Regeling vervallen per 31-12-2022

Besluit van gedeputeerde staten van provincie Fryslân houdende regels omtrent subsidie (Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân)

Geldend van 18-02-2021 t/m 08-06-2021

Intitulé

Besluit van gedeputeerde staten van provincie Fryslân houdende regels omtrent subsidie (Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân)

Uitvoeringsregeling van 1 juli 2014, houdende regels betreffende de subsidiëring van activiteiten op het terrein van Kultuer & Mienskip.

Gedeputeerde Staten van Fryslân,

gelet op artikel 1.3, vierde lid, van de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2013;

overwegende dat het wenselijk is om uitvoering te geven aan de beleidsnota “Grinzen Oer”,

besluiten:

vast te stellen de Subsidieregeling kultuer en mienskip Fryslân:

Haadstik 1 Algemiene bepalings

Kêst 1.1 Begrypsbepalings

  • a.

    aktive kultuerpartisipaasje: alle foarmen fan it aktyf beoefenjen en artistyk ûntwikkeljen fan kultuer yn de frije tiid, dus bûten skoalle en wurk;

  • b.

    ASV: Algemiene subsydzjeferoarering provinsje Fryslân 2013;

  • c.

    boppelokaal belang: it doelpublyk omfiemet ynwenners fan mear gemeenten;

  • d.

    boppelokaal festival: festival mei gemeentegrins oerstiigjende provinsjale, nasjonale of ynternasjonale besikersstream yn kombinaasje mei nasjonale of ynternasjonale festivalprogrammearring;

  • e.

    breedtesport: sport, gjin topsport, dy’t troch alle lagen fan de befolking op amateurbasis beoefene wurde kin;

  • f.

    erkende sport: sport dêr’t in sportbûn foar is dy’t by it NOC*NSF oansletten is;

  • g.

    erfgoed: materieel likegoed as ymmaterieel erfgoed yn de provinsje Fryslân;

  • h.

    fakdosint: in persoan mei in foech dy’t autorisearre is om in spesifyk fak oan learlingen te ûnderwizen;

  • i.

    festival: tydlike, net oan in fêst plak bûn en iepenbier tagonklik, periodyk weromkommend barren mei in boppelokaal berik, wêrby’t in rige fan muzyk-, toaniel- of oare keunst- en kultueruterings sintraal stiet;

  • j.

    Fryske sporten: Keatse, Fierljeppe, Skûtsjesile, Damjen Frysk spul, skoallereedride en de Fryske hynstesport;

  • k.

    Fryske taal en Frysktalich: it Frysk en in yn Fryslân aktyf brûkte Fryske streektaal;

  • l.

    Frisistyk: wittenskip dy’t de Fryske taal en kultuer bestudearret;

  • m.

    Iepenloftspul: Frysktalige (muzyk)teaterproduksje, of in (muzyk)teaterproduksje yn in Fryske streektaal dy’t yn de iepen loft is yn de perioade maaie oant oktober fan in jier;

  • n.

    jongereinliteratuer: literatuer yn boekfoarm dy’t him troch styl, ynhâld en tematyk op de jongerein fan 12 oant 16 jier rjochtet;

  • o.

    lesoere: de tydsienheid wêryn’t in beskaat fak ûnderwiisd wurdt;

  • p.

    media-,byldzjende keunst- en letterefestival: in festival mei as kearnaktiviteit presintaasjes op it mêd fan media, byldzjende keunst en letteren, mei dêryn begrepen it sprutsen wurd, of in mingfoarm dêrfan;

  • q.

    meartaligens: it brûken fan it Frysk en op syn minst ien oare taal;

  • r.

    novelle: in proazaferhaal fan beheinde omfang, mei in ienfâldige struktuer en in lyts tal personaazjes;

  • s.

    personielskosten: kosten yn ferbân mei it ynhieren of it brûken fan betelle personiel, besteande út direkte en yndirekte leankosten of in oare jildlike fergoeding;

  • t.

    play-off wedstriden: wedstriden nei ôfrin fan de reguliere kompetysje fan de feriening, mei ien fan de neikommende doelen: útmeitsje wa’t of hokker team (fan it lân) kampioen wurdt; útmeitsje wa’t of hokker teams promovearje of degradearje; útmeitsje wa’t of hokker team talitten wurdt yn in ynternasjonale kompetysje;

  • u.

    poadiumkeunsten: artistike disiplines dy’t op in poadium beoefene wurde;

  • v.

    poadiumkeunstefestival: in festival mei as kearnaktiviteit útfierings op it mêd fan muzyk, dûns, teater, of in mingfoarm dêrfan;

  • w.

    PO profyl: profyl A o/m G lykas foar it primêr ûnderwiis fêstlein yn de beliedsregel foar it krijen fan ûntheffing foar it fak Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis;

  • x.

    profesjoneel: útfierenden binne toankeunstner en hâlde harren beropsmjittich dwaande mei de produksje fan poadiumkeunsten;

  • y.

    publikaasje: publisearre oarspronklik, literêr wurk yn papieren, digitale of auditive boekfoarm, of in senario fan in tv-searje, film of toanielstik dat útstjoerd of opfierd is;

  • z.

    sekundêre literatuer: teksten dy’t ferwize nei of in synteze meitsje fan literêr of wittenskiplik wurk;

  • aa.

    sportclinic: in wurkwinkel mei as doel minsken yn de kunde komme te litten mei in beskate sport of mear feardichheden by te bringen;

  • bb.

    sportevenemint: wedstriid, toernoai of oare beweechaktiviteiten op sportmêd, organisearre troch in sportferiening, stichting of oare organisaasje;

  • cc.

    topsport: sport op nasjonaal of ynternasjonaal prestaasjenivo of profesjonele sport;

  • dd.

    útjefte-oerienkomst: oerienkomst tusken auteur en útjouwerij oangeande de eksploitaasjerjochten op de publikaasje dêr’t op syn minst de bepalings oer it royaltypersintaazje en de lisinsje yn oerienkommen binne, sa’t dat bygelyks regele is yn it Modelcontract GAU/VvL foar de útjefte fan oarspronklik Nederlânsktalich literêr wurk;

  • ee.

    útjouwerij: rjochtspersoan dy’t op kontinu basis bedriuwsaktiviteiten út ‘e wei set foar de útjefte fan literêre wurken;

  • ff.

    útkeaporganisaasje: organisaasje dy’t it risiko fan programmearjen fan foarstellings nimt;

  • gg.

    VO: fuortset ûnderwijs, besteande út vmbo, havo en vwo. 

  • hh.

    VO profyl: profyl A t/m D lykas foar it fuortset ûnderwiis fêstlein yn de beliedsregel foar it krijen fan ûntheffing foar it fak Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis;

Haadstik 2 Fryske taal

Paragraaf 2.1 Frysktalige literatuer

Kêst 2.1.1 Doel

It subsydzje hat te’n doel om it skriuwen fan oarspronklike Frysktalige fiksje, non-fiksje en toanielstikken te befoarderjen.

Kêst 2.1.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar it skriuwen fan:

  • a.

    oarspronklike Frysktalige literatuer dy’t him rjochtet op bern of jongerein fan 6 oant en mei 16 jier;

  • b.

    de earste Frysktalige publikaasje fan in skriuwer of de earste Frysktalige publikaasje fan in skriuwer yn in foar dy skriuwer nij literêr sjenre;

  • c.

    oarspronklike Frysktalige sekondêre literatuer;

  • d.

    in yn de Nederlânske, Ingelske of Dútske taal skreaun wittenskiplik wurk oer in ûnderwerp dat mei de frisistyk anneks is en dat ek yn de Fryske taal ferskynt;

  • e.

    in oarspronklik Frysktalich toanielstik.

Kêst 2.1.3 Doelgroep

  • 1 Subsydzje foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder a oant en mei d, wurdt inkeld en allinne oan natuerlike persoanen beskikber steld.

  • 2 Subsydzje foar de aktiviteit bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder e, wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan rjochtspersoanen mei folslein rjochtsfoech dy’t harren rjochtsje op it produsearjen of opfieren fan toaniel.

Kêst 2.1.4 Oanfraachperioade

  • 1 In oanfraach foar subsydzje kin ynstjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

  • 2 Subsydzje-oanfragen wurde wegere as dy ynkommen binne bûten in perioade dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe.

Kêst 2.1.5 Oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearrre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 2.1.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    de hichte fan it frege subsydzje net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • b.

    it projekt nei it oardiel fan Deputearre Steaten yn organisatoaryske, finansjele of technyske sin net helber is.

  • c.

    de oanfreger foar in aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder a, al earder foar sa’n soarte fan aktiviteit subsydzje krigen hat, mar de oanbelangjende publikaasje noch net publisearre is.

  • d.

    de aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.1.2 yn ‘e tiid fan ûntfangst fan de oanfraach al foar mear as tweintich prosint klear is.

  • e.

    de aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.1.2, útsein ûnderdiel d, wurdt wegere as, yn it gefal fan in meartalige útjefte, de aktiviteit foarsjocht yn in skriuwen fan minder as 50% yn de Fryske taal.

Kêst 2.1.7 Hifkingskriteria

  • 1 Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder a, jildt dat om foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen, oan de neikommende kritearia foldien wurdt:

    • a.

      de oanfreger hat, wannear’t de oanfraach yntsjinne wurdt, op syn minst ien Frysktalich boek of publikaasje publisearre op grûn fan in útjefte-oerienkomst;

    • b.

      de oanfreger hat in oerienkomst of yntinsjeferklearring mei in útjouwer sletten foar útjefte fan it wurk dat mei de oanfraach ferbân hâldt, en

    • c.

      de publikaasje is by it fêststellen fan it subsydzje noch net ferskynd.

