Regeling vervallen per 26-09-2020

Beliedsplan Frysk 2005

Geldend van 01-08-2005 t/m 25-09-2020

BELIEDSPLAN FRYSK 2005

GEMEENTE FERWERDERADIEL

Ynhâldsopjefte

1. Ynlieding

Ferwerderadiel is in twatalige gemeente, dêr 't de measte ynwenners yn haadsaak Frysk prate en wat minder Frysk lêze en skriuwe. Lykas har ynwenners heart de gemeente ek twatalich te wêzen. De identiteit en it taalgebrûk hingje nau gear. Der kin steld wurde dat immen eftersteld wurdt as syn/har taal eftersteld wurdt. Yn it ferkear tusken boargers en oerheid wurde de Frysktaligen oer it algemien eftersteld neffens de Nederlânsktaligen. De oerheid soe it Frysk dêrom sels ek mear brûke moatte, net allinnich tsjin de boargers oer, mar ek foar it wiermeitsjen fan 'e identiteit.

Yn 1988 is it beliedsplan Frysk fan 'e gemeente Ferwerderadiel fêststeld. Mei regelmaat is dêrnei dat beliedsplan evaluearre.

In tal saken út it beliedsplan is ûndertusken realisearre. Dêrom de rop fan 'e ried út om ris op 'e nij te sjen nei it beliedsplan; om it op in tal punten oan te passen en te feroarjen.

Foar it meitsjen fan it beliedsplan is in wurkgroep ynsteld. Dy wurkgroep bestiet út:

De wurkgroep hat twa kear byinoar west, beide kearen is it konsept bepraat wurden. It konsept sa 't it no foarleit is akkordearre troch de wurkgroep.

Yn de nije opset is keazen foar in oanpak dy 't oanslút by it 'Europees handvest voor regionale talen of talen van minderheden'.

Yn dit nije beliedsplan wurde konkrete beliedsútstellen dien. Dit om by te dragen oan 'e ûntwikkeling fan in aktyf Frysk taalbelied.

2. Underwiis

Yn it âlde beliedsplan is gjin haadstik opnommen oangeande it ûnderwiis. Yn it Europeesk hânfêst is dit haadstik wol opnommen, en om 't it in wichtich ûnderwerp is wurdt der no wol omtinken oan jûn.

2.1 Pjutteboartersplakken en berne-opfang

Der binne yn ús gemeente 5 pjutteboartersplakken. De pjutteboartersplakken binne selsstannich, mar wol oansletten by de 'Federatie Peuterspeelzalen Ferwerderadiel'. De pjutteboartersplakken hawwe in eigen belied, de liedsters binne lykwols yn tsjinst fan foarneamde federaasje. Allinnich de federaasje krijt subsydzje fan 'e gemeente, dy ferdielt it ûnder de pjutteboartersplakken.

Dêrnjonken is der noch de berneopfang, te ferdielen yn berne-deiopfang, bûtenskoalse op-fang en gastâlderopfang. Yn Ferwerderadiel is ien ynstelling, de 'Stichting Kinderopvang Noord-Oost Friesland', dy 't alle trije foarmen fan berneopfang útfiert.

Pjutten wurde safolle mooglik opfongen yn 'e memmetaal, dat kin likegoed it Frysk as it Nederlânsk wêze, en wurde boartsjendewei ek yn oanrekking brocht mei de oare taal.

Der is by de Federatie Peuterspeelzalen Ferwerderadiel in budzjet foar by-oplieding en kursussen foar lieding, dêr kinne ek Fryske kursussen fan dien wurde.

Der wurdt by de Afûk op it stuit wurke oan in kursus foar pjutteliedsters. It sil in kursusdei wurde dy 't as doel hat om yn it koart de wichtichste staveringsregels by te bringen en de bonkjes út it mûnlinge taalgebrûk te heljen.

