Regeling vervallen per 01-06-2017

Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Tytsjerksteradiel

Geldend van 01-07-2001 t/m 31-05-2017

Intitulé

Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Tytsjerksteradiel

De gemeenterie fan Tytsjerksteradiel,

yn omtinken nimmende dat it brûken fan de Fryske taal yn it offisjele ferkear stipe wurdt troch de gemeente Tytsjerksteradiel;

omtinken jaande oan artikel 147 lid 1 fan de Gemeentewet;

omtinken jaande oan ôfdieling 2.2 en yn it bysûnder artikel 2:9 lid 1 fan de Algemene wet bestuursrecht;

beslút:

om de neikommende oardering oer it brûken fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Tytsjerksteradiel fêst te stellen.

Artikel 1: definysjes

Yn dizze oardering wurdt ferstien ûnder:

  • -

    twataligens: kar foar de Nederlânske of de Fryske taal;

  • -

    bestjoersorganen: gemeenterie, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, en de boargemaster;

Artikel 2: berik fan de oardering

Dizze oardering regelt it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken fan de gemeente Tytsjerksteradiel.

Artikel 3: rjocht fan taalkar

De bestjoersorganen hawwe it rjocht om te kiezen foar it brûken fan de Fryske taal, foar safier't dat rjocht net beheind wurdt troch wetlike bepalings.

Artikel 4: taalkar

De bestjoersorganen kieze foar it begjinsel fan twataligens.

Artikel 5: kritearia taalkar

By de taalkar wurdt yn alle gefallen rekken hâlden mei:

  • a.

    de taalkarkriteria sa’t dy dellein binnen yn artikel 2:10 fan de Algemiene wet bestjoersrjocht;

  • b.

    it belang om deselde taal te brûken as dêr't it bestjoersorgaan yn oanskreaun is (folgjend taalbelied);

  • c.

    de kontinuïteit fan de taalkar;

  • d.

    de bestimming fan de dokuminten;

  • e.

    de konsiderâns fan ôfdieling 2.2 fan de Algemene wet bestuursrecht: "groter gewicht toe te kennen aan de beginselen van gelijke behandeling en gelijkwaardigheid van de Friese taal in de provincie Friesland."

Artikel 6: oersettingsregeling

  • 1. Is in dokumint yn de Fryske taal steld, dan jout it bestjoersorgaan op fersyk in Nederlânsktalige oersetting.

  • 2. Foar in oersetting as bedoeld yn it earste lid wurdt in fergoeding frege.

  • 3. By in wiermerke Nederlânske oersetting fan stikken dy’t allinnich yn de Fryske taal steld binne, jout de oarspronklike Fryske tekst, yngefal fan ynterpretaasjeferskillen, de trochslach;

  • 4. It bedrach fan de fergoeding wurdt berekkene op grûn fan bepalings út de leezjes-oardering, mar mei net mear wêze dan de kosten.

  • 5. In oersetting as bedoeld yn it earste lid, wurdt fergees jûn as it giet om:

    • a.

      de notulen fan de gearkomste fan in fertsjintwurdigjend orgaan, en it belang fan de fersiker streekrjocht belutsen is by wat notulearre is, of de notulen fan in fertsjintwurdigjend orgaan, as yn dy notulen algemien ferbinende foarskriften of beliedsregels fêststeld binne.

    • b.

      in beslút of oare hanneling wêrby't de fersiker belanghawwende is.

Artikel 7: hurdheidsklausule

Yn bysûndere omstannichheden werby’t de tapassing fan dizze oardering nei de miening fan in bestjoersorgaan ta ûnridlikens laat kin it bestjoersorgaan motivearre ôfwike fan it bepaalde yn’e oardering.

Artikel 8: slotbepalings

  • 1. Dizze oardering giet yn op 1 july 2001;

  • 2. Dizze oardering kin oanhelle wurde as "Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Tytsjerksteradiel".

Ondertekening

Sa fêststeld troch de gemeenterie fan Tytsjerksteradiel op 31 maaie 2001,

foarsitter
siktaris

Taljochting it artikel.

Artikel 1:

Dit artikel jout definysjes foar begripen dy't net omskreaun binne yn de Algemene wet bestuursrecht.

Artikel 2:

Yn dit artikel wurdt de wurking fan de oardering oanjûn. Der binne twa begrinzings. Yn it foarste plak jildt de oardering allinnich foar de gemeente. Der wurde dus gjin regels steld dy't fan betsjutting binne foar de taalkar fan boargers. Yn de Algemene wet bestuursrecht binne dêr wol bepalings oer opnommen. It doel fan de oardering is lykwols rjochtswissens te bieden oan boargers yn de omgong mei bestjoersorganen. It is dus saak om sa dúdlik mooglik te omskriuwen hoe't de gemeente mei it Frysk omgiet.

Yn it twadde plak jildt de oardering allinnich foar it skriftlik ferkear. It mûnling ferkear is in saak fan "normale wederkerende tegemoetkomendheid", sa't dat ek al neamd waard yn it einrapport fan de Kommisje Kingma Boltjes yn 1953. Dêrneist binne yn artikels 2:7 en 2:8 fan de Algemene wet bestuursrecht regels opnommen oer it mûnling ferkear.