  • 2 Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder b, jildt dat om foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen, oan de neikommende kritearia foldien wurdt:

    • a.

      wannear’t de oanfraach yntsjinne wurdt, hat de oanfreger op syn minst trije Frysktalige stikken, dy’t in ûnôfhinklike redaksje beoardiele hat, publisearre op in Frysk literêr platfoarm op ynternet of yn in tydskriftfoarm;

    • b.

      de oanfreger hat in oerienkomst of yntinsjeferklearring sletten mei in útjouwer foar de útjefte fan it wurk dêr’t de oanfraach mei ferbân hâldt, en

    • c.

      de publikaasje is by it fêststellen fan it subsydzje noch net ferskynd.

  • 3 Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder c en d jildt dat om foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen, oan de neikommende kritearia foldien wurdt:

    • a.

      de oanfreger hat, wannear’t er de oanfraach yntsjinnet:

      • 1°.

        op syn minst ien Frysk- of Nederlânsktalich wurk yn it sjenre sekundêre literatuer op grûn fan in útjefte-oerienkomst of in oar sekundêr wurk oer de Fryske literatuer publisearre; of

      • 2°.

        op syn minst ien Frysk- of Nederlânsktalige dissertaasje publisearre oer in ûnderwerp dat mei de frisistyk ferbân hâldt; of

      • 3°.

        op syn minst trije Frysk- of Nederlânsktalige stikken publisearre yn in wittenskiplik medium.

    • b.

      de oanfreger hat in oerienkomst of yntinsjeferklearring sletten mei in útjouwer foar útjefte fan it wurk dat mei de oanfraach ferbân hâldt, en

    • c.

      de publikaasje is by it fêststellen fan it subsydzje noch net ferskynd.

  • 4 Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder e jildt dat om foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen, de aktiviteit útfierd wurdt troch in auteur dy’t oanwiisbere ûnderfining hat op it mêd fan it skriuwen fan Frysktalige teksten.

Kêst 2.1.8 Hichte subsydzje

  • 1 Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder a, bedraacht it subsydzje € 7.500.

  • 2 Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder b, bedraacht it subsydzje € 5.000.

  • 3 Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder c en d, bedraacht it subsydzje € 10.000.

  • 4 Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder e, bedraacht it subsydzje € 2.000.

Kêst 2.1.9 Ferdielsystematyk aktiviteiten kêst 2.1.2, ûnder a oant en mei d

[vervallen]

Kêst 2.1.10 Ferdielsystematyk aktiviteiten kêst 2.1.2

  • a.

    Subsydzje foar aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.1.2, wurde ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen. Dêrby jildt dat de datum fan ynkommen de datum is dat de oanfraach folslein is.

  • b.

    Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 2.1.11 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

  • 1 Oan de subsydzjeferliening wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder a en b, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it boek binnen twa jier nei de datum fan it fêststellen fan it subsydzje yn de hannel brocht is en it boek te krijen is by boekhannels dy’t by de Koninklijke Boekverkopersbond oansletten binne of op in algemien tagonklik plak op ynternet of as lûdsdrager te krijen is.

  • 2 Oan de subsydzjeferliening wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder c en d, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it boek binnen fjouwer jier nei de datum fan it fêststellen fan it subsydzje yn de hannel brocht is en it boek te krijen is by boekhannels dy’t by de Koninklijke Boekverkopersbond oansletten binne of op in algemien tagonklik plak op ynternet of as lûdsdrager te krijen is.

  • 3 Oan de subsydzjeferliening wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder e, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it toanielstik binnen twa jier nei de datum fan it fêststellen fan it subsydzje troch in toanielferiening yn de provinsje Fryslân opfierd wurdt.

Kêst 2.1.12 Prestaasjeferantwurding

  • 1 It subsydzje wurdt fêststeld sûnder dat oan de beskikking ta subsydzjefêststelling in beskikking ta subsydzjeferliening foarôfgiet.

  • 2 De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, nei in yn de beskikking neamde termyn, sjen dat de aktiviteit dêr’t subsydzje foar beskikber steld is, útfierd is troch it oerlizzen fan ien eksimplaar fan de oanbelangjende boektitel of de tekst fan it toanielstik.

  • 3 Yn it gefal fan de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder e, ferklearret de subsydzjeûntfanger yn oanfolling op it foargeande lid, nei in yn de beskikking neamde termyn, dat it toanielstik opfierd is.

Paragraaf 2.2 Oersetten en bewurkjen fan literatuer

Kêst 2.2.1 Doel

It subsydzje hat as doel om it oersetten fan oarspronklike Frysktalige fiksje, non-fjiksje en toanielstikken te befoarderjen of it redigearjen of korrizjearjen fan oarspronklike Frysktalige fiksje te befoarderjen.

Kêst 2.2.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:

  • a.

    it oersetten fan oarspronklike Frysktalige fiksje en non-fiksje yn in oare taal;

  • b.

    it oersetten fan oarspronklik net-Frysktalige fiksje en non-fiksje yn it Frysk;

  • c.

    it oersetten fan in manuskript fan in noch net ferskynd boek nei it Frysk;

  • d.

    it oersetten en bewurkjen fan in toanielstik yn de Fryske taal;

  • e.

    it redigearjen of taalkundich korrizjearjen fan nije oarspronklike Frysktalige fiksje.

Kêst 2.2.3 Doelgroep 

Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld:

  • a.

    foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.2.2. ûnder a, b en c: oan in erkende útjouwer of in organisaasje dy’t him foar it meastepart dwaande hâldt mei de Fryske taal of dy’t as erkende streektaalorganisaasje tsjinnet;

  • b.

    foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder d: oan in rjochtspersoan mei folslein rjochtsfoech fan wa’t de aktiviteiten meastepart op toaniel rjochte binne.

Kêst 2.2.4 Oanfraachperioade

  • 1 In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

  • 2 Subsydzje-oanfragen wurde wegere, as dy ynkommen binne bûten in perioade dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe.

Kêst 2.2.5 Oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 2.2.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    de aktiviteit ek sûnder subsydzje útfierd wurde kin;

  • b.

    de hichte fan it subsydzje dêr’t om frege is net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • c.

    it projekt nei it oardiel fan Deputearre Steaten yn organisatoaryske, finansjele of technyske sin net te ferwêzentlikjen is;

  • d.

    de subsydzjeferliening derta liedt dat mear as twa oanfragen fan deselde oanfreger tagelyk subsidiearre wurde salang’t de oanbelangjende publikaasjes noch net publisearre binne;

  • e.

    de boektitel of it toanielstik al yn de oanbelangjende taal oerset is;

  • f.

    de aktiviteit dy’t oanfrege is gjin subsidiabele aktiviteit is as bedoeld ûnder kêst 2.2.2.

Kêst 2.2.7 Hifkingskritearia

  • 1 Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder a, b en c jildt dat de oersetting útfierd wurdt troch in by it Nederlands Genootschap van Tolken en Vertalers of by de Auteursbond oansletten oersetter of troch in oersetter dy’t al ien selsstannige literêre oersetting makke hat neffens it modelkontrakt fan de Groep Algemene Uitgevers en de Auteursbond.

  • 2 Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder d, jildt dat de oersetting útfierd wurdt troch immen dy’t oanwiisbere ûnderfining hat op it mêd fan it oersetten fan Frysktalige teksten.

  • 3. Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder e, jildt dat it redigearjen of taalkundich korrizjearjen troch in profesjonele redakteur of korrektor útfierd wurdt.

Kêst 2.2.8 Hichte subsydzje

  • 1 Foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder a oant en mei c, bedraacht it subsydzje € 0,08 it wurd, mei in maksimum fan € 7.500.

  • 2 Foar de aktiviteit, as bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder d, bedraacht it subsydzje € 0,08 it wurd, mei in maksimum fan € 1.500.

  • 3. Foar de aktiviteit, as bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder e, bedraacht it subsydzje € 0.02 it wurd, mei in maksimum fan €2000

Kêst 2.2.9 Ferdielsystematyk 

  • 1 Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen.

  • 2 Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 2.2.10 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

  • 1 Oan de subsydzjeûntfanger wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder a oant en mei c en e, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it boek binnen in jier nei de datum fan it fêststellen fan it subsydzje yn de hannel brocht is en it boek te krijen is by boekhannels dy’t by de Koninklijke Boekverkopersbond oansletten binne of op in algemien tagonklik plak op ynternet of as lûdsdrager te krijen is.

  • 2 Oan de subsydzjeferliening wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.2.2 ûnder d yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it toanielstik binnen twa jier nei de datum fan fêststellen fan it subsydzje troch in toanielferiening yn de provinsje Fryslân opfierd wurdt.

Kêst 2.2.11 Prestaasjeferantwurding

  • 1 It subsydzje wurdt fêststeld sûnder dat oan de beskikking ta subsydzjefêststelling in beskikking ta subsydzjeferliening foarôfgiet.

  • 2 De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, nei in yn de beskikking neamde termyn, sjen dat de aktiviteit dêr’t subsydzje foar beskikber steld is, útfierd is troch it oerlizzen fan ien eksimplaar fan de oanbelangjende boektitel.

  • 3 Yn it gefal fan de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder d, ferklearret de subsydzjeûntfanger yn oanfolling op it foargeande lid, nei in yn de beskikking neamde termyn, dat it toanielstik opfierd is.

Paragraaf 2.3 Frysk mediafûns

[ferfalle]

Paragraaf 2.4 Promoasje Frysktalige boeken

Kêst 2.4.1 Doel

It subsydzje hat te’n doel om de promoasje fan Frysktalige fiksje en non-fiksje te befoarderjen.

Kêst 2.4.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin foar aktiviteiten foar de promoasje fan it Fryske boek beskikber steld wurde.

Kêst 2.4.3 Doelgroep

Subsydzje wurdt oan natuerlike persoanen en rjochtspersoanen beskikber steld.

Kêst 2.4.4 Oanfraachperioade

  • 1 In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

  • 2 Subsydzje-oanfragen wurde wegere as dy ynkommen binne bûten in perioade dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe.

Kêst 2.4.5 Oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 2.4.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    de hichte fan de frege subsydzje net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • b.

    it projekt nei it oardiel fan Deputearre Steaten yn organisatoaryske, finansjele of technyske sin net helber is.

