Regeling vervallen per 01-01-2021

Reglemint fan oarder foar de gearkomsten fan 'e ried fan 'e gemeente Ferwerderadiel

Geldend van 01-01-2008 t/m 31-12-2020

Intitulé

Reglemint fan oarder foar de gearkomsten fan 'e ried fan 'e gemeente Ferwerderadiel

De ried fan 'e gemeente Ferwerderadiel;

yn omtinken nimmende, dat it winsklik is it Reglemint fan oarder foar de gearkomsten fan 'e ried fan 'e gemeente Ferwerderadiel, fêststeld op 16 desimber 1993, wizige by riedsbeslút fan 20 maart 1997, op 'en nij te besjen yn ferbân mei de ynfiering fan 'e 'Wet Dualisering Gemeentebestuur', dy't op 7 maart 2002 fan krêft wurden is;

lêzen it útstel fan boargemaster en wethâlders fan 27 maart 2002, nûmer 10/37.02;

omtinken jaande oan kêst 16 fan 'e Gemeentewet;

Haadstik 1: Algemiene bepalings

Kêst 1

Begrypsomskriuwings

Yn dit reglemint wurdt ferstien ûnder:

  • a.

    foarsitter: de foarsitter fan 'e ried of syn ferfanger(s);

  • b.

    amendemint: útstel ta wiziging fan in ûntwerpoardering of ûntwerpbeslút, neffens syn foarm gaadlik om dêr fuortdaliks yn opnaam te wurden;

  • c.

    subamendemint: útstel ta wiziging fan in amendemint dat yn behanneling is, neffens de foarm geskikt om fuortdaliks opnommen te wurden yn it amendemint dêr 't it op slacht;

  • d.

    moasje: koarte en motivearre ferklearring oer in ûnderwerp dêr 't in oardiel, winsk of fersyk troch útsprutsen wurdt;

  • e.

    útstel fan oarder: útstel oangeande de oarder fan 'e gearkomste;

  • f.

    inisjatyfútstel: útstel foar in oardering of in oar útstel;

  • g.

    ynterpellaasje: it rjocht fan in riedslid om ûnder de gearkomste oan it kolleezje of de boargemaster ynljochtings te freegjen oer in ûnderwerp dat net op 'e wurklist stiet.

Kêst 2

De foarsitter

De foarsitter is belêste mei:

  • 1.

    it lieden fan 'e gearkomste;

  • 2.

    it hânhâlden fan 'e oarder;

  • 3.

    it der op tasjen dat it reglemint fan oarder neilibbe wurdt;

  • 4.

    itjinge de Gemeentewet of dit reglemint him fierder opdraacht.

Kêst 3

De griffier

  • 1.

    De griffier wennet alle gearkomsten fan 'e ried by.

  • 2.

    By syn behindering of ôfwêzigens wurdt de griffier ferfongen troch in amtner dy 't troch de ried dêrta oanwiisd is.

  • 3.

    Hy kin, as de foarsitter him dat freget, meidwaan oan it rieplachtsjen lykas bedoeld yn dit reglemint.

Kêst 3a

De siktaris

De ried kin it kolleezje fersykje de siktaris yn 'e gearkomste oanwêzich wêze te litten en meidwaan te litten oan it oerlis lykas bedoeld yn dit reglemint.

Kêst 3b

It presidium

  • 1.

    De ried hat in presidium dat ûnder oaren belêst is mei it opstellen fan 'e wurklist fan 'e rieds- en kommisjegearkomste.

  • 2.

    It presidium bestiet út de foarsitter, de fraksjefoarsitters of harren ferfangers en de griffier of syn ferfanger.

  • 3.

    De foarsitter kin útstelle de siktaris út te noegjen foar it presidium.

  • 4.

    De kommisje wiist in lid fan 'e ried oan, dy 't de foarsitter ferfangt by syn ôfwêzigens yn it presidium.

Haadstik 2: it talitten fan nije leden; fraksjes

Kêst 4

Undersyk betrouwensbrieven, beëdiging

  • 1.

    By alle beneamings fan nije leden fan 'e ried stelt de ried in kommisje yn besteande út trije leden fan 'e ried. De kommisje ûndersiket de betrouwensbrieven, de oanbelangjende stikken fan nij beneamde leden en de prosessen-ferbaal fan 'e stimburo's.

  • 2.

    De kommisje bringt nei har ûndersyk fan 'e betrouwensbrieven skriftlik ferslach út oan 'e ried en docht dêrby in útstel ta in beslút. Yn it ferslach wurdt ek tynge dien fan in minderheidsstânpunt.

  • 3.

    Nei in riedsferkiezing ropt de foarsitter de talitten leden fan 'e ried op om yn 'e earste gearkomste fan 'e ried yn 'e nije gearstalling, bedoeld yn kêst 18 fan 'e Gemeentewet, de foarskreaune eed of ferklearring en belofte ôf te lizzen.

  • 4.

    By in tuskentiidske fakatuereferfolling ropt de foarsitter in nij beneamd lid fan 'e ried op foar de gearkomste fan 'e ried wêryn 't oer syn / har talitting beslist wurdt om de foarskreaune eed of ferklearring en belofte ôf te lizzen.

Kêst 5

Fraksje

1.

De leden fan 'e ried, dy 't troch it sintraal stimburo op deselde kandidatelist ferkeazen ferklearre binne, wurde by oanfang fan 'e sitting as ien fraksje beskôge. Is ûnder in listnûmer mar ien lid ferkeazen, dan wurdt dat lid as in aparte fraksje beskôge.

2.

As boppe de kandidatelist in oantsjutting pleatst wie, fiert de fraksje yn 'e ried dy oantsjutting as namme. As der gjin oantsjutting boppe de kandidatelist pleatst wie, dielt de fraksje yn 'e earste gearkomste fan 'e ried mei hokker namme dy fraksje yn 'e ried fiere wol.

3.

De nammen fan de foarsitter fan 'e fraksje en syn / har plakferfanger, wurde sa gau mooglik trochjûn oan 'e foarsitter.

4.

a.

As:

1°:

ien of mear leden fan in fraksje as selsstannige fraksje wurkje sille;

2°:

twa of mear fraksjes as ien fraksje wurkje sille;

3°:

ien of mear leden fan in fraksje harren oanslute by in oare fraksje; wurdt dat sa gau mooglik skriftlik oan 'e foarsitter trochjûn.

b.

Mei de feroaring, sa 't dy ûnder a. beskreaun stiet, wurdt rekken hâlden mei yngong fan 'e earstfolgjende gearkomste fan 'e ried nei 't dêr tynge fan dien is.

Haadstik 3: Gearkomsten

Paragraaf 1: Tiid fan gearkommen, tariedings

Kêst 6

Frekwinsje fan gearkommen

  • 1.

