CVDR475451_1Taalferoardering Frysk fan de gemeente DantumadielnlregelingDantumadiel2018-06-12Dantumadielgemeenteblad 4-12-2017Taalferoardering Frysk fan de gemeente DantumadielWet gebruik Friese taal, art 5gemeenteraadbestuur en recht2017-07-11De tekst in dit document is vrij van auteursrecht en
databankrecht2017-12-05nieuwe regelingOnbekendGeenTaalferoardering Frysk fan de gemeente DantumadielDe ried fan de gemeente Dantumadiel;nei it lêzen fan it útstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders
fan 30 maaie 2017 ;mei it each op kêst 5, earste lid, fan de Wet gebrûk Fryske taal ;beslút om fêst te stellen de:Taalferoardering Frysk fan de gemeente Dantumadiel1: Begrypsbepalingen
Yn dizze feroardering wurdt ferstien ûnder:
dûbeltaligens: it tagelyk brûken fan de Nederlânske en de
Fryske taal;
twataligens: kar foar de Nederlânske of de Fryske taal.
2. Yn dizze feroardering wurdt ûnder gemeentlike besjoersorganen
ferstien: de ried, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de
boargemaster, en ek de persoanen dy't ûnder harren ferantwurdlikheid
wurkje.
Artikel 2: Taalkar
Elkenien kin de Fryske of de Nederlânske taal brûke yn it mûnlinge
en skriftlike ferkear mei de bestjoersorganen.
De besjoersorganen kieze yn begjinsel foar twataligens. Fan dat
útgongspunt kin ôfwykt wurde as it bestjoersorgaan dêr yn in
konkreet gefal foar kiest.
By de taalkar yn in spesifike sitewaasje hâldt it bestjoersorgaan
rekken mei it stribjen om de posysje fan de Fryske taal yn harren
wurkgebiet te fersterkjen.
Artikel 3: Skriftlik ferkear
Bestjoersorganen binne frij yn de kar oft hja in skriftlik stik
opstelle yn de Fryske taal of de Nederlânske taal. of it moat wêze
dat it gebrûk fan de Fryske of de Nederlânske taal foarskreaun is.
De taalkar yn in troch bestjoersorganen ûntfongen stik is bepalend
foar de taalkar fan de troch (of út namme fan) harren op te stellen
korrespondinsje.
Bestjoersorganen brûke de Fryske taal by it opstellen fan
korrespondinsje mei oerheden, dêr't de gemeente in
yntinsjeferklearring oangeande it gebrûk fan it Frysk yn it
skriftlike ferkear mei ôfsletten hat.
Artikel 4: Oersetregeling
Yn it gefal in skriftlik stik yn de Fryske taal opsteld is, jout it
besjoersorgaan op fersyk in oersetting yn de Nederlânske taal.
Wannear’t in oan him/har rjochte skriftlik stik allinnich yn de
Nederlânske taal opsteld is, kin dêr op fersyk in oersetting yn de
Fryske taal fan makke wurde.
Oersettingen wurde fergees levere.
Yn it gefal fan ynterpretaasjeferskillen is de tekst yn it
oarspronklike stik beskiedend.
Artikel 5: Beliedsplan1.Om it bepaalde yn kêst 5, twadde lid, fan de Wet gebrûk Fryske taal út te
fieren stelt it kolleezje in beliedsplan op, wêrby't rjocht dien wurdt oan
it bepaalde yn it earste lid fan kêst 5 fan de Wet gebrûk Fryske taal.Artikel 6: Slotbepalingen
Dizze feroardering giet yn op de dei nei’t er bekendmakke is.
De ‘Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente
Dantumadiel’ fan 26 juni 2007 wurdt ynlutsen.
Dizze feroardering kin oanhelle wurde as 'Taalferoardering Frysk fan
de gemeente Dantumadiel’.
UndertekeningSa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente
Dantumadiel fan 11 july 2017.Drs. K.S. Heldoorn, foarsitter Y. Halman, griffier