De gemeente bekostiget by de pjutteboartersplakken it Tomke-projekt

(€ 451,00 it jier). Dat projekt wurdt ynset by it ûnderwiisefterstânsbelied by pjutteboar-tersplakken. Op dit stuit wurdt troch alle pjutteboartersplakken gebrûk makke fan it Tomke projekt.

Beliedsoanbefellings:

2.2 Primêr-ûnderwiis

Binnen it basis- en fuortset ûnderwiis is it Frysk wetlik ferplichte. De ynfolling fan it fak Frysk makket diel út fan it struktureel oerlis mei oanbelangjende skoallen.

Op 31 maart 1998 is de 'Wet op het Primair Onderwijs' fan krêft wurden, wêryn't ek de bepalings oangeande it fak Frysk en it brûken fan it Frysk as fiertaal opnommen binne. Bepalend foar de ynhâld fan it ûnderwiis binne de kearndoelen dy 't yn 1993 fêststeld binne. De ûnderwiisynspeksje is neffens it provinsjale 'Plan fan oanpak Frysk yn it ûnderwiis' ta de konklúzje kommen dat de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk oer it algemien net sa bêst is.

Op alle basisskoallen yn Ferwerderadiel wurdt it Frysk yn mear as mindere mate brûkt. Soks falt en stiet faaks mei de learkrêft dy 't foar de klasse stiet.

Foar learkrêften binne der faaks gjin funksje-easken oangeande it Frysk, wol hawwe alle learkrêften it foech om Frysk te jaan (oantekening op 'e akte).

CEDIN stipet skoallen ek op it mêd fan it Frysk, troch it útjaan fan materialen, tydskriften ensafierder.

Beliedsoanbefellings:

 De basisskoallen yn Ferwerderadiel oantrune om yn harren skoalleplannen in paragraaf op te nimmen oer it Fryske taalbelied, sadat dúdlik wurdt hokker plak it Frysk yn skoalle hat en mooglik krije sil. Skoallen kinne ek oanjaan yn hoefier en op hokker wize hja de kearndoelen Frysk útfiere wolle.

 De basisskoallen yn Ferwerderadiel oantrune omtinken te jaan oan de eigen skiednis en kultuer.

2.3 Fuortset ûnderwiis

Learlingen binne folslein learplichtich oant de ein fan it skoaljier wêryn't hja 16 jier wurden binne. Nei de basisskoalle folgje dêrom noch om syn minst 4 jier fuortset ûnderwiis. Sûnt it skoaljier 1993/1994 wurdt op skoallen in algemien program oanbean: de basisfoarming. Foar skoallen yn Fryslân makket it ûnderwiis yn 'e Fryske taal ûnderdiel út fan 'e basisfoarming.

Op it Dockinga College yn Ferwert wurdt it Frysk ien oere yn 'e wike oanbean oan de earste klassen. De fiertaal op dy skoalle is Nederlânsk mar it Frysk wurdt ek in soad brûkt. Der is gjin stimulearring foar in eksamenklasse Frysk.

Beliedsoanbefellings:

2.4 Folwoeksene-ûnderwiis

Taalfeardigens kin yn 'e provinsje Fryslân diel útmeitsje fan in gearhingjend oanbod oan basisedukaasje, mar op dit stuit is der gjin oanbod. Mei de útfierder, it Friesland College, wurde ôfspraken makke yn 'e foarm fan in produktoerienkomst. Doelgroepen kinne wêze: allochtoanen, asylsikers en nijkommers en útfallers út it gewoane ûnderwiis.

De Afûk is in kursusorganisaasje dy 't kursussen Frysk foar net-Friezen en ferskate kursussen Frysk foar Friezen organisearret op ferskate plakken yn 'e provinsje.

Beliedsoanbefellings:

3. Wetlike akten

Der is net folle romte foar eigen inisjatyf foar gemeenten yn dit stik fan saken. It giet om it goed útfieren fan wetlik foarskreaun belied.

Yndividuele boargers komme as klant mei de gemeente yn kontakt foar it oanjaan fan berte en ferstjerren fan har neisten en wannear 't hja ûnder de geboadens geane om te trouwen.