    De gearkomsten fan 'e ried fine yn 'e regel plak op de tredde tongersdei fan 'e moanne en begjinne om 20.00 oere en wurde hâlden yn it gemeentehûs.

  • 2.

    De foarsitter kin yn bysûndere gefallen in oare dei en begjintiid bepale of in oar gearkomsteplak oanwize. Hy hat dêroer, of it moat gean om in driuwende sitewaasje, oerlis mei it presidium.

Kêst 7

Oprop

  • 1.

    De foarsitter stjoert op syn minst 14 dagen foar in gearkomste de leden fan de ried in skriftlike oprop ta en jout dêrby de dei, tydstip en plak fan 'e gearkomste oan. De skriftlike oprop befettet de foarriedige wurklist, lykas bedoeld yn kêst 8, it earste lid.

  • 2.

    De foarriedige wurklist en de stikken dy 't dêrby hearre, mei útsûndering fan de yn kêst 25, it twadde lid, fan 'e Gemeentewet bedoelde stikken (dy 't mei geheimhâlding te krijen ha) wurde tagelyk mei de skriftlike oprop oan 'e leden fan 'e ried ferstjoerd.

  • 3.

    As in oanfoljende wurklist fêststeld wurdt, lykas bedoeld yn kêst 8, it twadde lid, wurde dy wurklist en útstellen dy 't der op stean sa gau mooglik, mar úterlik 48 oeren foar de oanfang fan 'e gearkomste oan 'e leden fan 'e ried stjoerd.

Kêst 8

Wurklist

  • 1.

    Foar 't de skriftlike oprop ferstjoerd wurdt, stelt it presidium de foarriedige wurklist fan 'e gearkomste fêst.

  • 2.

    By driuwende gefallen kin de foarsitter nei it ferstjoeren fan de skriftlike oprop oant úterlik 48 oeren foar de oanfang fan in gearkomste in oanfoljend punt foar de wurklist opstelle.

  • 3.

    By it begjinnen fan 'e gearkomste stelt de ried de wurklist fêst. Op útstel fan in lid fan 'e ried of de foarsitter kin de ried by de fêststelling fan 'e wurklist punten oan 'e wurklist taheakje of fan 'e wurklist ôffiere.

  • 4.

    As de ried fynt dat in ûnderwerp net genôch taret is om der yn it iepenbier oer te rieplachtsjen, kin dy beslute it ûnderwerp troch te ferwizen nei de kommisje of it kolleezje freegje om neiere ynljochtings of advys.

  • 5.

    Op útstel fan in lid fan 'e ried of fan de foarsitter kin de ried beslute de folchoarder fan it behanneljen fan 'e punten op 'e wurklist te feroarjen.

Kêst 8a

De wethâlder

  • 1.

    It presidium kin ien of mear wethâlders útnoegje om yn 'e riedsgearkomste oanwêzich te wêzen en oan it oerlis mei te dwaan. De wethâlders moatte by de riedsgearkomste oanwêzich wêze.

  • 2.

    As in wethâlder by in riedsgearkomste oanwêzich wêze wol en meidwaan wol oan it oerlis, moat hy foar it fêststellen fan 'e foarriedige wurklist in fersyk yntsjinje by de foarsitter, of it moat wêze dat lid 1 al fan tapassing is.

  • 3.

    Foar it ferstjoeren fan 'e skriftlike oprop beslút it presidium oer it fersyk.

Kêst 9

It op besjen lizzen fan stikken

  • 1.

    De stikken dy 't ornearre binne om de ûnderwerpen of útstellen op 'e wurklist neier ta te ljochtsjen, wurde tagelyk mei it ferstjoeren fan 'e skriftlike oprop yn it gemeentehûs op besjen lein. De foarsitter makket fan it op besjen lizzen gewach yn in iepenbiere bekendmakking lykas bedoeld yn kêst 10. As nei it ferstjoeren fan de skriftlike oprop stikken op besjen lein wurde, wurdt dêrfan meidieling dien oan 'e leden fan 'e ried en sa mooglik yn in iepenbiere bekendmakking.

  • 2.

    It orizjineel fan de stikken dy 't op besjen lizzen wurdt net bûten it gemeentehûs brocht.

  • 3.

    As oangeande stikken op grûn fan kêst 25, it earste of twadde lid, fan 'e Gemeentewet geheimhâlding oplein is, bliuwe dy stikken yn ôfwiking fan it earste lid, ûnder berêsting fan 'e griffier en ferlient de griffier de leden ynsjoch.

Kêst 10

Iepenbiere bekendmakking

  • 1.

    De gearkomste wurdt mei oankundiging yn 'e gemeentlike rubryk fan it Sawn Stjerren Nijs, op de foar ôfkundigingen yn 'e gemeente gebrûklike wize (yn 'e publikaasjekasten) en mei it pleatsen op 'e webstek fan 'e gemeente iepenbier makke.

  • 2.

    De iepenbiere bekendmakking jout oan:

    • a.

      de datum, de begjintiid en it plak fan 'e gearkomste;

    • b.

      hoe 't en wêr 't elkenien de wurklist en de útstellen dy 't dêrby hearre, ynsjen kin;

    • c.

      de mooglikheid ta it brûken fan it sprekrjocht, lykas bedoeld yn kêst 14.

Paragraaf 2: Oarder fan 'e gearkomste

Kêst 11

Presinsjelist

Alle leden dy 't by de gearkomste oanwêzich binne, tekenje fuortdaliks by it ynkommen fan 'e gearkomsteseal de presinsjelist. Oan 'e ein fan alle gearkomsten wurdt dy list troch de foarsitter en de griffier troch dy te ûndertekenjen fêststeld.

Kêst 12

Sitplakken

  • 1.

    De foarsitter, de leden fan 'e ried en de griffier hawwe in fêst sitplak, troch de foarsitter nei oerlis mei it presidium oan it begjin fan alle nije sittingsperioaden fan 'e ried oanwiisd.

  • 2.

    As der oanlieding ta is, kin de foarsitter de yndieling nei oerlis mei it presidium feroarje.

  • 3.

    De foarsitter soarget foar in sitplak foar de wethâlders, siktaris en oare persoanen, dy 't foar de gearkomste útnoege binne.

Kêst 13

Iepening gearkomste; kwoarum

1.

De foarsitter iepenet de gearkomste op it fêststelde oere, as it dêrta troch de wet fereaske tal leden neffens de presinsjelist oanwêzich is.