Krekt mei it skriftlik ferkear hingje rjochten en ferplichtings gear. Yn artikel 2:9 fan de Algemene wet bestuursrecht wurdt oan de yn de provinsje Fryslân festige bestjoersorganen dy't net ta de sintrale oerheid hearre, dan ek eksplisyt it foech jûn om regels te stellen foar it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken.

Artikel 3:

De bestjoersorganen fan in gemeente binne: de gemeenterie, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, en de boargemaster. Under artikel 1 is dit nochris oanjûn dat it om dizze organen giet. Under de definysje fan bestjoersorganen yn de Algemene wet bestuursrecht falle ntl. ek de yn Fryslân festige, by mienskiplike regeling ynstelde iepenbiere lichems en mienskiplike organen. It rjocht fan in frije taalkar kin beheind wurde troch wetlike bepalings. Dêrûnder wurde formeel wetlike bepalingen ferstien, lykas artikel 2:10 en 2:11 út de Algemene wet bestuursrecht.

Artikel 4:

Yn 'e diskusje oer it Frysk yn it bestjoerlik ferkear spilet de fraach oft foar twataligens of dûbeltaligens keazen wurde moat. Twataligens docht rjocht oan it begjinsel fan lykweardigens, mar freget wol in bewuste kar yn eltse situaasje. Dûbeltaligens jout in konkurrinsjeferhâlding en it kostet mear tiid en jild om alles yn twa talen op te stellen.

Yn de Algemene wet bestuursrecht bliuwt de mooglikheid iepen foar beide stelsels. Wurdt der keazen foar dûbeltaligens dan hoege artikel 5 en 6 net opnommen te wurden, om't by dûbeltaligens gjin taalkar makke wurde hoecht en gjin oersettingsregeling nedich is. Alle dokuminten wurde dan skreaun yn it Nederlânsk én yn it Frysk.

De kar foar ien fan de alternativen is tagelyk in kar foar ien fan de beide stelsels. Yn dit artikel is keazen foar it begjinsel fan twataligens.

Artikel 5:

Yn it oarspronklike wetsútstel fan de Algemene wet bestuursrecht wiene algemiene rjochtlinen opnommen dy't yn grutte halen oanjouwe mei hokker faktoren rekken hâlden wurde moat by it meitsjen fan in taalkar. Dizze algemiene rjochtlinen binne út de úteinlike wetstekst skrast omdat yn artikel 2:10 al inkelde mear twingende noarmen opnommen binne foar it skriftlik gebrûk fan de Fryske taal yn it bestjoerlik ferkear. Yn de taljochting fan it ministearje fan Binnenlânske Saken (opnommen yn de nota nei oanlieding fan it ferslach fan de twadde keamerfraksjes) wurdt steld dat hja der fanút geane dat de Fryske gemeenten en wetterskippen dy't in taalkaroardering opstelle, dêrby rekken hâlde mei de earder neamde algemiene rjochtlinen. Omdat dizze algemiene rjochtlinen ek oanslute by de besteande praktyk yn Fryslân hawwe wy se opnommen yn de oardering. Tegearre mei artikel 2:10 foarmje se in goede basis foar de taalkar.

De oardering giet út fan de algemien akseptearre útgongspunten foar regeljouwing oer it brûken fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear, nammentlik de lykweardigens en lykberjochtiging fan it Frysk en it Nederlânsk as talen fan it offisjele ferkear yn Fryslân. Yn artikel 5, lid e binne dizze útgongspunten dellein en dêrmei ek it útgongspunt fan dizze modeloardering: it ferbetterjen fan de posysje fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear troch it fieren fan in eksplisyt taalbelied.

Artikel 6:

In oersettingsregel is wichtich foar de rjochtsbeskerming fan net-Frysktaligen. As der sprake is fan in belanghawwende of algemien ferbinende foarskriften is de oersetting fergees. Yn alle oare gefallen kinne gemeenten sels beslute oft hja al of net in fergoeding freegje foar in oersetting.

Artikel 7:

Omt der sitewaasjes wêze kinne weryn’t it net ridlik is sjoen de omstannichheden om fêst de hâlden oan it bepaalde yn’e oardering is der foar keazen om dizze hurdheidsklausule op te nimmen. Der soene ommers omstannichheden wêze kinne weryn’t in bestjoersorgaan ôfwike wol fan it begjinsel fan twataligens en in stik dûbeltalich nei bûten bringe wol. Der soene ek omstannichheden wêze kinne weryn’t neffens de regels fan’e oardering in fergoeding foar in oersetting op syn plak is, mar dit yn it konkrete gefal net frege wurde mei. Yn alle gefallen moat it gean om bysûndere omstannichheden dy’t harren net fan te foaren yn in regel fetsje litte en werby’t sprake wêze sil fan ûnridlikens wannear’t de oardering tapast wurdt. It bestjoersorgaan sil har oardiel hjiroer jaan moatte en sil de ôfwiking fan’e oardering motivearje moatte.

Artikel 8:

Dit artikel is algemien en jout gjin oanlieding ta op- of oanmerkings.