Mei yngong fan 1 jannewaris 1997 jildt dat akten fan 'e boargerlike stân yn Fryslân likegoed yn it Frysk as yn it Nederlânsk opmakke wurde moatte. De gemeente Ferwerderadiel beskikt, lykas alle oare gemeenten yn Fryslân, oer in software-pakket mei twatalige akten om sa útfiering jaan te kinnen oan 'e wet. Dêrtroch wurdt it Frysk as taal ek sichtber yn it trouboekje en by berte-akten.

By de tarieding fan 'e houlikssluting komme de takomstige breid en brêgeman foar de fraach te stean hokker taal by de houlikssluting en houlikstaspraak brûkt wurde sil. By it yn ûndertrou gean wurdt fuortdaliks frege oft minsken harren houlikstaspraak yn it Frysk as yn it Nederlânsk hawwe wolle.

67% fan 'e houlikstaspraken yn Ferwerderadiel wurde yn it Frysk sletten, dêrmei steane wy op it twadde plak yn 'e provinsje Fryslân. Foar de babsen (bûtengewoan amtner fan ‘e boargerlike stân) is in praktysk helpmiddel oanwêzich by it skriuwen fan Frysktalige houlikstaspraken: Boustiennen foar it skriuwen fan Frysktalige houlikstaspraken. Ek stiet der ynformaasje oer it skriuwen fan houlikstaspraken op 'e webstek fan 'e Afûk (www.afuk.nl).

Beliedsoanbefellings:

4. Bestjoerlike autoriteiten en iepenbiere tsjinsten.

4.1 Gemeentlike foarskiednis

Mei it fêststellen fan it beliedsplan Frysk fan 'e gemeente Ferwerderadiel yn 1988 hat de ried har útsprutsen foar twataligens. By twataligens krijt it Frysk krekt as it Nederlânsk in selsstannich plak yn it offisjele ferkear. Dat betsjut dat gemeentlike stikken, ôfhinklik fan 'e sitewaasje, as regel inkeld yn it Frysk of inkeld yn it Nederlânsk binne.

De skriftlike iepenbiere uterings kinne lykwols op twa manieren dien wurde. Der wurdt praat fan dûbeltaligens as de stikken sawol yn it Frysk as it Nederlânsk skreaun binne.

Dûbeltaligens hat foar dat alle lêzers de tekst neikomme kinne. Der binne lykwols ek dúdlike neidielen.

Dûbeltaligens jout in protte ekstra wurk en kostet ekstra muoite, tiid en papier.

Fierder stiet dûbeltaligens it selsstannich brûken fan it Frysk yn ’e wei. In skriuwer fan in dûbeltalich stik sil meastal earst de Nederlânske tekst meitsje en dy dan yn it Frysk oersette. In protte lêzers sille foar it gemak de Nederlânsktalige ferzje foar kar nimme en net de muoite nimme om it Frysk te lêzen. Wannear 't soks bart, kriget it Frysk in twadderangs plak en wurdt it allinne foar de foarm brûkt.

Dûbeltaligens keart sadwaande it lykweardich brûken fan it Frysk op.

By twataligens krijt it Frysk krekt as it Nederlânsk in selsstannich plak yn it offisjele ferkear.

Dat betsjut dat gemeentlike stikken, ôfhinklik fan ’e sitewaasje, as regel inkeld yn it Frysk of inkeld yn it Nederlânsk binne.

De neidielen fan de dûbeltaligens jilde net foar de twataligens.

Yn dat systeem kin it Frysk him selsstannich ûntjaan sûnder de ekstra muoite, tiid en sinteraasje fan de dûbeltaligens. Foar twataligens pleitet ek dat it folslein oanslút op de taalsitewaasje bûten it gemeentehûs, dêr't yn alle ûnderdielen fan de Fryske mienskip it systeem fan twataligens hiem is.