Dêrnei wurdt it neikommende gebed yn it Frysk of yn it Nederlânsk útsprutsen:

Fryske tekst:

O God, alle oanbidding wurdich, Jo dy troch Jins Godlike almacht it hielal skepen hawwe en yn wêzen hâlde, dy troch Jins ûneinige wiisheid alles regearje en ús roppen hawwe ta it bestjoer fan dizze gemeente, Jo bidde wy, wol ús liede troch Jins Geast, dat wy de belangen fan ‘e gemeente wiis, ûnpartidich en frijmoedich behertigje meie en har sà bestjoere, dat Jins namme der troch ferhearlike wurdt en it gemeentlik wolwêzen befoardere. Dat freegje wy Jo yn de namme en om ‘e wille fan ús Heare Jezus Kristus. Amen.

Nederlandse tekst:

Aanbiddenswaardige God, die door Uw Goddelijke almacht het heelal hebt geschapen en in stand houdt, die door Uw oneindige wijsheid alles regeert en ons geroepen hebt tot het bestuur van deze gemeente, U bidden wij, dat Gij ons door

Uw Geest wilt leiden, opdat wij met wijsheid, onpartijdig en vrijmoedig de belangen der gemeente mogen behartigen en haar zo besturen, dat Uw naam daardoor worde verheerlijkt en haar welzijn bevorderd. Dit vragen wij van U, in de Naam en om der wille van onze Here Jezus Christus, Amen.

2.

As in kertier nei it fêststelde tiidstip net it fereaske tal leden oanwêzich is, bepaalt de foarsitter, nei 't er de nammen fan de ôfwêzige leden oplêzen hat, dei en oere fan de folgjende gearkomste, mei it achtslaan op kêst 20 fan de Gemeentewet.

Kêst 14

Sprekrjocht boargers

  • 1.

    Nei it iepenjen fan 'e gearkomste kinne oare oanwêzige boargers mei-inoar foar maksimaal 30 minuten it wurd fiere oer ûnderwerpen dy 't op 'e wurklist steane.

  • 2.

    It wurd kin net fierd wurde:

    • a.

      oer in beslút fan it gemeentebestjoer dêr 't beswier of berop by de rjochter iepen tsjin stiet of iepen tsjin stien hat;

    • b.

      oer beneamings, it meitsjen fan in kar, foardrachten as oanbefellings fan persoanen;

    • c.

      as der in klacht eks kêst 9:1 fan de 'Algemene wet bestuursrecht' yntsjinne wurde kin of koe.

  • 3.

    Dyjinge dy 't fan it sprekrjocht gebrûk meitsje wol, lit dat yn alle gefallen op syn minst 48 oere foar it begjinnen fan 'e gearkomste oan de griffier witte. Hy jout dêrby syn namme, adres en tillefoannûmer en it ûnderwerp wêroer 't er it wurd fiere wol op.

  • 4.

    De foarsitter jout it wurd op folchoarder fan oanmelden. De foarsitter kin fan dy folchoarder ôfwike, as dat yn it belang is fan de oarder fan 'e gearkomste.

  • 5.

    Alle sprekkers krije maksimaal fiif minuten it wurd. De foarsitter ferdielt de sprektiid evenredich oer de sprekkers as der mear as seis sprekkers binne. De foarsitter kin teffens yn bysûndere gefallen ôfwike fan de maksimale duer fan 'e sprektiid.

  • 6.

    De sprekker fiert it wurd, neidat de foarsitter him dat jûn hat. De foarsitter of in lid fan 'e ried docht in útstel foar de behanneling fan de ynbring fan 'e boarger.

  • 7.

    As in sprekker de frijheid nimt misledigjende of ûnfoege útdrukkings tsjin wa dan ek te brûken, wurdt er troch de foarsitter warskôge.

  • 8.

    As in sprekker dan noch trochgiet mei it brûken fan misledigjende of ûnfoege útdrukkings, kin de foarsitter him it wurd ûntnimme.

  • 9.

    De sprekker dy 't it wurd troch de foarsitter ûntnommen is, kin dêr fuortdaliks tsjin yn berop gean by de ried. De ried behannelet dat berop yn in sletten gearkomste; it beslút wurdt dêrnei yn in iepenbiere gearkomste oan 'e ynsprekker meidield.

Kêst 15

Primus by haadlik stimmen

De folchoarder fan de mûnlinge stimmen by de gearkomste is dy fan 'e presinsjelist. De stimming begjint mei it nûmer dat de foarsitter by de earst te hâlden stimming fan 'e gearkomste út in bus of in oar geskikt foarwerp lûkt, mei dêryn likefolle nûmers as oanwêzige leden.

Kêst 16

Oantekens

  • 1.

    De ûntwerpoantekens fan de foargeande gearkomste wurde, sa mooglik, tagelyk mei de skriftlike oprop oan 'e leden fan 'e ried tastjoerd. De ûntwerp-oantekens wurde tagelyk oan de oare persoanen dy 't it wurd fierd hawwe tastjoerd.

  • 2.

    By it begjin fan 'e gearkomste wurde, safolle mooglik, de oantekens fan 'e foargeande gearkomste fêststeld.

  • 3.

    De leden, de foarsitter, de wethâlders, de griffier en de siktaris hawwe it rjocht, in útstel ta feroaring oan 'e ried te dwaan, as der yn 'e oantekens saken steane dy 't net korrekt binne of as net dúdlik oanjûn is wat sein of besletten is. In útstel ta feroaring moat foar it fêststellen fan 'e oantekens by de griffier yntsjinne wurde.

  • 4.

    It folgjende moat yn 'e oantekens stean:

    • a.

      de nammen fan 'e foarsitter, de griffier, de siktaris, de wethâlders en de leden dy 't oanwêzich en ôfwêzich wiene en oare persoanen dy 't it wurd fierd hawwe;

    • b.

      de saken dy 't oan 'e oarder west hawwe;

    • c.

      in saaklike gearfetting fan itjinge dat sein is, mei it oanjaan fan 'e nammen fan 'e oanwêzigen dy 't it wurd fierden;

    • d.

      in oersjoch fan it ferrin fan alle stimmings. As haadlik stimd wurdt, moatte de nammen fan de leden dy 't foar of tsjin stimden, oanjûn wurde. Fierder moat oanjûn wurde hokker leden, neffens de Gemeentewet, net meidien hawwe oan it stimmen;

    • e.

      de tekst fan 'e foar de gearkomste yntsjinne inisjatyfútstellen en de boarger-inisjatyfútstellen, útstellen fan oarder, moasjes, amendeminten en sub-amendeminten;

    • f.

      by it oanbelangjende punt op 'e wurklist de namme en de kwaliteit fan dy persoanen oan wa 't it, neffens it fêststelde yn kêst 25, troch de ried tastien is mei te dwaan oan it rieplachtsjen.

  • 5.

    De oantekens wurde opsteld ûnder de soarch fan 'e griffier.

  • 6.

    De fêststelde oantekens wurde troch de foarsitter en de griffier ûndertekene.

Kêst 17

Ynkommen stikken

  • 1.