Kêst 2.4.7 Hifkingskritearium

Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen, is de aktiviteit nei it oardiel fan Deputearre Steaten sadanich opset dat ridlikerwiis ferwachte wurde mei dat de te subsidiearjen aktiviteiten realistysk útfierd wurde sille en de yn kêst 2.4.1 omskreaune doelstelling helle wurde sil.

Kêst 2.4.8 Subsidiabele kosten

Foarsafier needsaaklik en gaadlik komme alle kosten foar subsydzje yn ’e beneaming, útsein de kosten dy’t yn kêst 2.4.9 neamd wurde.

Kêst 2.4.9 Net subsidiabele kosten

De neikommende kosten komme yn alle gefallen net foar subsydzje yn ’e beneaming:

  • a.

    kosten dy’t makke en betelle binne foar it yntsjinjen fan de oanfraach;

  • b.

    ferbliuwskosten;

  • c.

    kosten dy’t ferbân hâlde mei de útjefte fan in boek;

  • d.

    net-spesifisearre kosten.

Kêst 2.4.10 Hichte subsydzje

It subsydzje bedraacht de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 2.250.

Kêst 2.4.11 Ferdielsystematyk

  • 1 Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen. Dêrby jildt dat de datum fan ynkommen de datum is dat de oanfraach folslein is.

  • 2 Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 2.4.12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

 De skriftlike kommunikaasjemiddels, rjochte op it publyk, wurde yn alle gefallen yn de Fryske taal steld.

Kêst 2.4.13 Prestaasjeferantwurding

  • 1 It subsydzje wurdt fêststeld sûnder dat oan de beskikking ta subsydzjefêststelling in beskikking ta subsydzjeferliening foarôfgiet.

  • 2 De subsydzje-ûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, nei in yn de beskikking neamde termyn, sjen dat de aktiviteit dêr’t subsydzje foar beskikber steld is, útfierd is en hoe’t oan de ferplichtings foldien is dy’t mei de subsydzjefêststelling anneks binne.

Paragraaf 2.5 Frysk taalgebrûk

Kêst 2.5.1 Doel

It subsydzje hat ta doel om de sichtberens en it hearren fan de Fryske taal yn it iepenbiere libben en de publike romte yn Fryslân te fergrutsjen.

Kêst 2.5.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin foar de neikommende aktiviteiten beskikber steld wurde:

  • a.

    aktiviteiten dy’t de sichtberens en it hearren fan de Fryske taal struktureel en foar langere tiid yn de Fryske mienskip oanwiisber fergrutsje en dêrmei de posysje fan dy taal ferstevigje;

  • b.

    it ûntwikkeljen fan oarspronklike Frysktalige kommunikaasjemiddels, bedoeld foar it publyk;

  • c.

    it oersetten fan besteande kommunikaasjemiddels rjochte op it publyk, nei de Fryske taal.

Kêst 2.5.3 Doelgroep

Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan:

In ûndernimming, stichting, ynstelling of in feriening mei folslein rjochtsfoech, dy’t yn Fryslân kantoar hâldt of Fryslân as wurkgebiet hat.

Kêst 2.5.4 Oanfraachperioade

  • 1 In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

  • 2 Subsydzje-oanfragen wurde wegere as dy ynkommen binne bûten in perioade dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe.

Kêst 2.5.5 Oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 2.5.5 a Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    de hichte fan it frege subsydzje net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • b.

    it projekt nei it oardiel fan Deputearre Steaten yn organisatoaryske, finansjele of technyske sin net helber is;

  • c.

    de oanfreger earder al foar deselde aktiviteit subsydzje krige hat;

  • d.

    der in oare provinsjale subsydzjeregeling is op grûn wêrfan ’t foar de aktiviteit subsydzje oanfrege wurde kin.

Kêst 2.5.6 Hifkingskritearia

  • 1 Om foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen moat in oanfraach nei it oardiel fan Deputearre Steaten foldwaan oan de neikommende kritearia.

    De aktiviteit:

    • a.

      moat bydrage oan de beliedsdoelstellings fan de provinsje;

    • b.

      moat bedoeld wêze foar publyk tagonklike romten, tsjinsten of ynformaasje;

    • c.

      is gjin aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.1.2 of kêst 2.2.2 fan dizze regeling.

  • 2 [vervallen]

Kêst 2.5.7 Subsidiabele kosten en hichte fan it subsydzje

  • 1 Foarsafier’t it needsaaklik en gaadlik is, komme alle kosten foar subsydzje yn ‘e beneaming, útsein de kosten dy’t yn kêst 2.5.7 a neamd wurde;

  • 2 De hichte fan it subsydzje bedraacht maksimaal 80% fan de subsidiabele kosten de aktiviteit, mei in minimum fan € 250,- en in maksimum fan € 3000,-.

  • 3 Oars as yn twadde lid bedraacht de hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.5.2, ûnderdiel c, € 0,20 it wurd, mei in minimum fan € 100,- en in maksimum fan € 1000,-.

Kêst 2.5.7.a Net subsidiabele kosten

Mei behâld fan wat yn kêst 1.10 fan de Asv 2013 stiet komme kosten foar it ûntwikkeljen en ûnderhâlden fan websiden en apps en sa net foar subsydzje yn ‘e beneaming.

Kêst 2.5.8 Ferdielsystematyk

  • 1 Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen. Dêrby jildt dat de datum fan ynkommen de datum is dat de oanfraach folslein is.

  • 2 Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

  • 3 Oan in oanfreger wurdt op syn heechst ienris yn in kalinderjier subsydzje foar deselde aktiviteit beskikber steld.

Kêst 2.5.9 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

  • 1 Oan de subsydzjeûntfanger kinne by it beskikber stellen fan it subsydzje ferplichtings oangeande de fersprieding en it berik fan it kommunikaasjemiddel oplein wurde.

  • 2 As it subsydzje ferbân hâldt mei in aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.5.2, ûnderdiel a en c, dan wurdt oan de subsydzjeûntfanger yn alle gefallen de ferplichting oplein dat it kommunikaasjemiddel op syn minst foar de oarspronklike doelgroep sichtber wêze moat, salang’t it ûnderwerp dêr’t it ferbân mei hâldt aktueel is.

  • 3 As it subsydzje slacht op in aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.5.2, ûnderdiel c, wurdt oan de subsydzjeûntfanger yn alle gefallen de ferplichting oplein dat it materiaal op syn minst twa jier nei de beskikking ta fêststelling fan it subsydzje yn stân hâlden wurde moat.

  • 4 De teksten oersette te litten troch in oersetter dy’t betûft is yn it Frysk, of der yn alle gefallen foar te soargjen dat de teksten yn geef Frysk en sûnder skriuwflaters te lêzen binne.

Kêst 2.5.10 Prestaasjeferantwurding

  • 1 It subsydzje wurdt direkt fêststeld en yn ien kear útbetelle.

  • 2 De subsydzjeûntfanger lit, as dêrom frege wurdt, nei in yn de beskikking neamde termyn sjen dat de oersetaktiviteit dêr’t subsydzje foar beskikber steld is, útfierd is troch it tastjoeren fan it oersette kommunikaasjemiddel of in ferwizing nei it digitale fynplak fan it oersette middel, en hoe’t foldien is oan de ferplichtings dy’t mei it fêststellen fan it subsydzje anneks binne.

  • 3 As it subsydzje beskikber steld is foar oare saken as oersetaktiviteiten, dan moat de yn in twadde lid bedoelde ferantwurding mei it tastjoeren fan yn de beskikking neamde stikken stal krije.

Paragraaf 2.6 Útjaan Frysktalige literatuer

Kêst 2.6.1 Doel

It subsydzje hat te’n doel om it útjaan fan oarspronklike Frysktalige fiksje en non-fiksje te befoarderjen.

Kêst 2.6.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar it útjaan fan in papieren, digitaal of audityf boek yn de Fryske taal.

Kêst 2.6.3 Doelgroep

Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan in erkende útjouwer of in organisaasje dy’t him foar it meastepart dwaande hâldt mei de Fryske taal of dy’t as streektaalorganisaasje tsjinnet.

Kêst 2.6.4 Oanfraachperioade

  • 1 In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

  • 2 Subsydzje-oanfragen wurde wegere as dy ynkommen binne bûten in perioade dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe.

Kêst 2.6.5 Oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 2.6.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    de hichte fan it frege subsydzje net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • b.

    it projekt nei it oardiel fan Deputearre Steaten yn organisatoaryske, finansjele of technyske sin net helber is;

  • c.

    de oanfreger earder al foar sa’n aktiviteit subsydzje krigen hat, mar de oanbelangjende publikaasje net publisearre is;

  • d.

    de oanfreger foar in aktiviteit, as bedoeld yn kêst 2.6.2, yn it rinnende kalinderjier al foar tolve boektitels subsydzje krigen hat.

Kêst 2.6.7 Hifkingskritearia

Om foar subsydzje yn de beneaming te kommen, wurdt foldien oan de neikommende kritearia:

  • 1.

    Der wurdt gebrûk makke fan it modelkontrakt fan de Groep Algemene Uitgevers en de Auteursbond of, fan in kontrakt dat op it modelkontrakt basearre is.

  • 2.

    De boektitel is net earder yn de foarm dêr’t subsydzje foar frege wurdt, útjûn.

  • 3.

    As de oanfraach in papieren útjefte oanbelanget, wurdt allinne mar subsydzje jûn as de útjefte in minimumoplage hat fan:

    • a.

      250 eksimplaren foar ferhalebondels, fiksje-, non-fiksje-, berne- en jongereinboeken;

    • b.

      100 eksimplaren foar dichtbondels.

  • 4.

    As de oanfraach in papieren útjefte yn in streektaal oanbelanget, wurdt allinne mar subsydzje jûn as de útjefte in minimumoplage hat fan:

    • a.

      125 eksimplaren foar ferhalebondels, fiksje-, non-fiksje-, berne- en jongereinboeken;

    • b.

      50 eksimplaren foar dichtbondels.

  • 5.