Op grûn fan de ferliking tusken beide mooglikheden hat Ferwerderadiel keazen foar twataligens.

De gemeente kin net yn alle omstannichheden it Frysk as iennichste taal foar kar nimme.

De boarger leit de gemeente de grutste beheinings op. De gemeente, tsjinstber as hja is, moat ornaris it taalgebrûk fan de boarger yn skriftelike uterings oernimme. De boarger hat der rjocht op dat de gemeente him yn deselde taal skriuwt as dy't er yn syn skriuwen oan de gemeente brûkt, behalven as dúdlik is dat in oare taal ek kin. De rjochtsbeskerming fan de boarger foarmet ek in begrinzing. De gemeente moat der om tinke dat dy beskerming net yn 'e knipe komt. Hieltyd op 'e nij moat it gemeentlik taalgebrûk hifke wurde oan stikken dy't mear befetsje as sljochtwei meidielings. De mjitte fan it direkte, persoanlik belang fan de boarger moat beskiedend wêze foar de taal dy't de gemeente brûkt. Spilet der yn in beskate omstannichheid gjin persoanlik belang mei, dan is de gemeente yn begjinsel frij yn it kiezen fan in taal.

Foar 1996 wie it wetlik lykwols net mooglik om it twatalige belied út te fieren, want yn 1990 hat de Steatsried útsprutsen dat:

Ientalich Fryske stikken wiene mei oare wurden net tastien. Yn alle gefallen moast op fersyk in fergese oersetting levere wurde. Dat hie fan gefolgen dat it Frysk net folle brûkt waard yn it offisjele ferkear, omdat it in soad ekstra rompslomp joech.

4.2 Sitewaasje 2001

Troch wiziging fan de Awb is it sûnt 2001 tastien om it Frysk te brûken yn it offisjele ferkear, mar op betingst dat ien en oar regele wurdt yn in oardering.

Wichtich yn dit ferbân is, dat net mear yn alle gefallen in fergese oersetting levere hoecht te wurden, mar dat yn guon gefallen in fergoeding frege wurde kin.

Foar belanghawwenden jildt, dat hja in direkt en persoanlik belang by de saak hawwe moatte en om dy reden in fergese Nederlânske oersetting fan in Frysk stik krije kinne. It is oan B&W om soks te hifkjen. Is der gjin sprake fan in direkt persoanlik belang, dan kín de gemeente in fergoeding foar de makke oersetkosten freegje.

4.3 Oardering Frysk yn it offisjele ferkear

Op 20 septimber 2001 is de oardering 'Frysk yn it skriftlik ferkear' fêststeld troch de gemeenteried.

It doel fan foarneamde oardering is om rjocht te dwaan oan it prinsipe fan twataligens. Yn 'e oardering is fêstlein dat it de bestjoersorganen fan de gemeente frij stiet om sels de kar te meitsjen foar it brûken fan de Fryske of de Nederlânske taal. Dêrby wurdt in tal kritearia neamd, dy’t by dy kar in rol spylje moatte. Mei oare wurden: it bestjoersorgaan moat foar elke sitewaasje de belangen ôfweagje. Wichtige yntinsje is om de posysje fan it Frysk yn it skriftlik ferkear te fersterkjen. Mei it fêststellen fan in oardering (artikel 2:9 lid 1 fan de Algemene wet bestuursrecht) wurdt stal jûn oan de wetlike basis fan twataligens.

By de taalkar wurdt yn alle gefallen rekken hâlden mei:

  • a.

    de taalkarkritearia sa ’t dy dellein binne yn kêst 2:10 fan de ‘Algemene wet bestuursrecht’;

  • b.

    it belang om deselde taal te brûken as dêr ’t it bestjoersorgaan yn oanskreaun is (folgjend taalbelied);

  • c.

    de kontinuïteit fan de taalkar;

  • d.

    de bestimming fan de dokuminten;

  • e.

    de konsiderâns fan ôfdieling 2.2 fan de Algemene wet bestuursrecht: ‘groter gewicht toe te kennen aan de beginselen van gelijke behandeling en gelijkwaardigheid van de Friese taal in de provincie Fryslân’.