    Ynkommen stikken foar de ried, wêrûnder skriftlike meidielings fan it kolleezje oan 'e ried, wurde op in list setten. Dy list wurdt oan 'e leden fan 'e ried tastjoerd en op besjen lein.

  • 2.

    Nei it fêststellen fan 'e oantekens stelt de ried op útstel fan 'e foarsitter de wize fan it ôfdwaan fan 'e ynkommen stikken fêst.

Kêst 18

Sprekregels

  • 1.

    De leden fan 'e ried en oare oanwêzigen sprekke fan it plak ôf dêr 't hja sitte en hja rjochtsje harren ta de foarsitter.

  • 2.

    By bysûndere gelegenheden kin de foarsitter bepale dat de leden fan 'e ried en de oare oanwêzigen fan in oar plak ôf sprekke.

Kêst 19

Folchoarder sprekkers

  • 1.

    In lid fan 'e ried sprekt allinnich nei 't er dat oan 'e foarsitter frege hat en fan him it wurd krigen hat.

  • 2.

    De folchoarder fan sprekkers kin wizige wurde, as in lid fan 'e ried in wurd freget oer de oarder fan 'e gearkomste.

  • 3.

    In útstel fan oarder kin troch de foarsitter of in lid dien wurde. Oer in útstel fan oarder beslist de ried fuortdaliks.

Kêst 20

Tal sprekterminen

  • 1.

    It rieplachtsjen oer in ûnderwerp of útstel bart op syn heechst yn twa terminen, of it moat wêze dat de ried dêr oars oer beslút.

  • 2.

    Alle sprekterminen wurde troch de foarsitter ôfsletten.

  • 3.

    In lid mei yn in termyn net mear as ien kear it wurd hawwe oer itselde ûnderwerp of útstel.

  • 4.

    It fêststelde yn lid 3 slacht net op:

    • a.

      de rapporteur fan in kommisje;

    • b.

      it lid dat in (sub)-amendemint, in moasje of in inisjatyfútstel yntsjinne hat oangeande dat amendemint, dy moasje of dat útstel.

  • 5.

    By it bepalen hoe faak in lid oer itselde ûnderwerp of útstel it wurd hân hat, wurdt it sprekken oer in útstel fan oarder net meirekkene.

Kêst 21

Sprektiid

In lid fan 'e ried kin in útstel dwaan oer de sprektiid fan 'e leden en de oare oanwêzigen.

Kêst 22

Hânhâlden oarder, ûnderbrekken

  • 1.

    In sprekker mei yn syn útiensetting net ûnderbrutsen wurde, of it moat wêze dat:

    • a.

      de foarsitter it needsaaklik fynt him op it neikommen fan dit reglemint te wizen;

    • b.

      in lid him ynterrumpearret. De foarsitter kin bepale dat de sprekker sûnder fierdere ynterrupsjes syn útiensetting ôfmeitsje kin.

  • 2.

    As in sprekker misledigjende of ûnfoege útdrukkings brûkt, fan it ûnderwerp dat yn behanneling is ôfwykt, in oare sprekker hieltyd wer ynterrumpearret of oars de oarder fersteurt, wurdt hy troch de foarsitter ta de oarder roppen. Lûkt de oanbelangjende sprekker him dêr neat fan oan, dan kin de foarsitter him, ûnder de gearkomste dêr 't dat yn bart, oer it ûnderwerp dat yn behanneling is, it wurd ûntnimme.

  • 3.

    De foarsitter kin fanwegen it hânhâlden fan 'e oarder de gearkomste salang ûnderbrekke as er sels wol en - as nei it op 'en nij iepenjen fan 'e gearkomste de oarder op 'en nij fersteurd wurdt - de gearkomste slute.

Kêst 23

Oerlis

  • 1.

    De ried kin op útstel fan 'e foarsitter of in lid fan 'e ried beslute oer ien of mear ûnderdielen fan in ûnderwerp of útstel apart te praten.

  • 2.

    Op fersyk fan in lid fan 'e ried of op útstel fan 'e foarsitter kin de ried beslute it oerlis foar in troch him te bepalen tiid te ûnderbrekken om dêrmei it kolleezje of de leden de gelegenheid te jaan foar neier ûnderling beried. As de ûnderbrekkingstiid om is, wurdt it oerlis fuortset.

Kêst 24

Meidwaan oan it oerlis troch oaren

  • 1.

    De ried kin bepale dat oaren as de by de gearkomste oanwêzige leden fan 'e ried, de wethâlders, de siktaris, de griffier of de foarsitter meidogge oan it oerlis.

  • 2.

    In beslút dêrta wurdt op útstel fan 'e foarsitter of ien fan 'e leden fan 'e ried naam; dat bart foardat mei it oerlis oangeande it punt fan 'e wurklist dat behannele wurdt útein set wurdt.

Kêst 25

Stimferklearring

Nei it sluten fan it oerlis en foardat de ried stimme sil, ha alle leden it rjocht in koarte motivaasje te jaan fan 'e stim dy 't hja útbringe sille.

Kêst 26

Beslút

  • 1.

    As de foarsitter fêststeld dat in ûnderwerp of beslút genôch taljochte is, slút er it oerlis, of it moat wêze dat de ried oars beslút.

  • 2.

    Nei 't it oerlis sletten is, fynt nei in stimming oer mooglike amendeminten, de stimming plak oer it útstel yn syn gehiel, lykas it dan is, of it moat wêze dat der gjin stimming frege wurdt.

  • 3.

    Foardat it stimmen oer it útstel yn syn gehiel plakfynt, formulearret de foarsitter it útstel oer it te nimmen einbeslút.

Paragraaf 3: Prosedueres by it stimmen

Kêst 27

Algemiene bepalings oer it stimmen

  • 1.

    De foarsitter freget oft der ferlet is fan stimmen. As der gjin stimming frege wurdt en de foarsitter dat ek net wol, stelt de foarsitter fêst dat it útstel sûnder haadlike stimming oannaam is.

  • 2.

    De leden dy 't by de gearkomste oanwêzich binne, kinne freegje dat yn 'e oantekens setten wurdt dat hja achte wurde wolle tsjinstimd te hawwen of net meidien hawwe oan it stimmen.

  • 3.

    De foarsitter lit witte as ien of mear leden frege hawwe om te stimmen.

  • 4.

    De foarsitter ropt de leden by namme om harren stim út te bringen. Hy begjint dan by it lid dat dêrfoar neffens kêst 15 oanwiisd is. Dêrnei bart it oproppen neffens de folchoarder fan 'e presinsjelist.

  • 5.

    By haadlike stimming binne alle leden dy 't by de gearkomste oanwêzich binne en harren net fan stimming ûnthâlde moatte, ferplichte harren stim út te bringen.