    Yn ôfwiking fan it earste lid, kin de oanfreger by syn oanfraach oantoane dat de rjochten fan de auteur op oare wize goed fêstlein binne.

Kêst 2.6.8 Hichte subsydzje

It subsydzje bedraacht:

  • a.

    Foar de publikaasje fan fiksje en non-fiksje yn boekfoarm: € 2.000;

  • b.

    Foar de publikaasje fan in audityf of digitaal boek: € 1.600;

  • c.

    Foar de publikaasje fan in dichtbonde: € 1.000;

  • d.

    Foar de publikaasje fan in novelle: € 1.000,-.

Kêst 2.6.9 Ferdielsystematyk

  • 1 Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen. Dêrby jildt dat de datum fan ynkommen de datum is dat de oanfraach folslein is.

  • 2 Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 2.6.10 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

Oan de subsydzjeûntfanger wurdt yn alle gefallen de ferplichting oplein dat:

  • a.

    it boek binnen in jier nei de datum fan de subsydzjefêststelling yn de hannel brocht is en it boek by boekhannels dy’t oansletten binne by de Koninklijke Boekverkopersbond te krijen is;

  • b.

    foarsafier’t it om in audityf of digitaal boek giet, de boektitel op in algemien tagonklik plak op ynternet of as lûdsdrager te krijen is;

  • c.

    alle jierren oan de provinsje ferslach útbrocht wurdt oer hoefolle publikaasjes, dêr’t de lêste fiif jier subsydzje foar ûntfongen is, úteinlik ferkocht binne.

Kêst 2.6.11 Prestaasjeferantwurding

  • 1 It subsydzje wurdt fêststeld sûnder dat oan de beskikking ta subsydzjefêststelling in beskikking ta subsydzjeferliening foarôfgiet.

  • 2 De subsydzje-ûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, nei in yn de beskikking neamde termyn, sjen dat de aktiviteit dêr’t subsydzje foar beskikber steld is, útfierd is troch it tastjoeren fan de oanbelangjende boektitel of in ferwizing nei it digitale fynplak.

Paragraaf 2.7 Iepen programma Lân fan Taal

[ferfalle]

Haadstik 3 Kultuer

Paragraaf 3.1 Brûsfûns

[ferfalle]

Paragraaf 3.2 Leechdrompelige kulturele aktiviteiten

Kêst 3.2.1 Doel

It subsydzje hat te’n doel om it leechdrompelige kulturele oanbod fuort te sterkjen, om dêrmei in sa grut mooglik part fan de befolking fan Fryslân en syn besikers de kâns te jaan om aktyf en passyf oan kulturele aktiviteiten mei te dwaan.

Kêst 3.2.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:

  • a.

    it organisearjen fan in kulturele aktiviteit;

  • b.

    it gearstallen fan in katalogus foar in útstalling;

  • c.

    it útjaan fan in audityf, digitaal of papieren boek mei erfgoed as ûnderwerp;

  • d.

    begelieding troch profesjonele musisy fan de repetysjes en de dêrút folgjende útfiering fan in foarstelling troch in amateurkoar út Fryslân;

  • e.

    moetings, kulturele aktiviteiten en stúdzjedagen dy’t organisearre wurde tusken Frysktaligen en bûtenlânske minderheidstaalgroepen.

  • f.

    moetings, kulturele aktiviteiten en stúdzjedagen op it mêd fan muzyk, dy’t organisearre wurde tusken Frysktaligen en bûtelânske minderheidstaalgroepen.

  • g.

    it stimulearjen fan aktive kultuerpartisipaasje troch it kreëarjen fan kultureel oanbod.

Kêst 3.2.3 Doelgroep

  • 1 Subsydzje, mei útsûndering fan subsydzje as bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnderdiel g, wurdt allinne oan rjochtspersoanen mei folslein rjochtsfoech beskikber steld.

  • 2 Subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder d, wurdt inkeld en allinne oan in amateurkoar beskikber steld.

  • 3 Der wurdt gjin subsydzje oan rjochtspersoanen dy’t in boekjiersubsydzje krije beskikber steld, útsein as hja as projektpartner diel útmeitsje fan in gearwurkingsferbân.

Kêst 3.2.4 Oanfraachperioade

  • 1 In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

  • 2 Subsydzje-oanfragen wurde wegere as dy bûten in perioade ynkommen binne dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe.

Kêst 3.2.5 Oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 3.2.6 Wegeringsgrûnen 

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    de aktiviteit rekkene wurde kin ta de gewoane bedriuwsfiering of taak fan de oanfreger;

  • b.

    de aktiviteit ek sûnder subsydzje útfierd wurde kin;

  • c.

    de oanfraach rjochte is op it meitsjen fan in byld- of lûdsregistraasje;

  • d.

    de hichte fan it frege subsydzje net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • e.

    der in grûndearre reden is dat de aktiviteit yn organisatoaryske, technyske, finansjele of ekonomyske sin net helber is.

  • f.

    net foldien wurdt oan de ûnder 3.2.7 neamde hifkingskritearia.

  • g.

    foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnderdiel g, de oanfreger earder al foar deselde aktiviteit subsydzje krigen hat;

  • h.

    foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnderdiel g, de aktiviteit foar ien kear is.

Kêst 3.2.7 Hifkingskritearia

Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen wurdt oan de neikommende kritearia foldien:

  • 1.

    Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder a:

    • a.

      de aktiviteit hat in boppelokaal belang;

    • b.

      mear as de helte fan it wurk wurdt troch lokale amateurs en frijwilligers útfierd;

    • c.

      de aktiviteit is iepenbier tagonklik.

  • 2.

    Foar de aktiviteiten, as bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder b:

    • a.

      de útstalling is iepenbier tagonklik;

    • b.

      de aktiviteit hat net te krijen mei in werútjefte.

  • 3.

    Foar de aktiviteiten, as bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder c:

    • a.

      it boek is oeral te krijen;

    • b.

      de aktiviteit hat net te krijen mei in werútjefte.

  • 4.

    Foar de aktiviteiten, as bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder d:

    • a.

      de aktiviteit hat in boppelokaal belang;

    • b.

      lokale amateurs en frijwilligers binne aktyf belutsen by de organisaasje fan de aktiviteit;

    • c.

      de útfiering is iepenbier tagonklik.

  • 5.

    Foar de aktiviteit, as bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder e:

    • a.

      de aktiviteit moat rjochte wêze op in duorsume útwikseling;

    • b.

      de aktiviteit moat nei it oardiel fan deputearre steaten bydrage oan it fersterkjen fan de Fryske taal.

  • 6.

    Foar de aktiviteiten bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder g:

    • a.

      de aktiviteit hat in boppelokaal belang;

    • b.

      de aktiviteit rjochte is op de doelgroep minsken fan 65 jier en âlder of minsken mei in beheining of in groanyske sykte;

    • c.

      de ûnder b neamde doelgroep leveret in aktive bydrage oan de aktiviteit;

    • d.

      de aktiviteit moat fan foldwaande artistyk-ynhâldlik kwaliteit wêze, yn alle gefallen garandearre trochtdat der in professional út de keunstsektor by behelle is;

    • e.

      strukturele gearwurking mei in ûnderwiisynstelling, soarchynstelling of wolwêzensynstelling;

    • f.

      de aktiviteit is finansjeel likegoed as ynhâldlik en artistyk nei de subsidiearre perioade foar op syn minst in jier garandearre;

    • g.

      de aktiviteit hat in foarbyldfunksje;

    • h.

      út de oanfraach moat dúdlik nei foaren komme dat de aktiviteit nei ôfstimming mei de doelgroep fêststeld is.

Kêst 3.2.8 Subsidiabele kosten

  • 1.

    Útsein it fêststelde yn kêst 1.10 fan de ASV en de kosten sa’t dy yn kêst 3.2.9 neamd binne, komme alle kosten, foar safier needsaaklik en adekwaat, foar subsydzje yn de beneaming.

  • 2.

    Foarsafier’t leankosten foar subsydzje yn ‘e beneaming komme, wurde de kosten op basis fan it brutolean berekkene neffens de leanstaat fan de oanbelangjende meiwurker, ferhege mei de wetlike of op grûn fan in cao ferplichte opslaggen foar sosjale lêsten, sa bedoeld dat útgien wurdt fan 1.650 produktive oeren jiers by in 40-oerige wurkwike.

  • 3.

    Foarsafier’t it giet om aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder e., binne yn ôfwiking fan it earste lid, de neikommende kosten, foar safier’t needsaaklik en adekwaat, subsidiabel:

    • a.

      kosten foar de organisaasje fan ynternasjonale kontakten op it mêd fan de twataligens yn Fryslân, oant in maksimum fan € 2.250;

    • b.

      kosten, makke troch fertsjintwurdigers fan organisaasjes yn Fryslân, dy’t yn it ramt fan ynternasjonale útwikseling nei minderheidstaalgebieten yn it bûtelân geane, oant in maksimum fan € 750.

  • 4.

    Foarsafier’t it om aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder f., giet, binne yn ôfwiking fan it earste lid, de kosten foar de organisaasje fan in kulturele moeting tusken minderheidstaalgroepen op it mêd fan muzyk, foar safier needsaaklik en adekwaat, subsidiabel, oant in maksimum fan € 20.000.

  • 5.

    Foarsafier’t it giet om aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3.2.2. ûnder g., binne yn ôfwiking fan it earste lid, foar safier needsaaklik en adekwaat, de kosten foar de organisaasje fan de aktiviteit subsidiabel, oant in maksimum fan € 16.000.

Kêst 3.2.9 Net subsidiabele kosten

De neikommende kosten komme net foar subsydzje yn ‘e beneaming:

  • a.

    kosten dy’t makke en betelle binne foar it yntsjinjen fan de oanfraach;

  • b.

    ferbliuwskosten;

  • c.

    net-foarsjoene kosten.

Kêst 3.2.10 Hichte subsydzje en kofinansiering

  • 1.

    De hichte fan it subsydzje as bedoeld yn kêst 3.2.2., ûnder a. oant en mei d. bedraacht maksimaal 90% fan de totale subsidiabele kosten oant in maksimum fan:

    • a.