    De oardering is op 1 oktober 2001 yngien; doe is gjin taryfbeslút fêststeld. Der is ôfpraat om nei in jier te besjen oft der foar ‘net-belanghawwenden’ in taryfbeslút nommen wurde moast. Om't der nei ferrin fan in jier gjin inkeld fersyk om in oersetting west wie, is gjin taryfbeslút taheakke.

    4.4 Foarljochting / gemeentlik apparaat

    4.4.1 Foarljochting

    It is wichtich dat de gemeentlike ynformaasje goed oerkomt en dat de boarger de taal brûke kin dêr't er/hja him of har it bêste mei rêde kin.

    De tillefoan by de resepsje wurdt yn prinsipe yn it Frysk opnommen. Docht bliken dat dyjinge oan 'e tillefoan it Frysk net machtich is, dan skeakelet de tillefoaniste oer yn it Nederlânsk.

    De buordsjes yn it ge-meentehûs binne yn it Frysk.

    It ûnderdiel foarljochting kin wat dwaan oan de gefoelichheden, de wjeraksel en tsjinstân dy’t it Frysk no ienris meibringt. Net allinne yn it eigen apparaat of yn it gebiet fan de gemeente, mar yn hiel Nederlân.

    Ferwerderadiel is dêr in part fan en har ynwenners, bestjoerders en amtners libje yn in folslein iepen maatskippij en steane dus net los fan de huverigens dy’t op ûnderskate gebieten yn Nederlân fanwegen it Frysk bestiet.

    Wol is it sa dat foarljochting, sjoen de gemeentlike funksje en mooglikheden en mei it each op it berikken fan in geunstich effekt op koarte termyn, benammen bedreaun wurde moat op eigen hiem.

    De klam fan foarljochting moat foarearst lizze op it akseptearjen fan it taalbelied.

    De taal dêr’t foarljochting yn bedreaun wurdt moat ôfhingje fan de groep dy’t min te berikken is. Dêrom hoecht it net perfoarst yn it Frysk.

    De gemeentegids is yn it Nederlânsk opsteld. Sûnt 2005 is it foarwurd yn it Frysk.

    Beliedsoanbefellings:

    4.4.2 Frysk op, yn en by gemeentlike eigendommen

    Der is begûn mei it skriuwen fan Frysktalige teksten mei in ynformatyf karakter op gemeentlike eigendommen. Dêrby is tocht oan teksten op ridend materieel, buordsjes, glêskontainers en op it poststimpel. Soks sil tenei safolle mooglik barre.

    4.4.3 Ynternet

    Algemiene ynformaasje stiet op ynternet yn it Nederlânsk en yn it Frysk.

    Oare, aktuele ynformaasje stiet òf yn it Nederlânsk òf yn it Frysk op 'e side.

    Beliedsoanbefelling:

    4.4.4 Yntern Frysk by de gemeente / opliedingsbelied

    In grut tal fan it personiel fan 'e gemeente Ferwerderadiel kin yn alle gefallen it Frysk ferstean, in part kin it Frysk ek lêze.

    Der binne sa'n 14 amtners dy 't ien of mear diploma's Frysk hawwe. Dat hâldt net yn dat hja allegearre in soad Fryske útstellen ensafuorthinne produsearje.

    Om 't hja it Frysk net geregeld brûke, kostet it meitsjen fan Fryske stikken mear tiid en bart it faaks net.

    De gemeente Ferwerderadiel stipet har personiel om Fryske kursussen te folgjen. It kursusjild wurdt fergoede en by it beheljen fan it diploma wurdt der in gratifikaasje útkeard.

    Yn 'e takomst, at alle kompjûters fernijd binne, is der foar elkenien de Fryske Taalhelp beskikber.