  • 6.

    De leden bringe harren stim út troch it wurd 'foar / voor' of 'tsjin / tegen' út te sprekken. Hja foegje dêr neat oan ta.

  • 7.

    As in lid him by it stimmen fersind hat, kin er dat fersin noch ferhelpe ear 't it oare lid stimd hat. Komt it fersin him pas letter yn 't sin, dan kin er nei 't de foarsitter de útslach fan it stimmen bekend makke hat, wol om oantekening freegje dat er him fersind hat; yn 'e útslach fan it stimmen bringt soks lykwols gjin feroaring.

  • 8.

    Nei it stimmen docht 'e foarsitter de útslach dêrfan te witten. Hy jout dêrby oan hoefolle stimmen foar en tsjin útbrocht binne. Hy jout dan ek oan hokker beslút naam is.

Kêst 28

Stimme oer amendeminten en moasjes

  • 1.

    As in amendemint yntsjinne is op in útstel dat yn behanneling is, wurdt der earst oer dat amendemint stimd.

  • 2.

    As op in amendemint in subamendemint yntsjinne is, wurdt earst oer it subamendemint stimd en dêrnei oer it amendemint.

  • 3.

    As twa of mear amendeminten of subamendeminten op in útstel dat behannele wurdt yntsjinne binne, bepaalt de foarsitter de folchoarder fan it stimmen dêroer. Dêrby jildt as regel dat earst oer it meast fiergeande amendemint of subamendemint stimd wurdt.

  • 4.

    As oer in útstel dat yn behanneling is, in moasje yntsjinne is, wurdt earst oer it útstel stimd en dêrnei oer de moasje.

Kêst 29

Stimming oer persoanen

  • 1.

    As der stimd wurde moat oer persoanen fanwegen in foardracht of it opstellen fan in foardracht of in oanbefelling, foarmet de foarsitter mei twa troch him oan te wizen riedsleden it stimburo.

  • 2.

    Alle yn 'e gearkomste oanwêzige leden dy 't harren net op grûn fan 'e Gemeentewet fan stimming ûnthâlde moatte, moatte in stimbriefke ynleverje. De stimbriefkes moatte gelyk wêze.

  • 3.

    Der wurdt like faak stimd as dat der persoanen binne dy 't beneamd, foardroegen of oanrekommandearre wurde moatte. Op útstel fan 'e foarsitter kin de ried beslute dat guon stimmings gearfette wurde op ien briefke.

  • 4.

    It stimburo giet nei oft in tal ynlevere stimbriefkes oerienkomt mei it tal leden dat neffens it twadde lid de plicht hat om in stimbriefke yn te leverjen. As dy oantallen net gelyk binne, wurde de stimbriefkes ferneatige sûnder dat hja iepenmakke wurde en wurdt der op 'en nij stimd.

  • 5.

    Foar it bepalen fan 'e absolute mearderheid, lykas bedoeld yn kêst 30 fan de Gemeentewet, wurde de leden dy 't gjin behoarlik stimbriefke yntsjinne hawwe, achte net stimd te hawwen. Under in net behoarlik ynfolle stimbriefke wurdt ferstien:

    • a.

      in blanko ynfolle stimbriefke;

    • b.

      in ûndertekene stimbriefke;

    • c.

      in stimbriefke dêr 't mear as ien namme op oanjûn stiet, of it moat wêze dat it om ferskate fakatueres giet;

    • d.

      as it om it beneamen op foardracht giet, in stimbriefke wêrby 't op in persoan stimd is dy 't net foardroegen is;

    • e.

      in stimbriefke wêrby 't op in oare persoan stimd wurdt as dyselde dêr 't it stimmen him ta beheint.

  • 6.

    As der twivele wurdt oer de ynhâld fan in stimbriefke beslút de ried, op útstel fan 'e foarsitter.

  • 7.

    Under ferantwurdlikens fan de griffier wurde, nei it fêststellen fan 'e útslach de stimbriefkes fuortdaliks ferneatige.

Kêst 30

Op 'en nij stimme oer persoanen

  • 1.

    As by de earste stimming nimmen de absolute mearderheid krigen hat, wurdt foar de twadde kear stimd.

  • 2.

    As by dy twadde kear ek nimmen de absolute mearderheid krigen hat, wurdt der foar de tredde kear stimd tusken twa persoanen dy 't by de twadde stimming de measte stimmen krigen hawwe. Binne by dy twadde stimming de measte stimmen oer mear as twa persoanen ferdield, dan wurdt by in tuskenstimming útmakke tusken hokker twa persoanen de tredde kear stimd wurdt.

  • 3.

    As by it tuskenstimmen of by de tredde stimming de stimmen stake, jout it lot fuortdaliks de trochslach.

Kêst 31

Beslút troch it lot

  • 1.

    As it lot de trochslach jaan moat, wurde de nammen fan dyselden dêr 't it beslút op slacht, troch de foarsitter op aparte, folslein gelikense briefkes skreaun.

  • 2.

    Dy briefkes wurde, nei 't hja troch it stimburo kontrolearre binne, op gelikense wize opteard, yn in stimbokaal dien en skodde.

  • 3.

    Dêrnei pakt de foarsitter ien fan 'e briefkes út 'e stimbokaal. De namme fan dyjinge dy 't op dat briefke stiet, is keazen.

Haadstik 4: Rjochten fan leden

Kêst 32

Amendeminten

  • 1.

    Elk lid fan 'e ried kin oant it sluten fan it oerlis ta amendeminten yntsjinje. In amendemint kin it útstel ynhâlde om in útstel dat op 'e wurklist stiet yn ien of mear parten op te splitsen, dat sadwaande aparte beslútfoarming plak fine kin. Der kin allinnich rieplachte wurde oer amendeminten dy 't yntsjinne binne troch leden fan 'e ried, dy 't de presinsjelist tekene hawwe en yn 'e gearkomste oanwêzich binne.

  • 2.

    Alle leden dy 't oanwêzich binne yn 'e gearkomste, hawwe it foech op it amendemint dat troch in lid yntsjinne is, in wiziging út te stellen (subamendemint).

  • 3.

    Alle (sub-)amendeminten en alle útstellen moatte om behannele te wurden, skriftlik by de foarsitter yntsjinne wurde, of it moat wêze dat de foarsitter - fanwegen it ienfâldige karakter fan itjinge dat foarlein wurdt - fan betinken is dat folstien wurde kin mei mûnling yntsjinjen.

  • 4.

    Ynlûken, troch de yntsjinner(s), fan it (sub-)amendemint is altyd mooglik oant de gearkomste ta beslútfoarming oergien is.

Kêst 33

Moasjes

  • 1.

    Yn 'e gearkomste hawwe alle leden it foech om in moasje yn te tsjinjen.

  • 2.