      € 1.000 foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder a.;

    • b.

      € 2.000 foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder b. en c.;

    • c.

      € 1.000 foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder d.

  • 2.

    De hichte fan it subsydzje as bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder e., bedraacht 100% fan de op grûn fan kêst 3.2.8, tredde lid, yn de beneaming kommende subsidiabele kosten.

  • 3.

    De hichte fan it subsydzje as bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder f., bedraacht 100% fan de op grûn fan kêst 3.2.8, fjirde lid, yn de beneaming kommende subsidiabele kosten.

  • 4.

    De hichte fan it subsydzje as bedoeld yn kêst 3.2.2 ûnder g., bedraacht 50% fan de op grûn fan kêst 3.2.8, fyfde lid, yn de beneaming kommende subsidiabele kosten.

  • 5.

    Troch Deputearre Steaten beskikber stelde provinsjale middels kinne net as kofinansiering opfierd wurde by it krijen fan subsydzje op grûn fan oare provinsjale regelings.

Kêst 3.2.11 Ferdielsystematyk

  • 1 Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen. De datum dat de oanfraach folslein is, jildt dêrby as datum fan ynkommen.

  • 2 Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 3.2.12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

  • 1. Oan de subsydzjeûntfanger wurdt yn it gefal fan in aktiviteit as bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder c, yn alle gefallen de ferplichting oplein dat:

    • a.

      de aktiviteit binnen in jier nei datum fan de subsydzjeferliening útfierd wurdt;

    • b.

      der foar it boek in isbn-nûmer oanfrege wurdt;

    • c.

      in eksimplaar fan it boek fergees beskikber steld wurdt oan Tresoar, Postbus 2637, 8901 AC Ljouwert;

    • d.

      in eksimplaar fan it boek fergees beskikber steld wurdt oan it Koninklijke Bibliotheek Depot van Nederlandse Publicaties & Nederlandse Bibliografie, Postbus 74, 2501 AJ De Haach.

  • 2. Oan de subsydzjeûntfanger wurdt yn it gefal fan in aktiviteit as bedoeld yn kêst 3.2.2., ûnder d, yn alle gefallen de ferplichting oplein dat de aktiviteit binnen in jier nei datum fan de subsydzjeferliening útfierd wurdt.

Kêst 3.2.13 Prestaasjeferantwurding

  • 1 It subsydzje wurdt fêststeld sûnder dat oan de beskikking ta subsydzjefêststelling in beskikking ta subsydzjeferliening foarôfgiet.

  • 2 De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, nei in yn de beskikking neamde termyn, sjen dat de aktiviteit dêr’t subsydzje foar beskikber steld is, útfierd is en hoe’t oan de ferplichtings foldien is dy’t mei it fêststellen fan it subsydzje anneks binne.

Paragraaf 3.3 Produksje profesjonele poadiumkeunsten en muzykkomposysjes

[ferfalle]

Paragraaf 3.4 Iepenloftspullen

Kêst 3.4.1 Doel

It subsydzje hat te’n doel om de kultuerpartisipaasje yn in lokale mienskip fuort te sterkjen.

Kêst 3.4.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar de produksje en de útfiering fan in iepenloftspul.

Kêst 3.4.3 Doelgroep

  • 1 Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan stichtings of ferienings dy’t op it momint fan oanfreegjen ien of mear iepenloftspullen produsearre hawwe.

  • 2 Der wurdt gjin subsydzje beskikber steld oan rjochtspersoanen dy’t in boekjiersubsydzje fan de provinsje krije, of it moat wêze dat hja as projektpartner diel útmeitsje fan in gearwurkingsferbân dêr’t hja net it grutste finansjele oanpart yn de projektkosten hawwe en net de haadoanfreger binne.

Kêst 3.4.4 Oanfraachperioade

  • 1 In oanfraach kin yntsjinne wurde yn de oanfraachperioade dy’t Deputearre Steaten dêrfoar fêststeld hawwe.

  • 2 Subsydzje-oanfragen wurde wegere as dy ynkommen binne bûten in perioade dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe.

Kêst 3.4.5 Oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 3.4.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje kin wegere wurde as:

  • a.

    de aktiviteit, sa’t bliken docht út de begrutting dy’t by de oanfraach oerlein wurdt, ek sûnder subsydzje ta stân brocht wurde kin;

  • b.

    de aktiviteit bedoeld is foar it ta stân bringen fan in byld- of lûdregistraasje;

  • c.

    de hichte fan it subsydzje dêr’t om frege is net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • d.

    der nei it oardiel fan Deputearre Steaten in grûndearre reden is dat de aktiviteit yn organisatoaryske, technyske, finansjele of ekonomyske sin net te ferwêzentlikjen is.

Kêst 3.4.7 Hifkingskritearia

Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen, moat oan de neikommende kritearia foldien wurde:

  • a.

    it iepenloftspul wurdt út de lokale mienskip wei ta stân brocht;

  • b.

    professionals, dy’t op grûn fan harren oplieding of wurkûnderfining oanwiisber de feardichheden en it ynsjoch hawwe om kwalitatyf heechsteand wurk te leverjen, coache en begeliede de útfierende persoanen;

  • c.

    de produksje wurdt opfierd yn de simmermoannen en slút oan op de datum fan de subsydzjeferliening;

  • d.

    de produksje wurdt yn de lokale mienskip opfierd;

  • e.

    taskôgers wurdt om yntreejild frege.

Kêst 3.4.8 Subsidiabele kosten

  • 1 Ûnfermindere wat dêr yn kêst 1.10 fan de ASV en yn kêst 3.4.9 fan dizze regeling oer fêststeld is, komme, foarsafier’t soks needsaaklik en gaadlik is, foar subsydzje yn ‘e beneaming:

    • a.

      kosten foar it brûken fan de lokaasje;

    • b.

      tariedingskosten;

    • c.

      produksjekosten.

  • 2 Foarsafier’t leankosten foar subsydzje yn ‘e beneaming komme, wurde de kosten berekkene op grûn fan it brutolean neffens de leansteat fan de oanbelangjende meiwurker, ferhege mei de opslaggen dy’t wetlik fêstlein binne of dy’t, op grûn fan in cao, foar sosjale lesten betelle wurde moatte, sa bedoeld dat útgien wurdt fan 1.650 produktive oeren jiers by in wurkwike fan 40 oere.

Kêst 3.4.9 Net-subsidiabele kosten

De neikommende kosten komme net foar subsydzje yn ‘e beneaming:

  • a.

    kosten dy’t makke binne foar it yntsjinjen fan de oanfraach;

  • b.

    reis- en ferbliuwskosten;

  • c.

    net-foarsjoene of net-spesifisearre kosten;

  • d.

    ynvestearrings.

Kêst 3.4.10 Hichte subsydzje

It subsydzje bedraacht op syn meast 50% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 5.000.

Kêst 3.4.11 Ferdielsystematyk

  • 1 Deputearre Steaten oarderje de oanfragen dy’t foar subsydzjeferliening yn ‘e beneaming komme sadanich dat in oanfraach heger oardere wurdt neigeraden dat dy mear foldocht oan de oanbelangjende hifkingskritearia yn ferhâlding ta de oare oanfragen.

  • 2 Oanfragen wurde op grûn fan de neikommende kritearia hifke:

    • a.

      it nivo fan artistike kwaliteit fan it plan, mei it each op:

      • 1°.

        yn hoefier’t it oarspronklik is: de eigenens en de dúdlik waar te nimmen artistike sinjatuer fan de produksje;

      • 2°.

        yn hoefier’t it sizzenskrêft hat, yn hoefier’t de aktiviteit it publyk oansprekt en it de makkers slagget om it publyk te reitsjen, te prikeljen of te ferrassen.

  • 3 Foar de oardering hifkje de neamde kritearia like swier.

  • 4 De advyskommisje Kultuer dy’t Deputearre Steaten ynsteld hawwe, advisearret oer de oardering fan de oanfragen.

  • 5 Deputearre Steaten stelle foar de advyskommisje in reglemint fêst.

  • 6 Deputearre Steaten ferpartsje it beskikbere bedrach yn de folchoarder fan de oardering. Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar oanfragen, dy’t like heech oardere binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

  • 7 It komt net ta in oardering fan oanfragen as it maksimaal beskikber te stellen subsydzjebedrach leger is as it subsydzjeplafond.

Kêst 3.4.12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

Oan de subsydzjeûntfanger wurdt yn alle gefallen de ferplichting oplein dat:

  • a.

    oanwiisber alle war dien wurde moat om lokale en regionale publisiteit foar de produksje te befoarderjen;

  • b.

    de kommunikaasjemiddels, ornearre foar it berikken fan it publyk, yn alle gefallen yn de Fryske taal steld wurde;

  • c.

    de útfierende persoanen fan it iepenloftspul foar it meastepart út de lokale mienskip komme.

Kêst 3.4.13 Prestaasjeferantwurding

  • 1 It subsydzje wurdt fêststeld sûnder dat oan de beskikking ta subsydzjefêststelling in beskikking ta subsydzjeferliening foarôfgiet.

  • 2 De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, nei in yn de beskikking neamde termyn, sjen dat de aktiviteit dêr’t subsydzje foar beskikber steld is, útfierd is en hoe’t oan de ferplichtings foldien is dy’t mei de subsydzjefêststelling anneks binne.

Paragraaf 3.5 Utkeap teater en muzyk

[ferfalle]

Paragraaf 3.6 Festivals

Kêst 3.6.1 Doel

It subsydzje hat as doel in festivaloanbod yn Fryslân ta stân te bringen om in libben, mei ferskaat en leechdrompelich kultureel en artistyk klimaat te befoarderjen.

Kêst 3.6.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje wurdt beskikber steld foar it twa kear organisearjen fan:

  • a.

    in poadiumkeunstefestival yn de gemeente Ljouwert dat alle jierren werom komt;

  • b.

    in poadiumkeunstefestival bûten de gemeente Ljouwert yn de provinsje Fryslân dat alle jierren weromkomt;

  • c.