    Beliedsoanbefellings:

    4.4.5 Beneamingsbelied / personielsbelied

    Alle personielsadvertinsjes wurde yn it Frysk publisearre, útsein dy yn ‘e lanlike media.

    Beliedsoanbefellings:

    4.4.6 Amtner Frysk

    Der is in amtner Frysk taalbelied by de gemeente yn tsjinst, dy’t likegoed yntern as ekstern as oansprekpunt fungearret. Yn prinsipe hawwe alle amtners mei it Frysk te krijen. De amtner Frysk hat dêrby in mear begeliedende rol.

    Alle saken dy’t mei it Frysk te krije hawwe binne dêrom net automatysk foar de amtner Frysk. De amtner Frysk is yn it foarste plak belêste mei de tarieding, útfiering en begelieding fan it Fryske taalbelied yn de gemeente.

    Hja is it advysorgaan oan it kolleezje fan B&W oangeande it Fryske taalbelied en de presintaasje dêrfan nei bûten ta. Der is 0,1 fte beskikber foar de ynfolling.

    4.4.7 Personielsblêd Persnijs

    Der wurde geregeldwei Fryske bydragen yn it personielsblêd opnommen, soks hinget lykwols ôf fan 'e skriuwers fan in bydrage. De redaksje besiket wol om Fryske bydragen te krijen.

    4.4.8 Abonneminten op Fryske tydskriften

    Op it stuit binne der abonneminten op de blêden 'Pompeblêden' en 'Ut 'e Smidte'. Dizze blêden rûlearje yn in lêsmap binnen de organisaasje.

    De tematydskriften fan 'e Afûk wurde troch it gemeentehûs hinne ferspraat.

    4.4.9 Frysk nei oare gemeenten

    Op dit stuit is der in taalfolgjend belied; as minsken en ynstânsjes in Fryske brief skriuwe krije ja ek in Frysk antwurd.

    De VFG en de Afûk wurkje op dit stuit oan in webside foar gemeenten oer it Frysk. Dêr sille digitale foarbyldbrieven / formulieren op te finen wêze, ynformaasje oer alderhande saken op it mêd fan it Frysk, taalbeliedsplannen fan Fryske gemeenten, kontaktpersoanen, stipe ensafuorthinne.

    Beliedsoanbefellings:

    4.5 Nammejouwing

    Sûnt de 50-er jierren is it nammejouwingsproses aktueel

    Sûnt de fyftiger jierren is der in proses geande dat hieltyd mear Fryske boargers kieze foar eigenens. Dat komt dúdlik nei foaren as it giet om nammejouwing. Derby kin tocht wurde oan famyljenammen, plak- en strjitnammen, nammen fan buorskippen, fjildnammen en no ek de wetternammen.

    Yn famylje-advertinsjes kamen sûnt dy tiid hieltyd faker Fryske teksten, of eleminten dêrfan, foar.

    Yn de fyftiger jierren kamen de Frysktalige strjitnammen op, ek yn in plak as Ljouwert. Yn de tachtiger jierren kamen dêr de Fryske plaknammen by. Tal fan Fryske gemeenten, wêrûnder de gemeente Ferwerderadiel, hawwe in Fryske gemeentenamme oannaam en guon gemeenten hawwe ek harren plaknammen offisjeel yn it Frysk fêststeld.

    4.5.1 Gemeentenamme

    Op 1 jannewaris 1999 is de Fryske gemeentenamme ynfierd.

    4.5.2 Plaknammen

    Op 1 jannewaris 1999 binne de Fryske plaknammen ynfierd.

    4.5.3 Strjitnammen

    Nije strjitnammen wurde yn 'e regel yn it Frysk fêststeld.

    4.5.4 Wetternammen

    Yn de mande mei in tal oare gemeenten (Boarnsterhim, Littenseradiel, Tytsjerksteradiel en Wûnseradiel) hat de gemeente it fersyk by de provinsje dellein om de koördinaasje op har te nimmen foar it ynfieren fan Fryske wetternammen. By de wetternammen is de fraach fan it foech oer de nammejouwing nammentlik net sa ienfâldich te beänderjen, omdat guon wetters yn mear as ien gemeente lizze.