    In moasje moat skriftlik by de foarsitter yntsjinne wurde, om behannele wurde te kinnen.

  • 3.

    It behanneljen fan in moasje oer in ûnderwerp of útstel dat yn behanneling is, bart tagelyk mei it rieplachtsjen dêroer.

  • 4.

    It behanneljen fan in moasje oer in ûnderwerp dat net op 'e wurklist stiet, bart nei 't alle wurklistpunten behannele binne.

Kêst 34

Utstellen fan oarder

  • 1.

    De foarsitter en alle leden fan 'e ried kinne ûnder de gearkomste mûnling in útstel fan oarder dwaan. Sa 'n útstel kin koart taljochte wurde.

  • 2.

    In útstel fan oarder kin allinnich op de oarder fan 'e gearkomste slaan.

  • 3.

    De ried beslút fuortdaliks oer in útstel fan oarder.

Kêst 35

Inisjatyfútstel

  • 1.

    In inisjatyfútstel moat skriftlik by de foarsitter yntsjinne wurde om behannele wurde te kinnen.

  • 2.

    De foarsitter set it útstel op 'e wurklist fan de earstkommende gearkomste, of it moat wêze dat de skriftlike oprop dêrfoar al ferstjoerd is. Yn it lêste gefal wurdt it útstel op 'e wurklist fan 'e oanfolgjende gearkomste set.

  • 3.

    It behanneljen fan it útstel bart neidat alle op 'e wurklist foarkommende útstellen en ûnderwerpen behannele binne, of it moat wêze dat de ried fynt dat it útstel mei it each op de oarder fan 'e gearkomste tegearre mei in oar útstel of ûnderwerp op 'e wurklist behannele wurde moat, it útstel earst behannele wurde moat yn 'e riedskommisje of om advys nei it kolleezje stjoerd wurde moat. Yn it lêste gefal bepaalt de ried yn hokker gearkomste it útstel op 'en nij op 'e wurklist komme sil.

  • 4.

    De ried kin neiere betingsten stelle oan it yntsjinjen en behanneljen fan in útstel as it net om in útstel ta in oardering giet.

Kêst 35a

Kolleezjeútstel

  • 1.

    In útstel ta in oardering of in oar útstel fan it kolleezje oan 'e ried, dat op 'e wurklist foar de riedsgearkomste stiet, kin net ynlutsen wurde sûnder tastimming fan 'e ried.

  • 2.

    As de ried fan betinken is dat in útstel lykas bedoeld yn it earste lid foar advys werom stjoerd wurde moat nei it kolleezje, bepaalt de ried yn hokker gearkomste it útstel op 'en nij op 'e wurklist set wurdt.

Kêst 35b

Mûnlinge fragen (ynterpellaasje)

  • 1.

    It fersyk ta it hâlden fan in ynterpellaasje wurdt, útsein yn nei it oardiel fan 'e foarsitter driuwende saken, op syn minst 48 oeren foar it begjin fan 'e gearkomste skriftlik by de foarsitter yntsjinne. It fersyk befettet in dúdlike omskriuwing fan it ûnderwerp wêroer 't ynljochtings frege wurde en de fragen dy 't steld wurde.

  • 2.

    De foarsitter bringt de oare leden fan 'e ried en de wethâlders sa gau mooglik op 'e hichte fan 'e ynhâld fan it fersyk. By it behanneljen fan 'e ynkommen stikken fan de earstfolgjende gearkomste nei it yntsjinjen fan it fersyk wurdt it fersyk yn stimming brocht. De ried bepaalt op hokker tydstip ûnder de gearkomste de ynterpellaasje hâlden wurde sil.

  • 3.

    De ynterpellant fiert net mear as twa kear it wurd, de oare leden fan 'e ried, de boargemaster en de wethâlders net mear as ien kear, of it moat wêze dat de ried harren dêrta permisje jout.

Kêst 36

Skriftlike fragen

  • 1.

    Skriftlike fragen wurde koart en dúdlik formulearre. Der kin in taljochting by de fragen sitte en der wurdt oanjûn oft skriftlik of mûnling beänderjen frege wurdt.

  • 2.

    De fragen wurde by de foarsitter fan 'e ried yntsjinne. Dy soarget derfoar dat de oare leden fan 'e ried en it kolleezje sa gau mooglik op 'e hichte brocht wurde fan 'e fragen.

  • 3.

    Skriftlik beänderjen fan 'e fragen bart sa gau mooglik, yn alle gefallen binnen tritich dagen nei 't de fragen ynkommen binne. It mûnling beänderjen fan 'e fragen bart yn 'e earstfolgjende riedsgearkomste. As it beänderjen net binnen dy terminen plakfine kin, kriget de fraachsteller dêr troch it ferantwurdlik lid fan it kolleezje motivearre berjocht fan. Dêrby wurdt oanjûn op hokker termyn beänderjen plakfine sil. Dat berjocht wurdt behannele as in antwurd.

  • 4.

    De antwurden wurde troch it ferantwurdlik lid fan it kolleezje oan 'e leden fan 'e ried meidield.

  • 5.

    De fragen en antwurden wurde tagelyk mei de stikken, lykas bedoeld yn kêst 17, oan 'e leden fan 'e ried tastjoerd.

  • 6.

    De fraachsteller kin, by skriftlik beänderjen yn 'e earstfolgjende riedsgearkomste en by mûnling beänderjen yn dyselde gearkomste, nei it behanneljen fan 'e ûnderwerpen dy 't op 'e wurklist steane mear ynljochtings freegje oangeande it antwurd dat de boargemaster of it kolleezje jûn hawwe, of it moat wêze dat de ried oars beslút.

Kêst 36a

Omfreegjen

  • 1.

    In lid fan 'e ried kin it kolleezje (of in lid fan it kolleezje) oan 'e ein fan 'e gearkomste by it omfreegjen mûnling fragen stelle oer it troch harren (him) fierde bestjoer, foar safier 't dat net by de punten dy 't op 'e wurklist stean oan 'e oarder komt.

  • 2.

    It lid fan 'e ried dy 't by it omfreegjen fragen stelle wol, dy 't nei ynskatting neier ûndersocht wurde moatte of om in neier stânpunt freegje, meldt dat ûnder oantsjutting fan it ûnderwerp op syn minst trije dagen foar oanfang fan it omfreegjen by de foarsitter.

  • 3.

    De foarsitter kin yn oerlis mei de ried bepale dat it omfreegjen fanwegen bysûndere omstannichheden oan it begjin fan 'e gearkomste hâlden wurdt.

  • 4.

    De foarsitter bepaalt op hokker tiidstip it omfreegjen ophâldt.

Kêst 37

Ynljochtings

  • 1.