    In media-, byldzjende keunst-, letterefestival yn de provinsje Fryslân dat alle jierren werom komt.

Kêst 3.6.3 Doelgroep

Subsydzje wurdt inkeld en allinne oan in feriening of stichting beskikber steld.

Kêst 3.6.4 Oanfraach

  • 1 In oanfraach foar subydzje wurdt ûntfongen yn in troch Deputearre Steaten fêststeld tiidfak.

  • 2 In oanfraach foar subsydzje wurdt troch in troch Deputearre Steaten fêststeld oanfraachformulier yntsjinne.

  • 3 In oanfraach kin ynfold wurde oant it ferstriken fan it yn it earste lid neamde tiidfak.

Kêst 3.6.5 Wegeringsgrûnen

Mei behâld fan it bepaalde yn kêst 2.7 fan de Asv wurdt de oanfraach wegere as:

  • a.

    de oanfraach net foldocht oan de hifkingskritearia as bedoeld yn kêst 3.6.6;

  • b.

    de aktiviteit nei it oardiel fan Deputearre Steaten yn organisatoryske, finansjele of technyske sin net helber is;

  • c.

    foar de te subsidiearjen festivals al in subsydzje beskikber steld is troch de provinsje Fryslân;

  • d.

    der in slutende begrutting is mei dekking fan oare partijen wêrtroch’t subsydzje út de provinsje Fryslân wei net mear needsaaklik is;

  • e.

    net genôch oannimlik is dat binnen tolve moannen nei it beslút ta subsydzjeferliening begûn wurde kin mei it útfieren fan de aktiviteit;

  • f.

    oan de oanfraach by de oardering as bedoeld yn kêst 3.6.9 minder as 42 punten takend binne;

  • g.

    de hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 3.6.2, ûnderdiel a, minder as € 80.000,- bedraacht foar it twa kear organisearjen fan in festival;

  • h.

    de hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 3.6.2, ûnderdiel b, minder as € 40.000,- bedraacht foar it twa kear organisearjen fan in festival;

  • i.

    de hichte fan it subsydzje foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3.6.2, ûnderdiel c, minder as € 20.000 bedraacht foar it twa kear organisearjen fan in festival.

  • j.

    de aktiviteit set yn itselde kalinderjier útein as wêryn’t de subsydzje-oanfraach ûntfongen s.

Kêst 3.6.6 Drompelbetingsten

Om foar oardering as bedoeld yn kêst 3.6.9 yn ‘e beneaming te kommen, wurdt op syn minst oan de neikommende drompelbetingsten foldien:

  • a.

    it evenemint hat in boppelokaal karakter;

  • b.

    de oanfraach hat te krijen mei in jierliks weromkommend festival dat op syn minst foar twa kalinderjierren efterinoar, direkt oanslutend op it kalinderjier dêr’t de subsydzje-oanfraach yn ûntfongen is, organisearre wurdt.

Kêst 3.6.7 Subsidiabele en net-subsidiabele kosten

  • 1 Foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3.6.2 komme alle kosten yn de beneaming dy’t streekrjocht ferbân hâlde mei de programearring fan de aktiviteit: bygelyks honoraria, útkeapsommen, gaazjes en logistike kosten dy’t streekrjocht ferbân hâlde mei de programmearring.

  • 2 Foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3.6.2 komme kosten dy’t gjin streekrjocht ferbân hâlde mei de programmearring fan de aktiviteit net foar subsydzje yn de beneaming:

    • a.

      burokosten;

    • b.

      húsfêstingskosten;

    • c.

      marketingkosten;

    • d.

      reiskosten;

    • e.

      kosten dy’t te krijen hawwe mei kranten en tiidskriften op papier.

Kêst 3.6.8 Subsydzjehichte

  • 1 Foar de aktiviteit, as bedoeld yn kêst 3.6.2., ûnderdiel a, bedraacht de hichte fan it subsydzje maksimaal 50% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 200.000.

  • 2 Foar de aktiviteit, as bedoeld yn kêst 3.6.2, ûnderdiel b, bedraacht de hichte fan it subsydzje maksimaal 50% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 100.000.

  • 3 Foar de aktiviteit, as bedoeld yn kêst 3.6.2, ûnderdiel c, bedraacht de hichte fan it subsydzje maksimaal 50% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 50.000.

Kêst 3.6.9 Ferdielsystematyk

  • 1 Deputearre Steaten oarderje de foar subsydzjeferliening yn de beneaming kommende folsleine oanfragen sa, dat in oanfraach heger oardere wurdt al nei’t dy mear foldocht oan de neikommende kritearia:

    • a.

      kwaliteit fan it festival: yn hoefier’t de aktiviteit bydraacht oan in artistyk-ynhâldlik heechsteand oanbod fan keunst- en kultueruterings yn de provinsje Fryslân, te hifkjen oan de neikommende yndikatoaren:

      • fakmanskip: steat fan tsjinst fan de festivalorganisaasje of fan de programmearre makkers en kuratoaren;

      • sizzenskrêft: ynwurking fan aktiviteiten op publyk, as dat fan tapassing is oan de hân fan eardere edysjes fan it festival;

      • oarspronklikheid: werkenbere sinjatuer fan de aktiviteit, tafoeging oan it besteande oanbod binnen it oanbelangjende festivalsjenre yn de provinsje Fryslân en, foar safier fan tapassing, yn de gemeente Ljouwert;

      • fernijing: artistike ûntwikkeling, fernijende programmearring of takomstpotinsje en  -bestindigens;

    • b.

      maatskiplike wearde fan it festival: yn hoefier’t mei de aktiviteit ferbannen lein wurde mei de omkriten en bydroegen wurdt oan maatskiplike ûtwikkelingen op it mêd fan ûnderwiis, soarch, toerisme en ekonomy, te hifkjen oan de neikommende yndikatoaren:

      • edukaasje: oanwêzigens fan aktiviteiten oangeande keunst- en kultueredukaasje foar spesifike doelgroepen;

      • partisipaasje: doelgroepebelied, gearwurking mei sosjale partners, ynteraksje mei it publyk, leechdrompelige aktiviteiten;

      • ûndernimmerskip: ferhâlding tusken frege subsydzje en private ynkomsten, gearwurkingsferbannen mei lokale ûndernimmers, oandacht foar duorsumens, oandacht foar ynnovative ûntwikkelings.

  • 2 Der wurde maksimaal 10 punten de yndikator takend op in skaal fan 0 oant 10.

  • 3 Foar de oardering weage de neamde kritearia like swier.

  • 4 Deputearre Steaten ferpartsje it beskikbere bedrach yn de folchoarder fan de oardering ûnder de oanfragen dêr’t op syn minst 42 punten oan takend is.

  • 5 Foar safier’t troch it jaan fan subsydzje foar oanfragen dy’t like heech oardere binne, der bûten it subsydzjeplafon gien wurdt, wurdt foarrang jûn oan it projekt dat de measte punten krigen hat op de seleksjekritearia ûnder a, kwaliteit fan it festival.

  • 6 Foar safier’t troch it jaan fan subsydzje foar oanfragen, dy’t like heech oardere binne op de totale puntetakenning likegoed as op de puntetakenning it ûnderdiel as bedoeld yn it fiifde lid, der bûten it subsydzjeplafon gien wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 3.6.10 Advyskommisje

  • 1 De troch Deputearre Steaten ynstelde keamer festivals fan de advyskommisje Kultuer advisearret oer de oardering fan de oanfragen neffens kêst 3.6.9.

  • 2 Op de advyskommisje is it Reglement voor de Adviescommissie Cultuur fan tapassing.

Kêst 3.6.11 Ferplichtings

Mei behâld fan de betingsten en ferplichtings yn paragraaf 2.3 fan de ASV wurdt oan de subsydzjeûntfanger de ferplichting oplein om alle jierren in festival te organisearjen fan likense aard en omfang yn finansjele, organisatoaryske en programmatyske sin.

Kêst 3.6.12 Prestaasjeferantwurding en weromfoardering

  • 1 De subsydzjeûntfanger fan subsydzjes fan € 25.000 of heger toant oan dat de aktiviteiten dêr’t subsydzje foar jûn is, west hawwe troch in aktiviteiteferslach. De oanfreger docht dêryn ferslach fan de útfierde aktiviteiten troch in jierferslach, in oersjoch fan besikersoantallenn, programmaboekjes en foto’s oer te lizzen, útsplitst nei de jierlikse edysje fan it festival.

  • 2 Subsydzje jûn yn de foarm fan in fêst bedrach de festivaledysje, kin foar dat bedrach weromfoardere wurde as in festival yn it jier dêr’t it subsydzje op sloech net troch gien is.

Kêst 3.6.13 Betelling

  • [ferfalle]

Kêst 3.6.14 Steatsstipe

Foar safier’t de subsidiabele aktiviteit ekonomysk fan aard is, wurdt subsydzje ferliend mei tapassing fan kêst 53 fan Verordening (EU) nr. 651/2014 van de Commissie fan 17 juny 2014 wêrby’t beskate kategorieën stipe op grûn fan de kêsten 107 en 108 fan it Verdrag mei de ynterne merk te ferienigjen ferklearre wurde. 

Paragraaf 3.7 Kulturele fernijing

[ferfalle]

Haadstik 4 Underwiis

Paragraaf 4.1 Frysk en meartaligens yn it ûnderwiis

[ferfalle]

Paragraaf 4.2 Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis

Kêst 4.2.1 Doel

It subsydzje hat ta doel om Frysk yn in trochgeande line oan te bieden om it tal minsken dat Frysk ferstean, prate, lêze en skriuwe kin tanimme te litten en it stimulearjen fan it tanimmen fan it oantal lesoeren yn it MBU en fuortset ûnderwiis yn bysûnder foar in fakdosint Frysk foar de learjierren fanôf it twadde learjier oant en mei it eksamenjier.

