

Ondertekening

Ljouwert, 12 novimber 2014
Foarsitter J.A. Jorritsma
Griffier A. Oortgiesen