    As in lid ynljochtings hawwe wol oer ûnderwerpen, lykas bedoeld yn 'e kêsten 169, tredde lid, en 180, tredde lid, fan 'e Gemeentewet, wurdt dêrta in skriftlik fersyk yntsjinne by it kolleezje of de boargemaster.

  • 2.

    In ôfskrift fan dat fersyk wurdt troch de yntsjinner yn ôfskrift tastjoerd oan 'e ried.

  • 3.

    De frege ynljochtings wurde mûnling of skriftlik yn de earstkommende of de dêrop folgjende gearkomste jûn.

  • 4.

    De stelde fragen en antwurden komme op 'e wurklist foar de gearkomste, dêr 't de antwurden yn jûn wurde sille.

Haadstik 4a: boargerinisjatyf (wizige by riedsbeslút fan 15 novimber 2007)

Kêst 37a

In dit haadstik wurdt ûnder in boargerinisjatyf ferstien: in útstel fan in inisjatyf-rjochthawwer om in ûnderwerp of in útstel op ‘e wurklist fan ‘e gearkomste fan ‘e ried te setten.

Kêst 37b

  • 1.

    De ried set in boargerinisjatyf op ‘e wurklist fan syn gearkomste, at dêr troch in inisjatyf-rjochthawwer in jildich fersyk foar yntsjinne is.

  • 2.

    In fersyk jildt net at dat:

    • a.

      net troch op syn minst 5 inisjatyf-rjochthawwers stipe wurdt;

    • b.

      in ûnderwerp hat as bedoeld yn kêst 37d,

    • c.

      net foldocht oan ‘e betingsten, steld yn kêst 37e.

Kêst 37c

  • 1.

    Inisjatyfberjochtige binne alle ynwenners en belanghawwenden.

  • 2.

    Foar it beoardieljen of immen belanghawwende is, is de situaasje op ‘e dei fan yn-tsjinning fan it fersyk bepalend.

Kêst 37d

  • 1.

    In boargerinisjatyf kin net slaan op:

    • a.

      in ûnderwerp dat net heart ta it foech fan it gemeentebestjoer;

    • b.

      in fraach oer it gemeentlik belied;

    • c.

      in klacht yn ‘e sin fan haadstik 9 fan ‘e “Algemene wet bestuursrecht”;

    • d.

      in beswier yn ‘e sin fan haadstik 7 fan ‘e “Algemene wet bestuursrecht” tsjin in beslút fan it gemeentebestjoer;

    • e.

      ûnderwerpen dy ’t gean oer privee-belangen;

    • f.

      ûnderwerpen dy ’t oer it wizigjen fan belied gean dat al fierhinne yn ûntwikkeling is of dat al útfierd wurdt;

    • g.

      in ûnderwerp dêr ’t troch de ried in beslút oer nommen is yn ‘e riedsperioade wêryn ’t dat ûnderwerp yntsjinne is, of it moat wêze dat nije arguminten ta in nije ôfweaging liede kinne.

  • 2.

    In boargerinisjatyf oer in ûnderwerp of útstel dat net heart ta it foech fan ‘e ried, mar wol falt ûnder it foech fan it gemeentebestjoer, sil troch de ried, eventueel mei syn advys, trochstjoerd wurde nei it kolleezje of nei de boargemaster at dy portefúljehâlder is.

  • 3.

    It kolleezje of de boargemaster sil in ûnderwerp as útstel, as bedoeld in lid 2, behannelje as wie it in boargerinisjatyf.

Kêst 37e

  • 1.

    It fersyk ta it setten fan in boargerinisjatyf op ‘e wurklist fan ‘e gearkomste fan ‘e ried wurdt skriftlik yntsjinne by de foarsitter fan ‘e ried. Formulieren foar it yntsjinjen fan in boargerinisjatyf binne by de griffier te krijen en kinne – nei it ynfoljen – wer by de griffier yntsjinne wurde. De griffier sil de inisjatyfnimmer by de fierdere proseduere advisearje en begeliede.

  • 2.

    Yn it fersyk stiet op syn minst:

    • a.

      in krekte omskriuwing fan it boargerinisjatyf;

    • b.

      in taljochting op it boargerinisjatyf, en

    • c.

      de efternamme, de foarnamme, it adres, de bertedatum en de hantekening(en) fan ‘e inisjatyfnimmer(s) en fan ‘e inisjatyf-rjochthawwers dy ’t it fersyk stypje.

  • 3.

    Foar it yntsjinjen fan it fersyk moat it dêrfoar fêststelde model brûkt wurde.

Kêst 37f

  • 1.

    De foarsitter fan ‘e ried beslút binnen twa wike nei de datum fan it yntsjinjen fan it boargerinisjatyf at it fersyk foldocht oan ‘e easken, sa ‘t dy steld binne yn kêst 37b.

  • 2.

    At it fersyk oan ‘e easken foldocht, set de ried it boargerinisjatyf binnen seis wike nei de datum fan it yntsjinjen fan it fersyk op ‘e wurklist.

  • 3.

    De foarsitter fan ‘e ried noeget de inisjatyfnimmer skriftlik út foar de gearkomste dêr ’t it boargerinisjatyf op ‘e wurklist stiet. De inisjatyfnimmer of syn plakferfanger hat ûnder de gearkomste de gelegenheid om syn boargerinisjatyf mûnling neier ta te ljochtsjen en te reagearjen op itjinge yn earste termyn oangeande it útstel nei foaren brocht hat.

  • 4.

    De ried kin in boargerinisjatyf om advys foarlizze oan it kolleezje. Hy stelt dêrby yn oerlis mei it kolleezje in termyn fêst wêryn ‘t dat advys útbrocht wurde moat. De ried kin ek de kar meitsje it beslút oer it boargerinisjatyf yn ‘e riedskommisje ynhâldlik ta te rieden.

  • 5.

    Sa gau mooglik nei ’t de ried oer it boargerinisjatyf in beslút nommen hat, wurdt dat beslút op de gebrûklike wize publisearre.

  • 6.

    Tagelyk mei it bekend meitsjen wurdt fan it beslút meidieling dien oan ‘e inisjatyfnimmer.

  • 7.

    De inisjatyfnimmer wurdt dêrnei ynljochte oer de fierdere stappen oangeande it útwurkjen fan it boargerinisjatyf.

  • 8.

    At in boargerinisjatyf ôfwiisd is, kin der praat wurde fan in beslút yn ‘e sin fan ‘e “Algemene wet bestuursrecht” dêr ’t in berop tsjin iepen stiet.

Kêst 37g

De boargemaster bringt yn it boargerjierferslach ferslach út oer de wurking fan it rjocht fan boargerinisjatyf yn ‘e praktyk.

Haadstik 5: Begrutting en rekken

Kêst 38

Proseduere begrutting

Utsein it bepaalde yn 'e Gemeentewet bart de tarieding, it ûndersyk, de behanneling en de fêststelling fan 'e begrutting neffens in proseduere dy 't de ried fêststelt.

