Verordening van de gemeenteraad van de gemeente Waadhoeke houdende regels omtrent taal Taaloardering Frysk gemeente Waadhoeke

Geldend van 25-12-2018 t/m heden

Intitulé

Verordening van de gemeenteraad van de gemeente Waadhoeke houdende regels omtrent taal Taaloardering Frysk gemeente Waadhoeke

De rie van de gemeente Waadhoeke;

nei it lêzen fan it foarstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan 30 oktober 2018;

mei it each op kêst 5, earste lid, fan de Wet gebrûk Fryske taal;

BESLUT:

Fêst te stellen de Taaloardering Frysk gemeente Waadhoeke.

Kêst 1 Begrypsbepalingen

Yn dizze oardering wurdt ferstien ûnder: 1. meartaligens: kar foar de Nederlânske of de Fryske taal; 2. bestjoersorganen: de gemeenterie, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de persoanen dy’t ûnder harren ferantwurdlikheid wurkje.

Kêst 2 Taalkar

  • 1. Elkenien kin de Fryske of Nederlânske taal brûke yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei bestjoersorganen.

  • 2. De bestjoersorganen kieze yn begjinsel foar meartaligens.

  • 3. By de taalkar yn in spesifike situaasje hâldt it bestjoersorgaan rekken mei it stribjen om de posysje fan de Fryske taal yn syn wurkgebiet te fersterkjen.

Kêst 3 Skriftlik ferkear

  • 1. Of it moat wêze dat it brûken fan de Nederlânske of Fryske taal foarskreaun is, oars binne bestjoersorganen frij yn de kar oft se in skriftlik stik opstelle yn de Fryske taal of yn de Nederlânske taal of yn beide.

  • 2. De taalkar yn in troch bestjoersorganen ûntfongen stik makket de taalkar út fan troch of út namme fan de bestjoersorganen op te stellen korrespondinsje.

Kêst 4 Oersetregeling

  • 1. As in skriftlik stik yn de Fryske taal opsteld is, jout it bestjoersorgaan op fersyk in oersetting yn de Nederlânske taal.

  • 2. As in stik yn it Nederlânsk opsteld is, jout it bestjoersorgaan op fersyk in oersetting yn it Frysk.

  • 3. De gemeente kin in fergoeding foar it oersetten freegje.

  • 4. De oersettings wurde fergees levere as it giet om:

    • a.

      de notulen fan in gearkomste fan in fertsjintwurdigjend orgaan en:

      • de oanfreger in streekrjocht belang hat by wat notulearre is, of

      • it om it fêststellen fan algemien ferbinende foarskriften of beliedsregels giet; of

    • b.

      as it oer in beslút of hanneling giet dêr’t de oanfreger streekrjocht belanghawwende by is.

  • 5. By ynterpretaasjeferskillen jout de oarspronklike taal de trochslach.

Kêst 5 Mûnling ferkear

  • 1. By mûnlinge kontakten sprekt de ynwenner as soks winske wurdt de taal fan syn of har foarkar. Dat jildt foar sawol kontakten yn de earste as kontakten yn de twadde line. Dat freget fan meiwurkers fan de gemeente in passive behearsking fan it Frysk.

Kêst 6 Belied

  • 1. De gemeente Waadhoeke hat in beliedsplan foar it befoarderjen en boargjen fan de Fryske taal, it Biltsk en dêrby omtinken foar it Frjentsjerters.

  • 2. It kolleezje stelt neiere beliedsregels foar it befoarderjen en boargjen fan ûnder oare de Fryske taal.

Kêst 7 Ridlikheidsklausule

Yn bysûndere omstannichheden dêr’t it tapassen fan de oardering, nei betinken fan it bestjoersorgaan, ta ûnridlikheid laat, kin it bestjoersorgaan motivearre ôfwike fan in beskaat kêst yn de oardering.

Kêst 8 Slotbepalingen

  • 1. Dizze oardering giet yn op dei dei nei’t dy bekendmakke is.

  • 2. Op de dei fan it yngean fan dizze oardering ferfalle de ‘Oardering gebrûk fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear by de gemeente Frjentsjerteradiel’, fan de eardere gemeente Frjentsjerteradiel, ‘Oardering Frysk yn it offisjele ferkear Menameradiel’ fan de eardere gemeente Menameradiel en ‘Oardering oer it brûken fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Littenseradiel’ fan de eardere gemeente Littenseradiel, foar safier’t it gebiet fan de eardere gemeente Littenseradiel oergien is nei de gemeente Waadhoeke.

  • 3. Dizze oardering kin oanhelle wurde as ‘Taaloardering Frysk gemeente Waadhoeke’.

Ondertekening

Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan de gemeenterie op 15 novimber 2018.

De griffier,

De foarsitter,

Algemiene taljochting

Mei it ynfieren fan de Wet gebrûk Fryske taal binne de mooglikheden foar it brûken fan it Frysk yn it (formele) rjochtsferkear en it (formele) bestjoerlik ferkear fersterke. De wet bepaalt yn kêst 2 dat it Frysk en it Nederlânsk oanmurken wurde as de twa offisjele talen fan de provinsje Fryslân.

Frysk as minderheidstaal yn Europeesk perspektyf

Yn ûnderskate ynternasjonale ferdraggen is de posysje fan de Friezen en it Frysk as offisjele taal erkend. Nederlân hat earst it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of minderheidstalen (Trb. 1993, 1 en 199; 1998, 20) oannommen. Mei dat hânfêst hat it Nederlânsk regear him ferplichte om it Frysk as twadde offisjele taal yn de provinsje Fryslân te befoarderjen en yn stân te hâlden. It hânfêst is foar Nederlân op 1 maart 1998 fan krêft wurden. Boppedat hat Nederlân op 16 febrewaris 2005 it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden (Trb. 1995, 73 en 197) ratifisearre. Dat ferdrach is foar ús lân yngien op 1 juny 2005. By it goedkarren fan it wetsfoarstel ta ratifikaasje fan dat ferdrach binne regear en parlemint oerienkommen dat it Ramtferdrach alllinnich fan tapassing wêze sil op de Friezen yn Nederlân. De Wet gebrûk Fryske taal beheint him (dêrom) inkeld ta it Frysk en it Nederlânsk. De oardering beheint him ek ta dy beide offisjele talen.

Oardering en beliedsplan

De Wet gebrûk Fryske taal skriuwt foar dat de yn ’e provinsje Fryslân fêstige bestjoersorganen dy’t net ta de sintrale oerheid hearre, regels opstelle oer it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken en yn it mûnling ferkear (mei-inoar: ‘it bestjoerlik ferkear’). Yn dy regels moatte yn alle gefallen bepalingen stean dy’t rjochte binne op it fersterkjen fan de posysje fan de Fryske taal binnen it wurkgebiet fan it oanbelangjende bestjoersorgaan (kêst 5, earste lid, fan de wet). Foar bestjoersorganen fan gemeenten wurdt dy regeling by oardering fêststeld. Dêrneist moatte de bestjoersorganen in beliedsplan oer it brûken fan de Fryske taal opstelle (kêst 5, twadde lid, fan de wet).