Kêst 4.2.2 Subsidiabele aktiviteiten 

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:

  • a.

    lesoeren dy’t ferbân hâlde mei it oanbieden fan it fak Frysk, mei yngong fan it twadde learjier yn it VO oant en mei it eksamenjier;

  • b.

    lesoeren dy’t ferbân hâlde mei it oanbieden fan it Frysk yn in op it berop ôfstimde kontekst yn it middelber beropsûnderwiis;

  • c.

    lesoeren dy’t ferbân hâlde mei it oanbieden fan it Frysk, tematysk of praktysk oanbean op it mêd fan skiednis, taal en kultuer, yn it fuortset ûnderwiis foar it skoaltype praktykûnderwiis;

  • d.

    lesoeren dy’t ferbân hâlde mei it oanbieden fan it Frysk, tematysk of praktysk oanbean op it mêd fan skiednis, taal en kultuer, yn it spesjaal ûnderwiis fan it fuortset ûnderwiis dy’t ûnder de Wet op de Expertise Centra falle.

Kêst 4.2.3 Doelgroep

Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan skoallen yn Fryslân yn it fuortset ûnderwiis en middelber beropsûnderwiis, dêrûnder ek yn it middelber beropsûnderwiis de regionale opliedingssintra of de agraryske opliedingssintra en yn it fuortset ûnderwiis it skoaltype praktykûnderwiis of it spesjaal ûnderwiis dy’t under de Wet op de Expertise Centra falt.

Kêst 4.2.4 Oanfraachperioade

  • 1 In oanfraach foar subsydzje kin ynstjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is, foarôfgeand oan it skoaljier dêr’t it subsydzje foar frege wurdt.

  • 2 In oanfraach foar subsydzje wurdt wegere as dy ynkommen is bûten in perioade dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe.

Kêst 4.2.5 Oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 4.2.5 a Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    net foldien wurdt oan de ûnder 4.2.6 neamde hifkingskriteria;

  • b.

    de hichte fan it frege subsydzje net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • c.

    der in grûndearre reden is dat de aktiviteit yn organisatoaryske, technyske, finansjele of ekonomyske sin net helber is.

Kêst 4.2.6 Hifkingskritearia

  • 1 Om foar in aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.2.2, ûnder a, foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen, wurdt oan de neikommende kritearia foldien:

    • a.

      de oanfraach hâldt inkeld en allinne ferbân mei ien of mear fan de neikommende learjierren:

      • 1°.

        learjier 2, 3 en 4 vmbo;

      • 2°.

        learjier 2, 3, 4 en 5 havo;

      • 3°.

        learjier 2, 3, 4, 5 en 6 vwo.

    • b.

      de oanfreger biedt alle learlingen fan it earste learjier it fak Frysk oan;

    • c.

      de lessen Frysk wurde fersoarge troch in fakdosint;

    • d.

      [fervalle]

  • 2 Om foar in aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.2.2, ûnder b en c, foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen moat mei útsûndering fan it spesjaal ûnderwiis de groepsgrutte op syn minst fyftjin learlingen wêze, besteande út:

    • a.

      learlingen út deselde learrûte en fan itselde lear- of ferbliuwsjier en nivo;

    • b.

      learlingen út ferskate learrûtes, mar út itselde learjier, ferbliuwsjier of nivo; of

    • c.

      learlingen fan twa opinoar folgjende lear- of ferbliuwsjierren of nivo’s.

Kêst 4.2.7 Ferdielsystematyk

  • 1 Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen. De datum dat de oanfraach folslein is, jildt dêrby as datum fan ynkommen.

  • 2 Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 4.2.8 Subsidiabele kosten

  • 1 Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld foar op syn meast twa lesoeren yn ‘e wike foar ien learjier.

  • 2 Oars as yn it earste lid oanjûn is, wurdt foar de learjierren 3 en 4 vmbo, 4 en 5 havo en 4, 5 en 6 vwo subsydzje beskikber steld foar it tal lesoeren yn ’e wike mei-inoar dat yn it ramt fan it eksamenprogramma fan it fak Frysk jûn wurdt.

  • 3 As de aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.2.2, ûnder b, minder as 15 wike foar in ôfsûnderlike groep fan learlingen útfierd wurdt, wurdt oars as yn it earste lid oanjûn is, op syn meast ien lesoere yn ’e wike foar in ôfsûnderlike groep fan learlingen subsidiearre.

Kêst 4.2.9 Hichte subsydzje

  • 1 De hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.2.2, ûnder a, bedraacht € 1.400 foar in ôfsûnderlik learjier by lesoeren fan 50 minuten.

  • 2 De hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.2.2, ûnder b of d, bedraacht € 1.200 foar in ôfsûnderlik ûnderwiisblok by lesoeren fan 50 minuten.

  • 3 De hichte fan it subsydzje as bedoeld yn it earste en twadde lid wurdt nei evenredigens oanpast, as de oanfreger lesoeren draait dy’t koarter of langer as 50 minuten binne.

  • 4 De hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.2.2, ûnderdiel c, bedraacht € 1.000 it lesoere.

Kêst 4.2.10 Ferplichtings

  • 1 Deputearre Steaten lizze by de subsydzjeferliening foar in aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.2.2, ûnder a, as ferplichting op dat it fak Frysk yn it learjier, dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt, foar de doer fan in folslein skoaljier ûnderwiisd wurdt.

  • 2 [ferfalle]

  • 3 [ferfalle]

Paragraaf 4.3 Materiële ynstânhâlding Frysk

Kêst 4.3.1 Doel

It subsydzje hat te’n doel om it oanbod fan Frysktalich ûnderwiismateriaal, sawol fysyk as digitaal, op skoallen fan it primêr en fuortset ûnderwiis, yn stân te hâlden.

Kêst 4.3.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:

  • a.

    it oantugen fan lesmateriaal foar it jaan fan it fak Frysk yn groep 1 oant en mei 8 fan it pri-mêr ûnderwiis.

  • b.

    it oantugen fan lesmateriaal foar it jaan fan it fak Frysk yn de earste klasse fan it fuortset ûnderwiis.

Kêst 4.3.3 Doelgroep

Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan skoallen yn de provinsje Fryslân yn it primêr en fuortset ûnderwiis.

Kêst 4.3.4 Oanfraach en beslút

  • 1 It tal learlingen dat de oanfreger yn it Basisregister Ûnderwiis as bedoeld yn kêst 24b fan de Wet op het onderwijstoezicht op de teldatum fan 1 oktober fan it foargeande skoaljier opjûn hat, wurdt oanmurken as in oanfraach foar subsydzje foar dat tal learlingen, yn it ramt fan dizze paragraaf.

  • 2 Alle jierren beslute Deputearre Steaten op oanfragen as bedoeld yn it earste lid, soks foar uterlik 1 augustus.

Kêst 4.3.5 Wegeringsgrûn

In subsydzje wurdt wegere foarsafier’t de oanfreger in ûntheffing takend is op grûn fan kêst 9, fjirde lid, fan de Wet op it primêr ûnderwiis of kêst 11e, earste lid, fan de Wet op it fuortset ûnderwiis.

Kêst 4.3.6 Hichte subsydzje

  • 1 By de hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.3.2 ûnder a giet it om in bedrach foar in ôfsûnderlike learling yn groep 1 oant en mei 8 en wurdt berekkene op grûn fan de bekostiging dy’t it Ryk alle jierren beskikber stelt foar de materiële ynstânhâlding fan it Frysk, lykas bedoeld yn kêst 134, twadde lid, fan de Wet op it primêr ûnderwiis.

  • 2 De bekostiging dy’t yn it earste lid neamd wurdt, wurdt ferparte neffens it oan in ûnderwiisynstelling foar primêr ûnderwiis takende profyl.

  • 3 in ûnderwiisynstelling mei:

    • a.

      profyl A kriget € 10,78 de learling;

    • b.

      profyl B kriget € 9,28 de learling;

    • c.

      profyl C kriget € 7,78 de learling;

    • d.

      profyl D kriget € 6,28 de learling;

    • e.

      profyl E kriget € 4,79 de learling;

    • f.

      profyl F kriget € 3,29 de learling.

  • 4 Deputearre Steaten kinne it bedrach dat yn it earste lid neamd wurdt alle jierren yndeksearje mei it tanommen priisnivo, soks neffens de konsumintepriisyndeks fan it CBS, it Sintraal Buro foar de Statistyk.

  • 5 [ferfalle]

Kêst 4.3.7

  • 1. By de hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.3.2 ûnder b giet it om in bedrach foar in ôfsûnderlike learling foar it fak Frysk yn de earste klasse. Dat wurdt berekkene op grûn fan de bekostiging dy’t it Ryk alle jierren beskikber stelt yn it ramt fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer, foar materiële ynstânhâlding fan it Frysk yn it fuortset ûnderwiis.

  • 2. De bekostiging dy’t yn it earste lid neamd wurdt, wurdt ferparte neffens it oan in ûnderwiisynstelling foar fuortset ûnderwiis takende profyl.

  • 3. in ûnderwiisynstelling mei:

    • a.

      profyl A kriget € 13,47 de learling;

    • b.

      profyl B kriget € 9,73 de learling;

    • c.

      profyl C1 kriget € 5,99 de learling;

    • d.

      profyl C2 kriget € 2,25 de learling.

Kêst 4.3.8

It bedrach de learling yn kêst 4.3.6, tredde lid en kêst 4.3.7, tredde lid wurdt alle jierren troch Deputearre Steaten fêststeld mei it yn achtnimmen fan it fêststelde subsydzjeplafond. It bedrach de learling wurdt berekkene oan ‘e hân fan de troch Deputearre Steaten fêststelde ferdielkaai en it tal learlingen yn it basisregister ûnderwiis as bedoeld yn kêst 24b fan de Wet op het onderwijstoezicht.