Kêst 39

Proseduere jierrekken

Utsein it bepaalde yn 'e Gemeentewet bart de tarieding en it ûndersyk fan 'e jierrekken en it jierferslach, en ek de fêststelling fan 'e jierrekken neffens in proseduere dy 't de ried fêststelt.

Haadstik 6: Lidmaatskip fan oare organisaasjes

Kêst 40

Ferslach; ferantwurding

  • 1.

    In lid fan 'e ried, in wethâlder, de boargemaster of de siktaris, dy 't troch de gemeenteried oanwiisd is ta lid fan it algemien bestjoer fan in iepenbier lichem of fan in oar mienskiplik orgaan, ynsteld op grûn fan 'e Wet mienskiplike regelings, hat it rjocht (om yn oansluting op 'e behanneling fan 'e list fan ynkommen stikken òf foar it sluten fan 'e gearkomste) ferslach te dwaan oer saken dy 't yn it bedoelde algemien bestjoer oan 'e oarder binne. As de ried dat ferslach besprekke wol, kin de foarsitter nei de oanbelangjende kommisje ferwize.

  • 2.

    Alle leden fan 'e ried kinne in persoan lykas bedoeld yn it earste lid, skriftlik fragen stelle. De regels foar it stellen fan skriftlike fragen, fêststeld yn kêst 36, binne fan tapassing.

  • 3.

    As in lid fan 'e ried in persoan, bedoeld yn it earste lid, oproppe wol om him te ferantwurdzjen oer de wize fan funksjonearjen as sadanich, beslút de ried oft soks tastien wurde kin. De regels foar it freegjen fan ynljochtings, fêststeld yn kêst 37, binne likegoed fan tapassing.

  • 4.

    Dit kêst is likegoed fan tapassing op oare organisaasjes of ynstitúsjes, dêr 't de ried ien fan syn leden yn beneamd hat.

Haadstik 7: Besletten gearkomste

Kêst 41

Algemien

Op in besletten gearkomste binne de bepalings fan dit reglemint fan tapassing foar safier 't dy bepalings net stridich binne mei it besletten karakter fan 'e gearkomste.

Kêst 42

Oantekens

  • 1.

    De oantekens fan in besletten gearkomste wurde net omparte, mar lizze allinnich foar de leden op besjen.

  • 2.

    Dy oantekens wurde sa gau mooglik yn in besletten gearkomste oanbean om fêst te stellen. Yn dy gearkomste nimt de ried in beslút oer it wol of net iepenbier meitsjen fan dy list mei besluten. De fêststelde list mei besluten wurde troch de foarsitter en de griffier ûndertekene.

Kêst 43

Geheimhâlding

Foar de ôfrin fan de besletten gearkomste beslút de ried neffens kêst 25, it earste lid, fan 'e Gemeentewet oft oangeande de ynhâld fan 'e stikken en it ferhannele it geheimhâlden jilde sil. De ried kin beslute it geheimhâlden op te heffen.

Kêst 44

Opheffen geheimhâlding

As de ried, neffens kêst 25, it tredde en fjirde lid, kêst 55, it twadde en tredde lid of kêst 86, it twadde en tredde lid, fan 'e Gemeentewet fan doel is it geheimhâlden op te heffen wurdt, as dêrom frege wurdt troch it orgaan dat de geheimhâlding oplein hat, yn in besletten gearkomste dêr oerlis mei hâlden.

Kêst 44a

Sluten gearkomste

Nei 't de wurklist en wat dêr mooglik oan taheakke is behannele is, sprekt de foarsitter it neikommende gebed yn it Frysk of yn it Nederlânsk út.

Fryske tekst

Genedige God, wa’t takomt eare, oanbidding en hearlikheid, tank mei Jins Namme hawwe, dat Jo ús bekwaam meitsje woenen ta dit wurk. Lit Jins seine rêste op itjinge wy besluten hawwe. Ferjou ús alles dat net wie neffens Jins hillige wil. Tink sûnder ophâlden oan ús allegearre yn leafde en sjoch ús altyd oan yn ’e Heare Jezus Kristus. Amen.

Nederlandse tekst

Genadige God, wie toekomt ere, aanbidding en heerlijkheid, Uw Naam zij dank, dat Gij ons tot deze arbeid hebt willen bekwamen. Laat Uw zegen rusten op hetgeen door ons is besloten. Vergeef ons alles dat niet was naar Uw heilige wil. Blijf in liefde ons aller gedenken en zie ons steeds aan in de Here Jezus Christus. Amen.

Haadstik 8: taharkers en parse

Kêst 45

Taharkers en parse

  • 1.

    De taharkers en fertsjintwurdigers fan 'e parse kinne allinnich op de foar harren bestimde plakken de iepenbiere gearkomsten bywenje.

  • 2.

    It jaan fan tekens fan goed- of ôfkarren of it op oare wize fersteuren fan 'e oarder is ferbean.

Kêst 45a

Lûd- en byldregistraasjes

Dyjingen dy 't yn 'e gearkomsteseal ûnder de riedsgearkomste lûd- dan wol byldregistraasjes meitsje wolle dogge dêr meidieling fan oan 'e foarsitter en hâlde en drage harren nei syn oanwizings.

Kêst 46

Ferbod brûken mobile tillefoans

Yn 'e gearkomsteseal, derby ynbegrepen de publike tribune, is ûnder de gearkomste it brûken, en ek it 'standby' hâlden fan mobile tillefoans of oare kommunikaasjemiddels, dy 't ynbreuk meitsje kinne op de oarder fan 'e gearkomste, sûnder tastimming fan 'e foarsitter, net tastien.

Kêst 47

Smookferbod

Yn 'e gearkomsteseal mei net smookt wurde.

Haadstik 9: SLOTBEPALINGS

Kêst 48

Utlis reglemint

Yn alle gefallen dêr 't dit reglemint net yn foarsjocht as by twifel oangeande it tapassen fan it reglemint, beslút de ried op útstel fan 'e foarsitter.

Kêst 49

It yngean

  • 1.

    Dit reglemint giet yn op 'e earste dei, folgjend op it ferstriken fan in termyn fan 6 wiken nei it bekend meitsjen.

  • 2.

    Op dat stuit ferfalt it reglemint fan oarder foar de gearkomsten fan 'e ried fan 'e gemeente Ferwerderadiel, fêststeld by riedsbeslút fan 16 desimber 1993 en lykas dat by riedsbeslút fan 20 maart 1997 wizige is.

SA

fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Ferwerderadiel fan 18 april 2002, dêrnei wizige by riedsbeslút fan 15 novimber 2007.

,voorzitter.

,griffier.