Taalferoardering Frysk fan de gemeente Dantumadiel

Geldend van 05-12-2017 t/m heden

Intitulé

Taalferoardering Frysk fan de gemeente Dantumadiel

De ried fan de gemeente Dantumadiel;

nei it lêzen fan it útstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan 30 maaie 2017 ;

mei it each op kêst 5, earste lid, fan de Wet gebrûk Fryske taal ;

beslút om fêst te stellen de:

Taalferoardering Frysk fan de gemeente Dantumadiel

Artikel 1: Begrypsbepalingen

  • 1.

    Yn dizze feroardering wurdt ferstien ûnder:

    • -

      dûbeltaligens: it tagelyk brûken fan de Nederlânske en de Fryske taal;

    • -

      twataligens: kar foar de Nederlânske of de Fryske taal.

  • 2.

    2. Yn dizze feroardering wurdt ûnder gemeentlike besjoersorganen ferstien: de ried, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de boargemaster, en ek de persoanen dy't ûnder harren ferantwurdlikheid wurkje.

Artikel 2: Taalkar

  • 1.

    Elkenien kin de Fryske of de Nederlânske taal brûke yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei de bestjoersorganen.

  • 2.

    De besjoersorganen kieze yn begjinsel foar twataligens. Fan dat útgongspunt kin ôfwykt wurde as it bestjoersorgaan dêr yn in konkreet gefal foar kiest.

  • 3.

    By de taalkar yn in spesifike sitewaasje hâldt it bestjoersorgaan rekken mei it stribjen om de posysje fan de Fryske taal yn harren wurkgebiet te fersterkjen.

Artikel 3: Skriftlik ferkear

  • 1.

    Bestjoersorganen binne frij yn de kar oft hja in skriftlik stik opstelle yn de Fryske taal of de Nederlânske taal. of it moat wêze dat it gebrûk fan de Fryske of de Nederlânske taal foarskreaun is.

  • 2.

    De taalkar yn in troch bestjoersorganen ûntfongen stik is bepalend foar de taalkar fan de troch (of út namme fan) harren op te stellen korrespondinsje.

  • 3.

    Bestjoersorganen brûke de Fryske taal by it opstellen fan korrespondinsje mei oerheden, dêr't de gemeente in yntinsjeferklearring oangeande it gebrûk fan it Frysk yn it skriftlike ferkear mei ôfsletten hat.

Artikel 4: Oersetregeling

  • 1.

    Yn it gefal in skriftlik stik yn de Fryske taal opsteld is, jout it besjoersorgaan op fersyk in oersetting yn de Nederlânske taal.

  • 2.

    Wannear’t in oan him/har rjochte skriftlik stik allinnich yn de Nederlânske taal opsteld is, kin dêr op fersyk in oersetting yn de Fryske taal fan makke wurde.

  • 3.

    Oersettingen wurde fergees levere.

  • 4.

    Yn it gefal fan ynterpretaasjeferskillen is de tekst yn it oarspronklike stik beskiedend.

Artikel 5: Beliedsplan

1.Om it bepaalde yn kêst 5, twadde lid, fan de Wet gebrûk Fryske taal út te fieren stelt it kolleezje in beliedsplan op, wêrby't rjocht dien wurdt oan it bepaalde yn it earste lid fan kêst 5 fan de Wet gebrûk Fryske taal.

Artikel 6: Slotbepalingen

  • 1.

    Dizze feroardering giet yn op de dei nei’t er bekendmakke is.

  • 2.

    De ‘Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Dantumadiel’ fan 26 juni 2007 wurdt ynlutsen.

  • 3.

    Dizze feroardering kin oanhelle wurde as 'Taalferoardering Frysk fan de gemeente Dantumadiel’.

Ondertekening

Undertekening
Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Dantumadiel fan 11 july 2017.
Drs. K.S. Heldoorn, foarsitter Y. Halman, griffier