Kêst 4.3.9 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

Mei behâld fan de ferplichtings dy’t folgje út de Awb en de kêsten 2.13 en 2.14 fan de Asv 2013 wurdt oan de subsydzjeûntfanger foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 4.3.2. yn alle gefallen de ferplichting oplein dat:

  • a.

    it foechhawwend gesach en de oanbelangjende skoallen it subsydzje besteegje foar it kommende skoaljier en net reservearre meie foar in oar skoaljier;

  • b.

    it foechhawwend gesach de oanbelangjende skoallen op ’e hichte bringt fan it takende subsydzje en de bestegingsbetingsten.

Haadstik 5 Sport

Paragraaf 5.1 Grutskalige sporteveneminten

Kêst 5.1.1 Doel

It subsydzje hat te’n doel om de organisaasje fan grutskalige sporteveneminten te befoarderjen, soks om de sportpartisipaasje yn Fryslân te fergrutsjen.

Kêst 5.1.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:

  • a.

    in ynternasjonaal sportevenemint;

  • b.

    in topsportevenemint;

  • c.

    in breedtesportevenemint.

Kêst 5.1.3 Doelgroep

Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan in rjochtspersoan mei folslein rjochtsfoech.

Kêst 5.1.4 Oanfraachperioade

  • 1 In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

  • 2 Subsydzje-oanfragen wurde wegere as dy ynkommen binne bûten in perioade dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe.

Kêst 5.1.5 Oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 5.1.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje kin wegere wurde as:

  • a.

    de aktiviteit ek sûnder subsydzje útfierd wurde kin;

  • b.

    de aktiviteit ferbân hâldt mei in útwikselingsprogramma, de reguliere kompetysje fan de feriening, al as net yn ynternasjonaal ferbân of play-offwedstriden;

  • c.

    de hichte fan it frege subsydzje net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • d.

    der in grûndearre reden is dat de aktiviteit yn organisatoaryske, technyske, finansjele of ekonomyske sin net helber is.

Kêst 5.1.7 Hifkingskritearia

Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen, wurdt oan de neikommende kritearia foldien:

  • 1.

    Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 5.1.2, earste lid:

    • a.

      de aktiviteit wurdt yn de provinsje Fryslân útfierd;

    • b.

      de aktiviteit is foar it publyk tagonklik;

    • c.

      by de aktiviteit giet it om in erkende sport;

    • d.

      der binne op syn minst 100 dielnimmers;

    • e.

      op syn minst 25% fan de dielnimmers komt út it bûtenlân;

    • f.

      by it evenemint binne op syn minst seis lannen fertsjintwurdige;

  • 2.

    Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 5.1.2, twadde lid:

    • a.

      de aktiviteit wurdt yn de provinsje Fryslân útfierd;

    • b.

      de aktiviteit is foar it publyk tagonklik;

    • c.

      by de aktiviteit giet it om in erkende sport;

    • d.

      der binne op syn minst 100 dielnimmers;

    • e.

      op syn minst 50% fan de dielnimmers wennet net yn Fryslân;

  • 3.

    Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 5.1.2, tredde lid:

    • a.

      de aktiviteit wurdt yn de provinsje Fryslân útfierd;

    • b.

      de aktiviteit is foar it publyk tagonklik;

    • c.

      by de aktiviteit giet it om in erkende sport;

    • d.

      der binne op syn minst 1.500 dielnimmers;

Kêst 5.1.8 Ferdielsystematyk

  • 1 Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen. De datum dat de oanfraach folslein is, jildt dêrby as datum fan ynkommen.

  • 2 Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 5.1.9 Net subsidiabele kosten

De neikommende kosten komme net foar subsydzje yn ’e beneaming:

  • a.

    reis- en ferbliuwskosten, útsein reis- en ferbliuwskosten foar sjueryleden en skiedsrjochters;

  • b.

    kosten makke foar it yntsjinjen fan de oanfraach;

  • c.

    ynvestearrings;

  • d.

    kosten foar catering, lunches of diners, útsein de cateringkosten foar de frijwilligers, sjueryleden en skiedsrjochters by it evenemint;

  • e.

    kosten foar muzyk- en feestaktiviteiten;

  • f.

    personielskosten, útsein in fergoeding foar sjueryleden en skiedsrjochters en it ynhieren fan fakminsken foar ûnderdielen dy’t net troch frijwilligers útfierd wurde kinne;

  • g.

    oankeap fan shirts foar dielnimmers is net subsidiabel, of it moat wêze dat dizze oankeap foar frijwilligers, skiedsrjochters of sjueryleden is.

Kêst 5.1.10 Subsidiabele kosten

Ûnfermindere wat dêr yn kêst 1.10 fan de ASV en yn kêst 5.1.9 oer fêststeld is, komme alle kosten, foarsafier’t soks needsaaklik en gaadlik is, foar subsydzje yn ’e beneaming.

Kêst 5.1.11 Hichte subsydzje

  • 1 De hichte fan it subsydzje bedraacht op syn meast 25% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 5.000;

  • 2 De hichte fan it subsydzje bedraacht maksimaal 25% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 10.000, as de subsidiabele aktiviteit op syn minst seis dagen duorret, ferspraat oer in perioade fan maksimaal fjirtjin dagen efterinoar en in oantoanbere lokale ekonomyske ympuls teweibringt.

Kêst 5.1.12 Steatsstipe

  • 1.

    Subsydzjes as bedoeld yn kêst 5.1.2, ûnderdielen a. en b. wurde beskikber steld mei tapassing fan de de-minimisferoardering.

  • 2.

    De oanfreger follet in de-minimisferklearring yn om fêst te stellen oft it subsydzje mei tapassing fan de-minimisstipe beskikber steld wurde kin.

  • 3.

    It foardiel mei tapassen fan de de-minimisstipe mei nea heger wêze as € 200.000 oer in perioade fan trije belestingjierren de selstannige ûndernimming en moat oars ek foldwaan oan de betingsten foar de de-minimisstipe.

  • 4.

    De yn dit kêst neamde de-minimisstipe giet om it bruto subsydzje-ekwivalint, lykas omskreaun yn de de-minimisferoardering

Paragraaf 5.2 Fryske sporten

Kêst 5.2.1 Doel

It subsydzje hat te’n doel om de organisaasje fan eveneminten en clinics op it mêd fan de Fryske sporten te befoarderjen, soks om de partisipaasje oan de Fryske sporten te fergrutsjen.

Kêst 5.2.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:

  • a.

    in sportevenemint op it mêd fan de Fryske sporten;

  • b.

    in sportclinic op it mêd fan de Fryske sporten.

Kêst 5.2.3 Doelgroep

Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan in rjochtspersoan mei folslein rjochtsfoech.

Kêst 5.2.4 Oanfraachperioade

  • 1 In oanfraach foar subsydzje kin ynstjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

  • 2 Subsydzje-oanfragen wurde wegere as dy ynkommen binne bûten in perioade dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe.

Kêst 5.2.5 Oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 5.2.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje kin wegere wurde as:

  • a.

    de aktiviteit ek sûnder subsydzje útfierd wurde kin;

  • b.

    de aktiviteit ferbân hâldt mei in útwikselingsprogramma, de reguliere kompetysje fan de feriening, al as net yn ynternasjonaal ferbân of play-offwedstriden;

  • c.

    de hichte fan it frege subsydzje net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • d.

    der in grûndearre reden is dat de aktiviteit yn organisatoaryske, technyske, finansjele of ekonomyske sin net helber is.

Kêst 5.2.7 Hifkingskritearia

  • 1 Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen wurdt oan de neikommende kritearia foldien:

    • a.

      de aktiviteit wurdt yn de provinsje Fryslân útfierd;

    • b.

      de aktiviteit is foar it publyk tagonklik;

    • c.

      oan de aktiviteit dogge op syn minst 75 dielnimmers mei út op syn minst trije doarpen of stêden.

  • 2 Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 5.2.2, ûnder b, jildt yn oanfolling op it foargeande lid dat de clinic op syn meast seis moanne duorret.

Kêst 5.2.8 Ferdielsystematyk

  • 1 Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen. De datum dat de oanfraach folslein is, jildt dêrby as datum fan ynkommen.

  • 2 Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 5.2.9 Niet subsidiabele kosten

De neikommende kosten komme net foar subsydzje yn ’e beneaming:

  • a.

    reis- en ferbliuwskosten, útsein reis- en ferbliuwskosten foar sjueryleden en skiedsrjochters;

  • b.

    kosten makke foar it yntsjinjen fan de oanfraach;

  • c.

    ynvestearrings;

  • d.

    kosten foar catering, lunches of diners, útsein de cateringkosten foar de frijwilligers, sjueryleden en skiedsrjochters by it evenemint;

  • e.

    kosten foar muzyk- en feestaktiviteiten;

  • f.

    personielskosten, útsein in fergoeding foar sjueryleden en skiedsrjochters en it ynhieren fan fakminsken foar ûnderdielen dy’t net troch frijwilligers útfierd wurde kinne;

  • g.

    oankeap fan shirts foar dielnimmers is net subsidiabel, of it moat wêze dat dizze oankeap foar frijwilligers, skiedsrjochters of sjueryleden is.

Kêst 5.2.10 Subsidiabele kosten

Ûnfermindere wat dêr yn kêst 1.10 fan de ASV en yn kêst 5.2.9 oer fêststeld is, komme alle kosten, foarsafier’t soks needsaaklik en gaadlik is, foar subsydzje yn ’e beneaming:

Kêst 5.2.11 Hichte subsydzje

  • 1 De hichte fan it subsydzje bedraacht op syn meast 35% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 5.000,-.

  • 2 By in oanfraach fan op syn minst seis sporteveneminten bedraacht it subsydzje, oars as wat yn it earste lid oanjûn stiet, op syn meast 35% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 20.000,-.

Hoofdstuk 6

Gereserveerd.

Hoofdstuk 7 Slotbepalingen

Artikel 7.1 Inwerkingtreding

Deze regeling treedt in werking met ingang van de dag na de datum van uitgifte van het provinciaal blad waarin zij wordt geplaatst.

Artikel 7.2 Citeertitel

Deze regeling wordt aangehaald als: Subsidieregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Ondertekening

Leeuwarden, 1 juli 2014
Voorzitter J.A. Jorritsma
Secretaris A.J. van den Berg