    It offisjeel fêststellen fan de Fryske wetternammen soe in ein meitsje moatte oan de betizing dy’t der oer de nammejouwing bestiet en hat in kultuerhistoaryske betsjutting yn it ramt fan it fêstlizzen fan nammen, sa’t dy fan âlds hjitte. Fierwei de measte gemeenten stimme yn mei it foarnimmen om de wetternammen yn it Frysk of yn de eigen streektaal fêst te stellen, sadat de provinsje no stappen sette moat om dit praktysk te regeljen.

    Yn 'e gemeente Ferwerderadiel (en Boarnsterhim, Littenseradiel en Tytsjerksteradiel) docht it ferskynsel him foar, dat op de ANWB-buorden Fryske plaknammen steane, mar dat op in boerd in eintsje fierderop bygelyks rept wurdt oer ‘Dokkumer Ee'.

    Provinsjale mooglikheden en foech

    It foech omtrint de wetternammejouwing is net wetlik formeel regele. It is in pu-lykrjochtelike oangelegenheid. Om pragmatyske redenen hat it ministearje fan "BiZa" advisearre de nammejouwing yn hannen fan de provinsje te lizzen en te stribjen nei mear unifoarmiteit. De gemeenten East- en Weststellingwerf hawwe witte litten Stellingwerfske wetternammen hantearje te wollen en de gemeente It Bildt wol safolle mooglik Bildtske nammen brûke. Dy winsken wurde, neffens it provinsjaal taalbelied, respektearre.

    Deputearre Steaten hawwe ynstimd mei it folgjende útstel

    Ynstimd is mei it plan fan oanpak mei it each op it offisjeel fêststellen fan de wetternammen yn de provinsje Fryslân, dat bestiet út de folgjende beslútpunten:

    Beliedsoanbefelling:

    5. Media

    Yn it hûs-oan-hûs-blêd 'Sawn Stjerren Nijs' wurdt njonken it Nederlânsk it Frysk ek brûkt.

    Fan 2005 ôf sil it boargerjierferslach neist it Nederlânsk ek yn it Frysk ferskine.

    Nei bûten ta wurdt gebrûk makke fan 'e lokale en regionale omroppen, lykas Radio Middelsé en Omrop Fryslân, en fan regionale kranten, lykas de Ljouwerter Krante, de Dokkumer Krante en it Frysk Deiblêd.

    Beliedsoanbefellings:

    6. Kulturele aktiviteiten en foarsjennings

    Alhoewol 't der gjin aktyf gemeentlik belied fierd wurdt oangeande dit stik fan saken, nimt de Fryske taal in wichtich plak yn 'e Ferwerderadielse mienskip. Dat komt benammen ta útdrukking by de toanielselskippen dy 't tal fan Fryske stikken spylje.

    Der binne ek koaren dy 't Fryske stikken útfiere.

    De bibleteek yn Hallum hat ferskate aktiviteiten rjochte op it Frysk:

    It Ruurd Wiersmahûs hat meidien oan it projekt 'Frysk yn 'e musea' en hat sadwaande in Fryske folder.

    By it Argeologysk Stipepunt Hegebeintum binne in Frysktalich temaboek en in Frysktalige fytsrûte útjûn. Dizze útjeften binne der ek yn it Nederlânsk. De útjeften binne ta stân kaam yn gearwurking mei de 'Stichting Rekreaasje en Toerisme Ferwerderadiel'.

    Beliedsoanbefellings:

    7. Sosjaal en ekonomysk libben

    Omtinken foar it Frysk past by de hjoeddeiske ûntjouwing yn rekreaasje en toerisme dat minsken har rjochtsje op it streekeigene, it streekhistoaryske, de streekidentiteit en de autintisiteit. It Frysk wurdt koartsein sjoen as ûnderdiel fan it toeristysk en rekreatyf produkt.