Regeling vervallen per 01-05-2017

Oardering Frysk

Geldend van 01-10-2010 t/m 30-04-2017

Intitulé

Oardering Frysk

Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Achtkarspelen

Artikel 1 Definysjes

Yn dizze oardering wurdt ferstien ûnder:

  • 1.

    twataligens: kar foar de Nederlânske of de Fryske taal.

  • 2.

    bestjoersorganen: gemeenteried, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, en de boargemaster.

Artikel 2 Berik fan de oardering

Dizze oardering regelt it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken fan de gemeente Achtkarspelen.

Artikel 3 Rjocht fan taalkar

De bestjoersorganen hawwe it rjocht om te kiezen foar it brûken fan de Fryske taal, foar safier't dat rjocht net beheind wurdt troch wetlike bepalings.

Artikel 4 Taalkar

De bestjoersorganen kieze foar it begjinsel fan twataligens.

Artikel 5 Kritearia taalkar

By de taalkar wurdt yn alle gefallen rekken hâlden mei:

  • 1.

    de kritearia sa’t dy dellein binne yn artikel 2:10 fan de Algemene wet bestuursrecht;

  • 2.

    it belang om deselde taal te brûken as dêr't it bestjoersorgaan yn oanskreaun is (folgjend taalbelied);

  • 3.

    de kontinuïteit fan de taalkar;

  • 4.

    de bestimming fan de dokuminten;

  • 5.

    de konsiderâns fan ôfdieling 2.2 fan de Algemene wet bestuursrecht: ‘groter gewicht toe te kennen aan de beginselen van gelijke behandeling en gelijkwaardigheid van de Friese taal in de provincie Fryslân’.

Artikel 6 Oersettingsregeling

  • 1. Is in dokumint yn de Fryske taal steld, dan jout it bestjoersorgaan op fersyk in Nederlânsktalige oersetting.

  • 2. Foar in oersetting as bedoeld yn it earste lid wurdt gjin fergoeding frege.

  • 3. By in wiermerke Nederlânske oersetting fan stikken dy’t allinnich yn de Fryske taal steld binne, jout de oarspronklike Fryske tekst, yn gefal fan ynterpretaasjeferskillen, de trochslach.

Artikel 7 Hurdheidsklausule

Yn bysûndere omstannichheden wêrby’t de tapassing fan dizze oardering nei de miening fan in bestjoersorgaan ta ûnridlikens laat, kin it bestjoersorgaan motivearre ôfwike fan it bepaalde yn ‘e oardering.

Artikel 8 Slotbepalings

  • 1.

    Dizze oardering giet yn op 1 oktober 2010.

  • 2.

    Dizze oardering kin oanhelle wurde as ‘Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Achtkarspelen’.

Ondertekening

Sa fêststeld troch de gemeenteried fan Achtkarspelen op 23 septimber 2010,
T.J. van der Zwan, foarsitter
mefrou R. van der Tempel, griffier

Taljochting it artikel

Artikel 1

Dit artikel jout definysjes foar begripen dy't net omskreaun binne yn de Algemene wet bestuursrecht.

Artikel 2

Yn dit artikel wurdt de wurking fan de oardering oanjûn. Der binne twa begrinzings. Yn it foarste plak jildt de oardering allinnich foar de bestjoersorganen fan de gemeente Achtkarspelen. Der wurde dus gjin regels steld dy't fan betsjutting binne foar de taalkar fan boargers. Yn de Algemene wet bestuursrecht binne dêr wol bepalings oer opnommen. It doel fan de oardering is lykwols rjochtswissens te bieden oan boargers yn de omgong mei bestjoersorganen. It is dus saak om sa dúdlik mooglik te omskriuwen hoe't de gemeente mei it Frysk omgiet.

Yn it twadde plak jildt de oardering allinnich foar it skriftlik ferkear. It mûnling ferkear is in saak fan ‘normale wederkerende tegemoetkomendheid’. Dêrneist binne yn artikels 2:7 en 2:8 fan de Algemene wet bestuursrecht regels opnommen oer it mûnling ferkear. Krekt mei it skriftlik ferkear hingje rjochten en ferplichtings gear. Yn artikel 2:9 fan de Algemene wet bestuursrecht wurdt oan de yn de provinsje Fryslân festige bestjoersorganen dy't net ta de sintrale oerheid hearre, dan ek eksplisyt it foech jûn om regels te stellen foar it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken.

Artikel 3

De bestjoersorganen fan in gemeente binne de gemeenteried, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, en de boargemaster. Under artikel 1 is nochris oanjûn dat it om dizze organen giet. Under de definysje fan bestjoersorganen yn de Algemene wet bestuursrecht falle nammentlik ek de yn Fryslân festige, by mienskiplike regeling ynstelde iepenbiere lichems en mienskiplike organen. It rjocht fan in frije taalkar kin beheind wurde troch wetlike bepalings. Dêrûnder wurde formeel wetlike bepalingen ferstien, lykas artikel 2:10 en 2:11 út de Algemene wet bestuursrecht.

Artikel 4

Yn 'e diskusje oer it Frysk yn it bestjoerlik ferkear spilet de fraach oft foar twataligens of dûbeltaligens keazen wurde moat. Twataligens docht rjocht oan it begjinsel fan lykweardigens, mar freget wol in bewuste kar yn eltse situaasje. Dûbeltaligens jout in konkurrinsjeferhâlding en it kostet mear tiid en jild om alles yn twa talen op te stellen. Yn de Algemene wet bestuursrecht bliuwt de mooglikheid iepen foar beide stelsels. Yn dit artikel is keazen foar it begjinsel fan twataligens.

Artikel 5

De oardering giet út fan de algemien akseptearre útgongspunten foar regeljouwing oer it brûken fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear, nammentlik de lykweardigens en lykberjochtiging fan it Frysk en it Nederlânsk as talen fan it offisjele ferkear yn Fryslân. Yn artikel 5, fiifde lid binne dizze útgongspunten dellein en dêrmei ek it útgongspunt fan dizze oardering: it ferbetterjen fan de posysje fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear troch it fieren fan in eksplisyt taalbelied.

Artikel 6

In oersettingsregel is wichtich foar de rjochtsbeskerming fan net-Frysktaligen. As der sprake is fan in belanghawwende of algemien ferbinende foarskriften is de oersetting fergees (artikel 2:11 Awb). Yn alle oare gefallen kinne gemeenten sels beslute oft hja al of net in fergoeding freegje foar in oersetting. Ynearsten kieze wy der foar in oersetting fan in Frysktalich stik op fersyk fergees te jaan.

Artikel 7

Om’t der sitewaasjes wêze kinne weryn’t it net ridlik is sjoen de omstannichheden om fêst te hâlden oan it bepaalde yn ‘e oardering is der foar keazen om dizze hurdheidsklausule op te nimmen. Der soene ommers omstannichheden wêze kinne weryn’t in bestjoersorgaan ôfwike wol fan it begjinsel fan twataligens en in stik dûbeltalich nei bûten bringe wol. Yn alle gefallen moat it gean om bysûndere omstannichheden dy’t harren net fan te foaren yn in regel fetsje litte en werby’t sprake wêze sil fan ûnridlikens wannear’t de oardering tapast wurdt. It bestjoersorgaan sil syn oardiel hjiroer jaan moatte en sil de ôfwiking fan ‘e oardering motivearje moatte.

Artikel 8

Dit artikel is algemien en jout gjin oanlieding ta op- of oanmerkings.