Taalferoardering Frysk gemeente Noardeast-Fryslân

Geldend van 26-09-2020 t/m heden

Intitulé

Taalferoardering Frysk gemeente Noardeast-Fryslân

De rie fan de gemeente Noardeast-Fryslân,

Nei it lêzen fan it foarstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan 14 july 2020;

Mei it each op artikel 5, earste lid fan de Wet Gebrûk Fryske taal;

Beslút om fêst te stellen de:

Taalferoardering Frysk gemeente Noardeast-Fryslân

Artikel 1 Begrypsbepalingen

Yn dizze feroardering wurdt ferstien ûnder:

  • 1.

    bestjoersorganen: de ried, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de boargemaster, en ek de persoanen dy’t ûnder harren ferantwurdlikens wurkje;

  • 2.

    twataligens: kar foar de Nederlânske óf de Fryske taal.

Artikel 2 Taalkar

  • 1.

    Elkenien kin de Fryske of de Nederlânske taal brûke yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei bestjoersorganen.

  • 2.

    De bestjoersorganen kieze yn begjinsel foar twataligens.

  • 3.

    By de taalkar yn in spesifike situaasje hâlde de bestjoersorganen rekken mei it stribjen om de posysje fan de Fryske taal yn harren wurkgebiet te fersterkjen.

Artikel 3. Skriftlik ferkear

  • 1.

    Of it moat wêze dat it gebrûk fan de Nederlânske of Fryske taal foarskreaun is, oars binne bestjoersorganen frij yn de kar oft hja in skriftlik stik opstelle yn de Fryske taal of de Nederlânske taal.

  • 2.

    De taalkar yn in troch bestjoersorganen ûntfongen stik is bepalend foar de taalkar fan troch of út namme fan harren op te stellen korrespondinsje.

Artikel 4 Oersetregeling

  • 1.

    Yn it gefal dat in skriftlik stik yn de Fryske taal opsteld is, jout it bestjoersorgaan op fersyk in oersetting yn de Nederlânske taal.

  • 2.

    As in stik yn it Nederlânsk opsteld is, jout it bestjoersorgaan op fersyk in oersetting yn it Frysk.

  • 3.

    De gemeente kin in fergoeding foar it oersetten freegje.

  • 4.

    De oersettings wurde fergees levere as it giet om:

  • a. de notulen of beslutelisten fan in gearkomste fan in fertsjintwurdigjend orgaan en:

  • • de oanfreger in streekrjocht belang hat by wat notulearre is, of

  • • it om it fêststellen fan algemien ferbinende foarskriften of beliedsregels giet; of

  • b. as it oer in beslút of hanneling giet dêr’t de oanfreger streekrjocht belanghawwende by is.

  • 5.

    Yn it gefal fan ynterpretaasjeferskillen jout de tekst yn it oarspronklike stik de trochslach.

Artikel 5 Mûnling ferkear

By klantekontakten is de taalkar fan de klant liedend. Dat jildt yn it bysûnder foar klantekontakten fia de telefoan of oan de baly. De telefoan wurdt yn it Frysk opnommen. Klanten hoege har net te ferbrekken.

Artikel 6 Hurdheidsklausule

Yn bysûndere omstannichheden wêrby’t de tapassing fan dizze feroardering nei de miening fan in bestjoersorgaan ta ûnridlikens laat, kin it bestjoersorgaan motivearre ôfwike fan it bepaalde yn ‘e feroardering.

Artikel 7 Slotbepalingen

  • 1.

    Dizze feroardening giet yn op de dei nei’t dy bekend makke is.

  • 2.

    Op de dei fan it yngean fan dizze feroardering ferfalle de ‘Feroardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Dongeradiel’ de ‘Taalferoardering Frysk fan de gemeente Ferwerderadiel’ en de ‘Taalferoardering Frysk fan de gemeente Kollumerland c.a.’.

  • 3.

    Dizze feroardering kin oanhelle wurde as ‘Taalferoardering Frysk gemeente Noardeast-Fryslân 2020’.

Sa besletten troch de ried yn syn iepenbiere gearkomste fan 10 september 2020.

Ondertekening

De ried niisneamd,

de griffier, de foarsitter,

{{Signer1}} {{Signer2}}

mr. S.K. Dijkstra mr. J.G. Kramer